Jeften by de ynwijing fan ’e tintwenning
1Doe’t Mozes klear wie mei it opsetten fan ’e tintwenning, salve en hillige hy dy mei alle guod dat derby hearde en it alter mei alle tabehearren. Nei dy salving en hilliging 2kamen de foarmannen fan Israel, de famylje-haden, de lieders fan ’e stammen – hja wienen it dy’t holpen hienen by de telling – 3en brochten har wijjeften foar de Heare: seis ferdekte weinen en tolve kij: ien wein foar elke twa foarmannen en ien ko foar elke foarman. Dy brochten se foar de tintwenning. 4De Heare sei tsjin Mozes: 5Nim dy wijjeften fan har oan; se kinne tsjinje foar it wurk by de tinte fan ’e moeting; jou se de leviten ta har foldwaan, al nei’t it wurk freget. 6Sa naam Mozes de weinen en de kij en joech se de leviten ta har foldwaan. 7Twa weinen en fjouwer kij joech er de Gersjoniten ta har foldwaan, al nei’t har wurk it frege. 8Fjouwer weinen en acht kij joech er de Merariten ta har foldwaan, al nei’t har wurk it frege, dat se ûnder lieding fan Itamar, de soan fan pryster Aäron, dwaan moasten. 9De Kehatiten joech er neat, want dy wie de tsjinst yn it hillichdom opdroegen en dy moasten alles op it skouder drage.
10Doe’t it alter salve wie, kamen de foarmannen mei ynwijingsjeften. Se brochten dy foar it alter. 11De Heare sei tsjin Mozes: Lit elke dei ien foarman mei syn offerjeften foar de ynwijing fan it alter komme. 12De man dy’t op ’e earste dei syn wijjefte brocht, wie Nachsjon, de soan fan Amminadab, fan ’e stam Juda. 13Dy wijjefte bestie út: in sulveren skûtel mei in gewicht fan hûnderttritich sikkel, in sulveren offerskaal fan santich sikkel – yn sikkels fan it hillichdom –, beide fol fyn moal mei oalje oanmongen as moaloffer; 14in gouden panne fan tsien sikkel, fol wijreek; 15ien interbolle, ien raam, in mantsje-laam ûnder it jier, as brânoffer; 16ien geitebok as sûnde-offer; 17en as frede-offer twa kij, fiif rammen, fiif bokken, fiif lammen ûnder it jier. Dat wie de wijjefte fan Nachsjon, de soan fan Amminadab.
18Op ’e twadde dei brocht Netanel, de soan fan Sûar, de foarman fan Issaskar syn wijjefte. 19De wijjefte dy’t hy brocht bestie út: in sulveren skûtel mei in gewicht fan hûnderttritich sikkel, in sulveren offerskaal fan santich sikkel – yn sikkels fan it hillichdom –, beide fol fyn moal mei oalje oanmongen as moaloffer; 20in gouden panne fan tsien sikkel, fol wijreek; 21ien interbolle, ien raam, in mantsje-laam ûnder it jier, as brânoffer; 22ien geitebok as sûnde-offer; 23en as frede-offer twa kij, fiif rammen, fiif bokken, fiif lammen ûnder it jier. Dat wie de wijjefte fan Netanel, de soan fan Sûar.
24Op ’e tredde dei kaam de foarman fan ’e Sebûloniten, Eliab, de soan fan Chelon. 25De wijjefte dy’t hy brocht, bestie út: in sulveren skûtel mei in gewicht fan hûnderttritich sikkel, in sulveren offerskaal fan santich sikkel – yn sikkels fan it hillichdom –, beide fol fyn moal mei oalje oanmongen as moaloffer; 26in gouden panne fan tsien sikkel, fol wijreek; 27ien interbolle, ien raam, in mantsje-laam ûnder it jier, as brânoffer; 28ien geitebok as sûnde-offer; 29en as frede-offer twa kij, fiif rammen, fiif bokken, fiif lammen ûnder it jier. Dat wie de wijjefte fan Eliab, de soan fan Chelon.
30Op ’e fjirde dei kaam de foarman fan ’e Rûbeniten, Elisûr, de soan fan Sjedeûr. 31De wijjefte dy’t hy brocht, bestie út: in sulveren skûtel mei in gewicht fan hûnderttritich sikkel, in sulveren offerskaal fan santich sikkel – yn sikkels fan it hillichdom –, beide fol fyn moal mei oalje oanmongen as moaloffer; 32in gouden panne fan tsien sikkel, fol wijreek; 33ien interbolle, ien raam, in mantsje-laam ûnder it jier, as brânoffer; 34ien geitebok as sûnde-offer; 35en as frede-offer twa kij, fiif rammen, fiif bokken, fiif lammen under it jier. Dat wie de wijjefte fan Elisûr, de soan fan Sjedeûr.
36Op ’e fyfte dei kaam de foarman fan ’e Simeöniten, Sjelûmiël, de soan fan Sûri-sjaddai. 37De wijjefte dy’t hy brocht, bestie út: in sulveren skûtel mei in gewicht fan hûnderttritich sikkel, in sulveren offerskaal fan santich sikkel – yn sikkels fan it hillichdom –, beide fol fyn moal mei oalje oanmongen as moaloffer; 38in gouden panne fan tsien sikkel, fol wijreek; 39ien interbolle, ien raam, in mantsje-laam ûnder it jier, as brânoffer; 40ien geitebok as sûnde-offer; 41en as frede-offer twa kij, fiif rammen, fiif bokken, fiif lammen ûnder it jier. Dat wie de wijjefte fan Sjelûmiël, de soan fan Sûri-sjaddai.
42Op ’e sechste dei kaam de foarman fan ’e Gaditen, Eljasaf, de soan fan Deûël. 43De wijjefte dy’t hy brocht, bestie út: in sulveren skûtel mei in gewicht fan hûnderttritich sikkel, in sulveren offerskaal fan santich sikkel – yn sikkels fan it hillichdom –, beide fol fyn moal mei oalje oanmongen as moaloffer; 44in gouden panne fan tsien sikkel, fol wijreek; 45ien interbolle, ien raam, in mantsje-laam ûnder it jier, as brânoffer; 46ien geitebok as sûnde-offer; 47en as frede-offer twa kij, fiif rammen, fiif bokken, fiif lammen ûnder it jier. Dat wie de wijjefte fan Eljasaf, de soan fan Deûël. 48Op ’e sânde dei kaam de foarman fan ’e Efraïmiten, Elisjama, de soan fan Ammihûd. 49De wijjefte dy’t hy brocht, bestie út: in sulveren skûtel mei in gewicht fan hûnderttritich sikkel, in sulveren offerskaal fan santich sikkel – yn sikkels fan it hillichdom –, beide fol fyn moal mei oalje oanmongen as moaloffer; 50in gouden panne fan tsien sikkel, fol wijreek; 51ien interbolle, ien raam, in mantsje-laam ûnder it jier, as brânoffer; 52ien geitebok as sûnde-offer; 53en as frede-offer twa kij, fiif rammen, fiif bokken, fiif lammen ûnder it jier. Dat wie de wijjefte fan Elisjama, de soan fan Ammihûd.
54Op ’e achtste dei kaam de foarman fan ’e Mannassiten, Gamliël, de soan fan Pedasûr. 55De wijjefte dy’t hy brocht, bestie út: in sulveren skûtel mei in gewicht fan hûnderttritich sikkel, in sulveren offerskaal fan santich sikkel – yn sikkels fan it hillichdom –, beide fol fyn moal mei oalje oanmongen as moaloffer; 56in gouden panne fan tsien sikkel, fol wijreek; 57ien interbolle, ien raam, in mantsje-laam ûnder it jier, as brânoffer; 58ien geitebok as sûnde-offer; 59en as frede-offer twa kij, fiif rammen, fiif bokken, fiif lammen ûnder it jier. Dat wie de wijjefte fan Gamliël, de soan fan Pedasûr.
60Op ’e njoggende dei kaam de foarman fan ’e Benjaminiten, Abidan, de soan fan Gidony. 61De wijjefte dy’t hy brocht, bestie út: in sulveren skûtel mei in gewicht fan hûnderttritich sikkel, in sulveren offerskaal fan santich sikkel – yn sikkels fan it hillichdom –, beide fol fyn moal mei oalje oanmongen as moaloffer; 62in gouden panne fan tsien sikkel, fol wijreek; 63ien interbolle, ien raam, in mantsje-laam ûnder it jier, as brânoffer; 64ien geitebok as sûnde-offer; 65en as frede-offer twa kij, fiif rammen, fiif bokken, fiif lammen ûnder it jier. Dat wie de wijjefte fan Abidan, de soan fan Gidony.
66Op ’e tsiende dei kaam de foarman fan ’e Daniten, Achiëzer, de soan fan Ammisjaddai. 67De wijjefte dy’t hy brocht, bestie út: in sulveren skûtel mei in gewicht fan hûnderttritich sikkel, in sulveren offerskaal fan santich sikkel – yn sikkels fan it hillichdom –, beide fol fyn moal mei oalje oanmongen as moaloffer; 68in gouden panne fan tsien sikkel, fol wijreek; 69ien interbolle, ien raam, in mantsje-laam ûnder it jier, as brânoffer; 70ien geitebok as sûnde-offer; 71en as frede-offer twa kij, fiif rammen, fiif bokken, fiif lammen ûnder it jier. Dat wie de wijjefte fan Achiëzer, de soan fan Ammisjaddai.
72Op ’e alfte dei kaam de foarman fan ’e Aseriten, Pagiël, de soan fan Okran. 73De wijjefte dy’t hy brocht, bestie út: in sulveren skûtel mei in gewicht fan hûnderttritich sikkel, in sulveren offerskaal fan santich sikkel – yn sikkels fan it hillichdom –, beide fol fyn moal mei oalje oanmongen, as moaloffer; 74in gouden panne fan tsien sikkel, fol wijreek; 75ien interbolle, ien raam, in mantsje-laam ûnder it jier, as brânoffer; 76ien geitebok as sûnde-offer; 77en as frede-offer twa kij, fiif rammen, fiif bokken, fiif lammen ûnder it jier. Dat wie de wijjefte fan Pagiël, de soan fan Okran.
78Op ’e tolfte dei kaam de foarman fan ’e Naftaliten, Achira, de soan fan Enan. 79De wijjefte dy’t hy brocht, bestie út: in sulveren skûtel mei in gewicht fan hûnderttritich sikkel, in sulveren offerskaal fan santich sikkel – yn sikkels fan it hillichdom –, beide fol fyn moal mei oalje oanmongen, as moaloffer; 80in gouden panne fan tsien sikkel, fol wijreek; 81ien interbolle, ien raam, in mantsje-laam ûnder it jier, as brânoffer; 82ien geitebok as sûnde-offer; 83en as frede-offer twa kij, fiif rammen, fiif bokken, fiif lammen ûnder it jier. Dat wie de wijjefte fan Achira, de soan fan Enan.
84Dat wienen de ynwijingsjeften dy’t Israels foarmannen by de salving fan it alter joegen: tolve sulveren skûtels, tolve sulveren offerskalen en tolve gouden pannen. 85Elke sulveren skûtel hie in gewicht fan hûnderttritich sikkel, elke offerskaal santich sikkel. Alles mei-inoar hie dat reau in gewicht fan 2400 sikkel oan sulver – yn sikkels fan it hillichdom. 86De tolve gouden pannen fol wijreek, hienen elk in gewicht fan tsien sikkel – yn sikkels fan it hillichdom. It goud fan ’e pannen hie mei-inoar in gewicht fan hûnderttweintich sikkel. 87Alle fee foar de brânoffers wie mei-inoar tolve bollen, tolve rammen, tolve lammen ûnder it jier, en dan noch de moaloffers dy’t derby hearden en de tolve geitebokken foar de sûnde-offers. 88Oan fee foar de frede-offers wie der mei-inoar fjouwerentweintich bollen, sechstich rammen, sechstich bokken en sechstich lammen ûnder it jier. Dat wienen de ynwijingsjeften foar it alter, nei’t dat salve wie.
Hoe’t de Heare mei Mozes spriek
89As Mozes de tinte fan ’e moeting yngong om mei Him te sprekken, dan hearde er de stim dy’t ta him spriek tusken de beide kearûb-ingels wei. Dy stienen boppe op it soendeksel fan ’e arke mei de ferbûnsakte. Sa spriek Er tsjin him.