De twa sulveren trompetten
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Lit dy no twa trompetten meitsje fan dreaun sulverwurk en brûk se om de mienskip byinoar te roppen en de legers opbrekke te litten. 3Wurdt der op beide trompetten blaasd, dan moat de hiele mienskip by dy gearkomme oan de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting. 4Wurdt der mar op ien blaasd, dan moatte de foarmannen by dy gearkomme, de lieders fan Israels tûzenskippen. 5By it earste alarmsynjaal moatte de legerkampen op it easten opbrekke. 6By it twadde moatte dy op it suden opbrekke. Alle kearen dat se opbrekke moatte, moat earst it alarmsynjaal jûn wurde. 7Foar it byinoarroppen fan ’e gemeente wurdt der wol op ’e trompet blaasd, mar gjin alarmsynjaal jûn. 8It blazen op ’e trompetten is it wurk fan ’e prysters, de soannen fan Aäron; dat is in foarskrift de tiden troch oant yn jim fierste geslachten. 9As jimme yn jim lân de striid oangeane tsjin in fijân, dy’t jim derûnder hâlde wol, dan moatte jimme it alarmsynjaal jaan op ’e trompetten. Dan sille jimme de Heare, jimme God, yn ’t sin komme en fan jimme fijannen ferlost wurde. 10Ek op dagen fan blydskip: op ’e stelde heechtijdagen en by nije moanne moat der by jimme brânoffers en jimme frede-offers op ’e trompetten blaasd wurde. Want sa sille jim by jimme God yn oantinken bliuwe. Ik bin de Heare, jimme God.
De stammen brekke op
11It wie yn it twadde jier, op ’e tweintichste dei fan ’e twadde moanne, dat de wolk him opjoech boppe de tintwenning mei de ferbûnsakte wei. 12Doe brieken de Israeliten op út ’e woestyn Sinai, yn ’e folchoarder sa’t dy foarskreaun wie. Yn ’e woestyn Paran bleau de wolk hingjen. 13Dat wie de earste kear dat se opbrieken op oanwizing fan de Heare, sa’t Mozes dy oerbrocht. 14De legerôfdielings dy’t by it findel fan it kamp fan ’e Judeeërs hearden, brieken earst op. It leger fan Juda ûnder Nachsjon, de soan fan Amminadab. 15It leger fan ’e stam fan ’e Issaskariten ûnder Netanel, de soan fan Sûar. 16En dat fan ’e stam fan ’e Sebûloniten stie ûnder Eliab, de soan fan Chelon. 17Dêrop waard de tintwenning ôfbrutsen en brieken de Gersjoniten en Merariten op, dy’t ek de tintwenning droegen. 18Doe brieken de legerôfdielings op, dy’t by it findel fan it kamp fan Rûben hearden. It leger fan Rûben stie ûnder Elisûr, de soan fan Sjedeûr. 19It leger fan ’e stam fan ’e Simeöniten ûnder Sjelûmiël, de soan fan Sûrisjaddai. 20En dat fan ’e stam fan ’e Gaditen ûnder Elisaf, de soan fan Reûël. 21Doe brieken de Kehatiten op, dy’t de hillige dingen droegen. Ear’t se te plak wienen, hienen de oaren de tintwenning al wer opset. 22Dêrnei brieken de legerôfdielings op, dy’t by it findel fan it kamp fan ’e Efraïmiten hearden. It leger fan Efraïm stie ûnder Elisjama, de soan fan Ammihûd. 23It leger fan ’e stam fan ’e Manassiten ûnder Gamliël, de soan fan Pedasûr. 24En dat fan ’e stam fan ’e Benjaminiten ûnder Abidan, de soan fan Gidony. 25Dêrnei brieken de legerôfdielings op dy’t by it findel fan it kamp fan ’e Daniten hearden, de achterhoede fan it hiele leger. It leger fan Dan stie ûnder Achiëzer, de soan fan Ammisjaddai. 26It leger fan ’e stam fan ’e Azeriten ûnder Pagiël, de soan fan Okran. 27En dat fan ’e stam fan ’e Naftaliten ûnder Achira, de soan fan Enan. 28Yn dy folchoarder brieken de legerôfdielings fan ’e Israeliten op.
Mozes freget Chobab om mei
29Mozes sei tsjin Chobab, de soan fan Rehûël, de Midjanyt, Mozes syn skoanheit: Wy reizgje nei it plak dat de Heare ús tasein hat. Gean mei, en wy sille jimme goed dwaan, want de Heare hat Israel alle goeds tasein. 30Mar hy sei tsjin him: Nee, ik sil net mei, ik wol wer nei yn eigen lân en sibbe. 31Mozes sei: Gean dochs net by ús wei, want jo witte wêr’t wy yn ’e woestyn ús kamp opslaan kinne. Jo sille in gids mei goede eagen foar ús wêze. 32As jo meigeane, dan sil it sà komme: it goede dat de Heare ús docht, dat sille wy jo ek dwaan.
33Sa brieken se op fan ’e berch fan de Heare. Se makken in reis fan trije dagen en de ferbûnsarke fan de Heare gong foar harren út, in reis fan trije dagen om in plak te sykjen dêr’t se rêste koenen.
34Deis as se opbrieken hong de wolk fan de Heare boppe harren. 35Alle kearen dat de arke opbriek, sei Mozes:
Gean oerein Heare, lit jo fijannen fersille wurde
en jo haters foar Jo op ’e flecht gean.
36En as de arke wer rêste, sei er:
Kom werom, Heare,
by de tsientûzen kear tûzen fan Israel.