Opskrift
1De iepenbiering dy’t Obadja krige.
Oankundiging fan Gods oardiel oer Edom
Wy hawwe tynge fan de Heare krige
en in boade is ûnder de folken útstjoerd:
Oerein, lit ús op Edom ôfgean om der tsjin te fjochtsjen!
Dit hat God de Heare oer Edom te sizzen:
2Sjoch, Ik meitsje dij lytsman ûnder de folken
en do rekkest slim yn ’e ferachting.
3Dyn eigen grutske hert hat dy op ’e doele brocht,
sast dêr wennest yn ’e rotskleauwen,
yn dyn hege went, en by dysels seist:
Wa soe my ûnder op ’e grûn krije kinne?
4Al nestelest sa heech as de gier,
al makkest dyn nêst tusken de stjerren,
Ik sil dy dêrwei nei ûnderen smite,
– is de godsspraak fan de Heare.
5As dieven by dy ynkrongen wienen of rovers by nacht,
– o wat wurdsto oeral helle! –
dy hienen grif allinne mar stellen,
wat fan har gading wie.
As druvesikers by dy ynkrongen wienen,
dy hienen grif wat sitte litten foar it neiplôkjen.
6O, wat wurdt Ezau útrûpele,
wat wurde syn skatkeamers neisjoen!
7Al dyn bûnsmaten sette dy de grins oer,
dyn goefreonen ferrifelje dy, se binne dy oermânsk;
dy’t dyn brea ieten, sette in strûp foar dy út.
Ferstân sil der net mear wêze yn Edom.
8Want dy deis – is de godsspraak fan de Heare –
sil Ik sûnder mis de wizen fan Edom ferdwine litte
en it ferstân út it berchlân fan Ezau.
9Dan sil dyn striders de skrik sà op ’e lea slaan, Teman,
dat alleman út it berchlân fan Ezau útroege wurdt.
De skuld fan Edom foar Israel oer
10Om de moard,
om it geweld, dyn broer Jakob oandien,
sil der skande oer dy komme
en silst foar ivich útroege wurde.
11De deis datsto fansiden stean bleaun bist,
doe’t frjemden syn rykdommen fuorttôgen
en útlanners ta syn poarten ynkrongen
en om Jeruzalem lotten,
doe wiesto dêr mandélich oan.
12Do hiest net spytgnyskje moatten om ’e dei fan dyn broer
de deis fan syn ellinde,
gjin wille hawwe moatten om Juda’s soannen
de deis fan har ûndergong.
Do hiest gjin steil wurd hawwe moatten de deis dat it der need om wei gong.
13Do hiest net yn ’e poarte fan myn folk komme moatten
de deis fan har ûngelok.
Do hiest net spytgnyskje moatten – krekt do net! – om syn ûnheil de deis fan syn ûngelok.
Do hiest mei de hannen fan syn rykdommen ôfbliuwe moatten de deis fan syn ûngelok.
14Do hiest net op ’e fjouwersprongen stean moatten om syn flechtlingen op te heinen
en syn oerbleaunen út te leverjen op ’e dei dat it der need om wei gong.
15Ja, de dei fan de Heare is nei-oan,
dy komt oer alle folken:
sasto dien hast, sa wurdt dij dan werom dien,
do silst lean nei wurken krije.
16Want lykas jimme dronken hawwe op myn hillige berch,
sa sille alle folken sûnder ophâlden drinke;
hja sille drinke en swolgje,
se sille wêze, as hienen se der noait west.
Israel komt der wer boppe-op
17Mar op ’e berch Sion sille wêze,
dy’t ûntkommen binne:
it sil in hillichdom wêze
en it folk fan Jakob sil syn eigendommen wer yn besit nimme.
18It folk fan Jakob sil in fjoer wêze
en it folk fan Joazef in lôge;
it folk fan Ezau sil in striebult wurde;
dy sille se yn ’e brân stekke, dat it fjoer him fertart
en der net ien oerbliuwt fan it Ezau-folk,
want de Heare hat sprutsen.
19Dan sil it Suderlân it berchlân fan Ezau besette en it Leechlân it lân fan ’e Filistinen. Se sille it lân fan Efraïm en it lân fan Samaria besette en Benjamin sil Gileäd besette. 20De ballingen fan Galach, foar safier’t it Israeliten binne, sille it Kanaänityske lân besette oan Sarefat ta. En de ballingen fan Jeruzalem, dy’t yn Sefarad binne, sille de stêden fan it Suderlân besette. 21Befrijers sille de berch Sion opgean om it rjocht yn hannen te nimmen oer it berchlân fan Ezau, en de keninklike hearskippij sil de Heare sines wêze.