Kristlike needrigens en de needrigens fan Kristus
1Seit it jimme wat, dat jimme as kristenen fermoanne wurde? Jout it wat, dat jimme yn leafde oantreaste wurde? Hawwe jimme mienskip mei de Geast? Betsjutte hertlikens en meilijen noch wat foar jimme? 2Meitsje my dan alhielendal bliid troch ienriedich te wêzen, fol fan deselde leafde, ien fan geast en sin. 3Doch neat út selssucht of opskepperij, mar de iene moat yn needrigens de oare trefliker achtsje as himsels. 4Lit elk foar oar net allinne tinke om syn eigen belangen, mar ek om dy fan oaren.
5Jimme moatte fan itselde betinken wêze as Kristus Jezus.
6Hy hie it stal fan God,
mar Hy hâlde der net mei alle macht oan fêst
om oan God gelyk te bliuwen.
7Nee, Hy hat ynstee Himsels priisjûn troch it stal fan in tsjinstfeint oan te nimmen
en oan de minsken gelyk te wurden.
Se befûnen dat Er yn syn hâlden
en dragen in minske wie.
8Hy hat Himsels fernedere,
mei’t Er reewillich folbrocht hat wat Him oplein wie oant yn ’e dea, de dea oan it krús.
9Dêrom hat God Him ek op it alderheechste plak set
en Him de namme skonken dy’t boppe alle oare útgiet,
10dat troch de namme fan Jezus elk yn ’e himel en op ’e ierde en ûnder de ierde de knibbels bûge soe,
11en God de Heit earje soe troch iepentlik te beliden:
Jezus Kristus is de Hear.
Skine as ljochten yn ’e wrâld
12Myn bruorren, jimme hawwe altiten om sizzen jûn. Wês yn earbiedige freze dwaande mei jimme eigen ferlossing. Doch dat net allinne lykas jimme dwaan soenen as ik by jimme wie, mar no noch nammerste mear, no’t ik net by jimme bin. 13Want God sels is it, dy’t altiten yn jimme oan it wurk is, om’t Er dat yn syn leafde wol. Hy makket dat jimme dwaande wêze wolle en it ek dógge.
14Doch alles sûnder krimmenearjen en iggewearjen, 15dat jimme ûnbesprutsen en ûnbedoarn wêze meie, bern fan God dêr’t neat op te sizzen falt mids in út it lead slein en falsk skaai. Stean tusken harren te blinken as stjerren oan ’e loft, 16mei’t jimme it libbensboadskip omheech hâlde. Dan haw ik wat om grutsk op te wêzen op ’e dei fan Kristus, om’t ik net om ’e nocht draafd en om ’e nocht wrotten en wraamd haw. 17Mar al soe myn bloed fergetten wurde by it offer dat jimme leauwen yn tsjinst fan God bringt, dan bin ik dêr likegoed bliid om, ja ik bin der bliid om mei jimme allegearre. 18Sa moatte jimme ek bliid wêze, ja mei my bliid wêze.
Timóteüs en Epafrodítus
19Yn betrouwen op de Heare Jezus hoopje ik Timóteüs mei gauwens nei jimme ta te stjoeren. Nijs oer jimme te hearren sil my goeddwaan. 20Ik haw ommers net ien dy’t der krektsa oer tinkt as hy en dy’t wierliken noed fan jimme stean sil. 21Want se sykje allegearre har eigen belang en net dat fan Jezus Kristus. 22Hoe’t Timóteüs bewiis levere hat fan syn betrouberens, witte jimme: as in soan mei syn heit, hat er mei my it bliid boadskip tsjinne. 23Him hoopje ik dus fuortynienen te stjoeren sa gau’t ik der klearrichheid oer haw, hoe’t myn saak der foarstiet. 24Mar ik betrou op de Hear, dat ik sels troch syn geunst ek mei gauwens by jimme komme kin.
25Ik moast, tocht my, Epafrodítus no al fêst nei jimme ta stjoere. Hy is myn broer, meiwurker en meistrider, dy’t jimme stjoerd hawwe om my te bringen dêr’t ik ferlet fan hie. 26Hy hie sa’n langst nei jimme allegearre en siet deroer yn noed, dat jimme heard hienen, dat er siik wurden wie. 27Hy hat ek siik west en it op ’e dea ôf helle, mar God hat Him oer him ûntferme, ja, net allinne oer him, mar ek oer my, dat ik net it iene fertriet nei it oare te dragen krije soe. 28Ik set der nammerste mear faasje achter om him te stjoeren, dat jimme bliid wêze meie as jimme him wer sjogge en ik in soarch minder haw. 29Nim him dus op mei alle blydskip as in broer yn ’e Hear en hâld sokken yn eare. 30Want syn wurk foar Kristus hat er hast mei de dea betelle. Hy hat syn libben deroan weage om oan te foljen wat noch ûntbrekke mocht oan jimme tsjinst oan my.