Wet op ’e suvering
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Sis de Israeliten: Elk dy’t melaatsk is, elk dy’t lêst hat fan floeiing of dy’t ûnrein wurden is trochdat er by in deade west hat, dy moat it kamp útstjoerd wurde, 3manlju likegoed as froulju. Do moatst se it kamp útstjoere; se meie har kampen, dêr’t Ik middenmank wenje, net ûntreinigje. 4Dat dienen de Israeliten: se stjoerden har it kamp út. Sa’t de Heare tsjin Mozes sein hie, sa dienen de Israeliten.
Mear oer it skuldoffer
5De Heare sei tsjin Mozes: 6Sis tsjin ’e Israeliten: As in man of in frouspersoan him op ien of oare wize misgiet tsjin syn meiminske en sa de Heare ûntrou wurdt, dan makket er himsels dêr skuldich mei. 7Dan moatte se de sûnde dy’t se dien hawwe, belide en sa’n ien moat de skuld dy’t er makke hat werom betelje: de folle som mei it fyfte part deroerhinne en dat jaan oan dejinge dêr’t er by yn ’e skuld stiet. 8Hat dyselde gjin neibesteanden oan wa’t de skuld werombetelle wurde kin, dan moat dat oan de Heare betelle wurde, dat is te sizzen oan de pryster; behalven de raam dêr’t de pryster fersoening foar him mei dwaan moat. 9Alles wat de Israeliten oan hillige jeften by de pryster bringe, dêr sil dy syn part fan krije. 10Fierders bliuwe de hillige jeften ta beskikking fan ’e persoan dy’t se bringt en de pryster krijt wat se him jaan wolle.
Jaloerskens en ûntrou by de frou
11De Heare sei tsjin Mozes: 12Sis tsjin ’e Israeliten: As der in man is en syn frou misgiet har en wurdt him ûntrou, 13mei’t in oare man mienskip mei har hân hat, sûnder dat har eigen man it fernommen hat en it is stil bleaun – hja hat har ûntreinige, mar der is net ien dy’t it bewize kin, mei’t se net betrape is – 14wannear’t dan dy man yn in rite fan jaloerskens syn frou der mei rjocht en reden op oansjocht dat se har ûntreinige hat, òf hy sjocht har yn in rite fan jaloerskens derop oan en it wie sa nèt, 15dan sil dy man syn frou nei de pryster bringe en foar har in tsiende part fan in efa koarnmoal meinimme, mar hy mei dêr gjin oalje op jitte en der gjin wijreek by dwaan, want it is in moaloffer fanwegen de jaloerskens, in moaloffer dat de ûngerjochtichheid yn oantinken bringt. 16De pryster lit de frou dan nei foaren komme en set har foar it antlit fan de Heare. 17Dan nimt er in ierden krûk mei hillich wetter, krijt wat túch fan ’e flier fan ’e tintwenning en docht dat yn it wetter. 18As de pryster de frou dan foar it antlit fan de Heare set hat, makket er har it hier los en jout har it moaloffer foar it oantinken op ’e hannen – in moaloffer fanwegen de jaloerskens is dat –. Wylst hat er sels it bittere wetter, dat de flok bringe kin yn ’e hân. 19Dan sprekt er in beswarring oer har út en seit tsjin ’e frou: ‘As gjin oare man by jo lein hat en as jo as troude frou jo net tsjin jo man misgien hawwe en jo net ûntreinige hawwe, dan sil dit bitter wetter dat de flok bringe kin, jo gjin kwea dwaan. 20Mar as jo as troude frou jo al tsjin jo man misgien hawwe en jo al ûntreinige hawwe, mei’t in oare man as jo eigen mienskip mei jo hân hat,’ 21– no sprekt de pryster de beswarringseed oer de frou út en seit tsjin har: ‘dan mei de Heare meitsje, dat it folk jo ferflokt en ferwinsket; de Heare sil jo heupen ynfalle en jo liif opsette litte. 22Dit wetter dat de flok bringe kin, sil yn jo yngewanden komme en meitsje, dat it liif jo opset en de heupen jo ynfalle.’ Dêr moat de frou dan op sizze: Amen, amen. 23De pryster moat dan fan dy ferflokking in akte skriuwe en him fuort mei it bittere wetter wer útwiskje. 24Dan lit er de frou it bittere flokbringende wetter drinke, dat it wetter yn har liif komt en syn bittere útwurking dwaan kin. 25Dan nimt de pryster de frou it moaloffer fanwegen de oergeunst út ’e hannen, beweecht it hinne-en-wer foar it antlit fan de Heare en giet der dan mei nei it alter. 26Dan krijt de pryster in hânfol fan dat moaloffer, dat as oantinken tsjinje moat, en lit dat op it alter yn reek opgean. Dan jout er de frou it wetter te drinken. 27Lit hy har no it wetter drinke en is se wier ûntreinige en is se har man ûntrou wurden, dan sil, sa gau’t it flokbringende wetter har yn it liif komt, dat syn bittere útwurking dwaan; it liif sil har opsette en de heupen sille har ynfalle. De namme fan dy frou sil dan in flok wêze by har folk. 28Mar hat se har net ûntreinige en is se suver bleaun, dan komt der har neat fan oer en kin se wer bern krije.
29Sa moat men dwaan yn in gefal fan jaloerskens. As in frou har tsjin har man misgien hat en ûntreinige wurden is, 30of as in man yn in rite fan jaloerskens syn frou derop oansjocht dat se him ûntrou wurden is en hy set har foar it antlit fan de Heare en de pryster docht krekt mei har, sa’t hjir foarskreaun is, 31dan giet de man frij út; de frou moat boetsje foar wat se dien hat.