It fyfte fizioen: de timpel ferrinnewearre
1Ik seach de Hear by it alter stean. Hy sei:
Slach de kop fan ’e pylder,
dat de balken beevje;
brek se stikken op ’e hollen fan har allegearre;
wa’t fan harren oerbliuwt, bring Ik mei it swurd om hals;
gjinien fan har sil fuortkomme kinne,
gjinien fan har sil rêden wurde.
2Al kringe se it deaderyk yn,
myn hân sil har dêr weihelje;
al klimme se nei de himel op,
Ik sil har dêr weihelje;
3al krûpe se ferside op ’e top fan ’e Karmel,
Ik kom har op it spoar en helje har derwei;
al ferskûlje se har foar myn eagen op ’e boaiem fan ’e see,
Ik sil de seeslange dêr oansizze har te biten.
4Ja, al geane se as kriichsgefangenen foar har fijannen út,
Ik sil it swurd oansizze har om hals te bringen;
Ik sil it each op harren hâlde
ta har ûngelok en net foar har bêst.
De grutte Rjochter
5De Heare is de Almachtige God, –
Hy rekket de ierde oan en dy raant
en dy’t der op wenje sitte yn ’e rou.
De grûn komt oan alle kanten opsetten as de Nyl
en sakket wer del as de rivier fan Egypte.
6Hy is it, dy’t syn hege sealen yn ’e himel bout
en syn ferwulft op ’e ierde fundearret.
Hy is it, dy’t it wetter fan ’e see ropt
en it oer de ierde útjit,
Heare is syn namme!
Utferkiezing gjin frijbrief om te sûndigjen
7Steane de Etiopiërs My net like nei as jimme, Israeliten? – is de godsspraak fan de Heare.
Haw ik, dy’t Israel út Egypte helle,
net likegoed de Filistinen út Kaftor helle
en de Arameeërs út Kir?
8Tink derom, de eagen fan God de Heare
sjogge dit sûndige keninkryk wol foargoed
en Ik sil it fan ’e ierdboaiem weidwaan.
Lykwols, Ik sil it folk fan Jakob net hielendal weidwaan
– is de godsspraak fan de Heare.
9Want sjoch, as Ik bestel jou,
skodzje Ik it folk fan Israel troch alle heidenfolken hinne,
sa’t der mei in souwe skodde wurdt,
sûnder dat der in stientsje op ’e grûn falt.
10Sa sille alle sûnders fan myn folk deareitsje troch it swurd,
al sizze se no: ‘Jo sille ús net tenei komme,
it ûnheil komt net oan ús ta!’
De heilsbelofte
11Dy deis set Ik de ynfallene hutte fan David wer op,
Ik meitsje de gatten ticht;
wat ynstoart wie, set Ik wer oerein
en Ik sil him wer opbouwe as yn âlde tiden.
12Dan meie se yn erflik besit nimme wat der noch oer is fan Edom
en fan alle oare folken dy’t op myn namme steane
– is de godsspraak fan de Heare –
en Hy docht it.
13Ja, der komme dagen – is de godsspraak fan de Heare –
dat de ploeger al oan ’e slach gean kin,
as de sichter noch mar amper dien hat,
en de druvetraper, as de siedder amper klear is;
dan sille de bergen drippe fan druvesop,
dat it by de hichten delrint.
14Dan bring Ik in omkear yn it lot fan myn folk Israel,
hja sille de ferrinnewearre stêden wer opbouwe en der wenje;
wynikkers oanlizze en dêr de wyn fan drinke,
hôven oanlizze en dêr de frucht fan ite.
15Ik sil harren plantsje yn har eigen grûn
en dan sille se noait wer weiskuord wurde
út ’e grûn dy’t Ik harren jûn haw, seit dyn God, de Heare.