Gods opdracht
1De Heare liet Jona, de soan fan Amittai, dit wurd takomme: 2Jou dy op ’en paad, gean nei Ninevé, dy grutte stêd, en sis har oan, dat de ferkeardens by harren sa heech oprûn is, dat Ik it net oer de holle sjen kin.
3En Jona joech him op ’en paad, mar om fuort te kommen nei Tarsjisj en út ’e tsjinst fan de Heare wei. Dat hy sette nei Jafo, dêr’t er in skip fûn, dat nei Tarsjisj soe. Hy betelle de reiskosten en gong oan board om mei nei Tarsjisj te farren, út ’e tsjinst fan de Heare wei.
Stoarm op see
4Mar de Heare slingere in fûle wyn op ’e see en der stuts in swiere stoarm op, sa slim, dat it skip stie op brekken. 5Doe waarden de seelju bang en elk rôp syn eigen god oan. Se smieten it guod fan it skip yn see om it lichter te meitsjen. Mar Jona hie him ûnder yn it skip sakje litten. Dêr hied er him deljûn en wie fêst yn ’e sliep rekke.
6Doe gong de skipper nei him ta en sei: Man, hoe krije jo it yn ’e holle en lis hjir sa te sliepen? Kom oerein en rop leaver jo God oan; miskien dat dy om ús tinkt en wy net fergeane.
Jona syn skuld komt út
7De seelju seinen tsjin inoar: Kom, lit ús derom lotsje. Dan kinne wy derachter komme, om wa’t it is, dat dizze ramp oer ús komt! Se lotten en it lot foel op Jona. 8Doe fregen se him: Sis op, man, wat hawwe jo by de ein? Wêr komme jo wei? Ut wat lân en fan wat folk binne jo ien? 9Hy antwurde: Ik bin in Hebreeër, ik ferearje de Heare, de God fan ’e himel, dy’t de see en it lân makke hat. 10Doe waarden dy mannen stjerrende benaud en seinen tsjin him: Hoe koenen jo soks dwaan? Want se wisten dat er útnaaid wie, út ’e tsjinst fan de Heare wei, want dat hied er harren ferteld.
11Hja fregen him doe: Hoe moatte wy mei jo oan, dat de see him deljout en wy der gjin lêst mear fan hawwe? – Want de see waard hieltyd wylder. 12Hy sei tsjin harren: Krij my mar op en smyt my yn see, dan sil de see him deljaan, dat jimme der gjin lêst mear fan hawwe. Want ik wit skoan, dat it om my is, dat dizze swiere stoarm tsjin jimme opstutsen is. 13Wol besochten de mannen roeiendewei oan wâl te slagjen, mar se koenen it net rêde, want de see gong hieltyd wylder tsjin harren te kear.
14Doe rôpen se de Heare oan en seinen: Och Heare, lit ús dochs net fergean om dizze man syn libben en rekkenje ús gjin ûnskuldich bloed oan; Jo, Heare, hawwe it ommers sels sa hawwe wollen! 15Doe krigen se Jona op en smieten him yn see. Mèi joech de razende see him del. 16Sa krigen dy mannen grut ûntsach foar de Heare; se brochten Him offers, want se hienen geloften dien.