Numeri 9
It twadde Peaske
1It wie yn de earste moanne fan it twadde jier nei de úttocht út Egypte, dat de Heare yn ’e woestyn Sinai tsjin Mozes sei: 2De Israeliten moatte op ’e stelde tiid Peaske hâlde. 3De fjirtjinde deis fan dy moanne, yn ’e skimerjûn, moatte jimme it reemeitsje op ’e tiid dy’t dêrfoar steld is, alhiel neffens de foarskriften en de regels dy’t dêrfoar jilde. 4Doe sei Mozes tsjin ’e Israeliten, dat se it Peaske reemeitsje moasten. 5Sa makken se it Peaske ree yn ’e woestyn Sinai op ’e fjirtjinde dei fan ’e earste moanne yn ’e skimerjûn; krekt sa’t de Heare it Mozes foarskreaun hie, sa dienen de Israeliten it. 6No wienen der guon dy’t ûnrein wurden wienen mei’t se by in lyk west hienen, en dus dy deis gjin Peaske hâlde koenen. Sadwaande kamen dy mannen dyselde deis by Mozes en Aäron 7en seinen: Wy binne ûnrein wurden mei’t wy by in deade west hawwe. Mar moatte wy no dêrom achterútset wurde, dat wy op ’e stelde tiid ús jefte net foar de Heare bringe meie, tagelyk mei de oare Israeliten? 8Doe sei Mozes tsjin harren: Wachtsje hjir mar, dan sil ik hearre wat de Heare jim yn dit gefal foarskriuwt.
9De Heare spriek Mozes oan en sei: 10Sis tsjin ’e Israeliten: Wannear’t immen ûnrein is mei’t er by in deade west hat of op in fiere reis is, dan moat er lykwols it Peaske foar de Heare hâlde. Dat jildt foar jimme en foar jim neigeslacht. 11Se moatte it dan hâlde op ’e fjirtjinde fan ’e twadde moanne yn ’e skimerjûn; en se moatte it ite mei ûnsuorre koeken en bittere krûden. 12Se meie der neat fan oerhâlde foar de oare moarns en der mei gjin bonke fan brutsen wurde; krekt sa’t it foar it gewoane Peaske foarskreaun is, sa moat it ek hâlden wurde. 13Mar as immen fersommet Peaske te hâlden wylst er wol rein is en net op reis, dy persoan moat út syn folk útroege wurde, want hy hat de wijjefte foar de Heare net brocht op ’e tiid, dy’t dêr foar steld is. Sa’n ien moat de gefolgen fan syn sûnde drage. 14Frjemdlingen dy’t by jimme tahâlde en it Peaske foar de Heare fiere, dy moatte de foarskriften en regels fan datoangeande yn acht nimme. Ien-en-itselde foarskrift jildt foar allegearre, foar de frjemdling likegoed as foar de eigen lânsman.
De wolk
15De deis dat de tintwenning, dy’t as tinte foar de ferbûnsakte tsjinst die, opset waard, waard er troch in wolk bedutsen. De jûns like it, as hong der in fjoer boppe. En dat bleau sa oan ’e moarntiid ta. 16Sa wie it hieltyd wer: de wolk bediek him, mar nachts like dy fan fjoer te wêzen. 17Safaak as de wolk him opjoech boppe de tinte wei, sa faak brieken de Israeliten fuort op. En op it plak dêr’t de wolk him deljoech, dêr legeren de Israeliten har. 18Op oanwizing fan de Heare brieken de Israeliten op en op oanwizing fan de Heare legeren se har wer. Salang’t de wolk boppe de tintwenning hong, salang bleauwen se ek yn it kamp. 19En as de wolk dagen oanien boppe de tintwenning hong, dan hâlden de Israeliten har oan dy oanwizing fan de Heare en brieken net op. 20De iene kear bleau de wolk mar in deimannich boppe de tintwenning; dan legeren se har dêr, sa’t de Heare it oanwiisde, en op oanwizing fan de Heare brieken se ek wer op. 21In oare kear bleau de wolk dêr mar fan ’e jûns oant de oare moarns. Sagau’t dan dy moarns de wolk him opjoech, brieken sij ek op. Oft it no by dei wie of by nacht: as de wolk him opjoech, dan brieken sij ek op. 22Likefolle oft it no twa dagen, in moanne, of noch langer duorre: salang’t de wolk boppe de tintwenning hong, sa lang bleauwen de Israeliten yn it kamp en brieken net op. Dat dienen se net earder, as dat de wolk him opjoech. 23Op oanwizing fan de Heare legeren se har en op oanwizing fan de Heare brieken se wer op: de oanwizings, dy’t de Heare har troch de tsjinst fan Mozes joech, dêr hâlden se har oan.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap