Numeri 8
De ljochter
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Sis tsjin Aäron: Do moatst de lampen sà delsette, dat by alle sân it ljocht foar de ljochter falt. 3Dat die Aäron en hy sette de lampen sà, dat it ljocht foar de ljochter foel, krekt sa’t de Heare it Mozes hjitten hie. 4De ljochter mei stander en blomwurk wie in wurkstik fan dreaun goud. Alhiel neffens it model dat de Heare Mozes sjen litten hie, sa hie dy him makke.
De wijing fan ’e Leviten
5De Heare sei tsjin Mozes: 6Set de Leviten apart fan de oare Israeliten en suverje se. 7Dat suverjen moatsto sà dwaan: Se earst mei suveringswetter besprinkelje. As se har neitiid it hiele lichem skeard hawwe en de klean wosken hawwe, dan binne se rein. 8Se moatte dan in jonge interbolle nimme mei it moaloffer dat derby heart: fyn moal mei oalje oanmongen. Sels moatsto dan ek in interbolle nimme as sûnde-offer. 9Lit dan de Leviten foar de tinte fan ’e moeting komme en rop de hiele mienskip fan ’e Israeliten yn gearkomste byinoar. 10Asto dan de Leviten foar de Heare komme litten hast, moatte de Israeliten harren de hannen oplizze. 11Ut namme fan ’e Israeliten moat Aäron harren dan earbiedich oan de Heare opdrage; dêrmei binne se wijd om de tsjinst foar de Heare waar te nimmen. 12Dan moatte de Leviten de beide bollen de hannen op ’e kop lizze; de iene wurdt dan as sûnde-offer en de oare as brânoffer offere om foar de Leviten by de Heare fersoening te dwaan. 13Set dan de Leviten foar Aäron en syn soannen en draach har earbiedich oan de Heare op.
14Sa moatsto de Leviten ôfsûnderje út it folk Israel en sa sille se mines wêze. 15Earst dan meie de Leviten komme om tsjinst te dwaan by de tinte fan ’e moeting, asto se suvere hast en earbiedich oan de Heare opdroegen. 16Want hja binne My folslein ta myn foldwaan jûn út it fermidden fan ’e Israeliten. Foar al wat de memmeskurte it earst ûntslút, foar de earstlingssoannen fan Israel yn it plak, haw Ik har foar Mysels ornearre. 17Want Mines binne alle earstlingssoannen yn Israel, sawol dy fan ’e minsken as dy fan ’e bisten; doe’t Ik alle earstlingssoannen yn Egypte sloech, haw Ik dy Mysels tawijd; 18en de Leviten haw Ik nommen foar alle earstlingssoannen fan ’e Israeliten yn ’t plak. 19Ik haw se Aäron en syn soannen tawiisd, midden út ’e Israeliten, om foar de Israeliten de tsjinst yn ’e tinte fan ’e moeting waar te nimmen en om foar harren fersoening te dwaan. Dan sil de Israeliten dea noch driging mear wanke, as se al te ticht by it hillichdom komme.
20Mozes en Aäron en de hiele mienskip fan ’e Israeliten dienen mei de Leviten krekt sa’t de Heare it Mozes opdroegen hie. Sa dienen se it: 21De Leviten suveren harsels, wosken de klean en Aäron droech har earbiedich oan de Heare op: Hy die foar har fersoening by God en suvere har. 22Dêrnei gongen de Leviten har tsjinst by de tinte fan ’e moeting oan ûnder tafersjoch fan Aäron en syn soannen. Alles wat de Heare Mozes oangeande de Leviten opdroegen hie, sa dienen se it ek.
De tsjinsttiid fan ’e Leviten
23De Heare sei tsjin Mozes: 24Foar de Leviten jildt ditte: Wa’t fiifentweintich jier is of âlder, dy moat opkomme om syn tsjinstplicht by de tinte fan ’e moeting te folbringen. 25Mar wa’t fyftich jier is, dy lûkt him werom, hy is frij fan tsjinst. 26Hy mei syn bruorren dan noch wol wat hantlangje en wachthâlde yn ’e tinte fan ’e moeting, mar it gewoane tsjinstwurk is er dan frij fan. Sa moatsto it wurk fan ’e Leviten regelje.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap