Regels foar it nazireeërskip
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Sis tsjin ’e Israeliten: Bywannear’t in man of in frou in útsûnderlike gelofte docht om him- of harsels as nazireeër de Heare ta te wijen, 3dan hat sa’n ien him te ûnthâlden fan wyn en sterke drank: jittik fan wyn of fan sterke drank mei er net ha, hy mei ek gjin druvesop ha en gjin farske of droege druven. 4Salang’t syn nazireeërwêzen duorret, mei er neat ha, dat fan ’e wynstok komt, sels net de pitten en de hulen. 5Salang’t syn gelofte as nazireeër duorret, sil der him gjin skearmes op ’e holle komme. Salang’t de dagen dat er him de Heare tawijd hat net òm binne, is er hillich en moat er him de hierlokken op ’e holle waakse litte. 6Salang’t er de Heare as nazireeër tawijd is, mei er net by in deade komme. 7Sels al komme syn heit of mem, broer of suster te ferstjerren, dan mei er him oan harren net ûntreinigje, want syn holle hat it teken dat er syn God tawijd is. 8Salang’t er nazireeër is, sa lang is er hillich foar de Heare. 9Mar mocht der op in stuit immen ûnferwachts by him komme te ferstjerren en hy soe dêrtroch syn wijde holle ûntreinigje, dan moat er him op ’e sânde dei – de dei dat er wer rein wurde soe – de holle skeare 10en op ’e achtste dei twa toarteldowen of twa jonge dowen nei de pryster bringe by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting. 11De pryster moat dan de iene as sûnde-offer en de oare as brânoffer opdrage en sa foar him fersoening dwaan fanwegen de skuld dy’t er krige hat troch dy deade. Dyselde deis moat er de holle wer hilligje. 12Hy moat him op ’e nij de Heare tawije foar de dagen fan syn nazireeërwêzen en in geef manlik laam ûnder it jier as skuldoffer bringe; de dagen derfoar telle net mear mei; want as nazireeër wie er ûnrein wurden. 13Dit is it foarskrift foar de nazireeër: De deis dat de tiid fan syn nazireeërwêzen òm is, moatte se him nei de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting bringe. 14Hy moat dan de Heare as offerjefte oanbiede: in geef manlik laam ûnder it jier as brânoffer, in geef eilaam ûnder it jier as sûnde-offer en in geve raam as frede-offer. 15Fierders in koer mei ûnsuorre koeken fan fyn moal, koeken mei oalje oanmongen en platte ûnsuorre koeken mei oalje bestrutsen, mei de moaloffers en drankoffers dy’t dêrby hearre. 16De pryster bringt it foar it antlit fan de Heare en makket it sûnde-offer en it brânoffer fan de nazireeër ree. 17De raam makket er as frede-offer foar de Heare ree mei de ûnsuorre koeken yn ’e koer, ek it moaloffer en it drankoffer dat derby heart makket de pryster foar him ree. 18Dan skeart de nazireeër oan ’e yngong fan ’e tinte fan ’e moeting syn wijde holle en smyt it hier dat dêrôf komt, yn it fjoer dat ûnder it frede-offer baarnt. 19As er dat dien hat, nimt de pryster it seane skouderstik fan ’e raam, ien ûnsuorre koeke út ’e koer en ien ûnsuorre platte koeke en jout dy de nazireeër yn ’e hannen. 20De pryster beweecht dat hinne-en-wer foar de Heare; it is hillich en as sadanich komt it de pryster ta, lykas it boarststik dat er hinne-en-wer beweecht en de skrinkel dy’t opdroegen wurdt, is it in bydrage foar de pryster. Neitiid mei de nazireeër wer wyn drinke.
21Foar de nazireeër dy’t boppe de ferplichting fan syn nazireeërwêzen de Heare noch in jefte tasein hat, behalven wat er fierder noch dwaan wol, jildt ditte: wat er by it dwaan fan syn gelofte tasein hat, dat makket út wat er mear dwaan moat as wat syn nazireeërwêzen foarskriuwt.
De segen fan ’e pryster
22De Heare sei tsjin Mozes:
23Sis tsjin Aäron en syn soannen: As jimme de Israeliten segenje,
doch it dan mei dizze wurden:
24Mei de Heare dy segenje en behoedzje.
25Mei de Heare dy mei it ljocht fan syn antlit beskine en dy genedich wêze.
26Mei de Heare syn antlit nei dy takeare en dy frede jaan!
27As se sà myn namme oer de Israeliten útsprekke, dan bin Ik it, dy’t har segenje.