It wurk fan ’e Kehatiten
1De Heare sei tsjin Mozes en Aäron: 2Nim ûnder ’e Leviten it tal fan ’e Kehatiten op yn har geslachten en famyljes. 3Tusken de tritich jier en de fyftich jier, te sizzen allegearre dy’t foar de tsjinst yn ’e beneaming komme om wurk te dwaan by de tinte fan ’e moeting. 4Dit is it wurk yn ’e tinte fan ’e moeting dat foar de Kehatiten opkomt: de soarch foar it alderhillichste. 5As it kamp opbrutsen wurdt, geane Aäron en syn soannen deryn, helje it foarkleed del en bedekke dêr de arke mei de ferbûnsakte mei. 6Dêr lizze se in dekkleed fan fyn lear oer; dêr wer oerhinne spriede se in kleed alhielendal fan blaupoarper, en dan dogge se de draachstokken yn ’e ringen. 7Oer de tafel fan ’e toanbreaën spriede se in blaupoarperen kleed út; dêr sette se de skûtels, leppels, kommen en drankofferkannen op. 8Dêr spriede se in donkerread kleed oer, dêr’t se dan wer in tek fan fyn lear oerhinne dogge. Dan dogge se de draachstokken yn ’e ringen. 9Dan nimme se in blaupoarperen kleed en dogge dat oer de ljochter mei syn lampen, snuters, lekbakjes en oaljekannen, ark, dat se by de ljochter brûke moatte. 10Dan lizze se dy mei alles dat derby heart op in tek fan fyn lear en dogge dat op in draachberje. 11It gouden alter spriede se in blaupoarperen kleed oer en dogge dêr in tek fan fyn lear oer. Dan dogge se de draachstokken yn ’e ringen. 12Fierders nimme se alle guod dêr’t se yn it hillichdom de tsjinst mei dogge, lizze it op in blaupoarperen kleed en dogge der in tek fan fyn lear oerhinne en lizze dat op in draachberje. 13It alter suverje se fan ’e fetlike jiske en spriede der in readpoarperen kleed oer. 14Alle guod dat by de tsjinst dêrop brûkt wurdt, dat lizze se dêrop: de fjoerpannen, foarken, skeppen en offerskalen. 15As Aäron en syn soannen by it opbrekken fan it kamp klear binne mei it bedekken fan de hillige dingen en al it guod dat derby heart, dan earst meie de Kehatiten komme om it te dragen. Se meie lykwols net oan it hillige komme. Oars soenen se stjerre. Dat allegearre is it guod fan ’e tinte fan ’e moeting, dat de Kehatiten drage moatte. 16Eleäzar, de soan fan pryster Aäron, giet oer de oalje foar de ferljochting, de wijreekkrûden, it deistich moaloffer en de salvingsoalje; oer de hiele tintwenning en alles dat deryn is, oer it hillichdom mei al it ark derby.
17De Heare sei tsjin Mozes en Aäron: 18Tink derom, dat by de Leviten de Kehatitetûke noait útstjert. 19Doch dit dan foar harren, dat se it libben hâlde en net stjerre, as se tichteby it allerhillichste komme: Aäron en syn soannen moatte komme en wiis harren ien foar ien it plak oan by de tsjinst dy’t se hawwe te dwaan en de lêst dy’t se hawwe te dragen. 20Mar lit de Kehatiten net hinnegean en kypje temûk efkes yn it hillige: it soe har dea wurde.
It wurk fan ’e Gersjoniten
21De Heare sei tsjin Mozes: 22Nim ek it tal op fan ’e Gersjoniten mei har geslachten en famyljes. 23Tusken de tritich en de fyftich jier moatsto se telle, allegearre dy’t foar de tsjinst yn ’e beneaming komme om wurk te dwaan yn ’e tinte fan ’e moeting. 24Dit is it wurk fan ’e geslachten fan ’e Gersjoniten sawol by de tsjinst as by it dragen. 25Hja moatte de tintkleden fan ’e wenning drage mei de tinte fan ’e moeting; syn tek en de kleden fan fyn lear dy’t der oerhinne lizze en it foarkleed fan ’e yngong fan ’e tinte fan ’e moeting. 26De kleden fan it foarhôf, de ôfskieding oan ’e poarte-yngong fan it foarhôf dat om ’e wenning en it alter hinne leit, de koarden dêrfan en al it ark dat derby brûkt wurdt, ja alles dat dêroan te berêden is, dat is har wurk. 27Al it wurk fan ’e Gersjoniten, it dragen likegoed as har oare tsjinstwurk, moat dien wurde, sa’t Aäron en syn soannen it har sizze; by alles wat se te dragen hawwe, moatte jimme krekt oanjaan, hoe’t it wurk ûnder harren ferparte wurde sil. 28Dat is it wurk yn ’e tinte fan ’e moeting, dat foar de geslachten fan ’e Gersjoniten opkomt: de tsjinst dy’t se hawwe waar te nimmen stiet ûnder it tafersjoch fan Itamar, de soan fan pryster Aäron.
It wurk fan ’e Merariten
29De Merariten moatsto telle mei har geslachten en famyljes. 30Tusken de tritich jier en de fyftich jier moatsto se telle, allegearre dy’t tsjinst dogge foar it wurk yn ’e tinte fan ’e moeting. 31Har wurk by it dragen en dat yn ’e tinte fan ’e moeting is: de soarch foar de planken fan ’e tintwenning, foar de bynten dy’t derby hearre, en foar de pylders en de fuotstikken dêrfan. 32De pylders fan it foarhôf om ’e tinte hinne, mei de fuotstikken, de pinnen en de koarden, alle ark dat dêrby heart en alles wat dêrmei dien wurde moat, dat moatte jim allegearre mei namme en tanamme oantsjutte, dat elk krekt wit wat er te dwaan en te dragen hat. 33Dat is it wurk fan ’e geslachten fan ’e Merariten, al har tsjinstwurk yn ’e tinte fan ’e moeting, dat se ûnder tafersjoch fan Itamar, de soan fan pryster Aäron, hawwe te dwaan.
De tallen fan ’e Kehatiten, Gersjoniten en Merariten
34Mozes, Aäron en de foaroansteanden fan ’e mienskip telden de Kehatiten mei har geslachten en famyljes, 35tusken de tritich jier en de fyftich jier, allegearre dy’t tsjinst dienen en har wurk hienen yn ’e tinte fan ’e moeting. 36Har famyljes telden mei-inoar 2750 man. 37By de telling fan ’e geslachten fan ’e Kehatiten, dy’t Mozes en Aäron hâlden op it befel fan de Heare, dat Mozes oerbrocht hie, wienen dat de mannen dy’t tsjinst dienen yn ’e tinte fan ’e moeting.
38Doe waarden de geslachten en famyljes fan ’e Gersjoniten teld, 39tusken de tritich jier en de fyftich jier, allegearre dy’t tsjinst dienen by it wurk yn ’e tinte fan ’e moeting. 40Har geslachten en famyljes wienen mei-inoar 2630 man yn tal. 41By de telling fan ’e geslachten fan ’e Gersjoniten, dy’t Mozes en Aäron hâlden op befel fan de Heare, wienen dat de mannen dy’t tsjinst dienen yn ’e tinte fan ’e moeting.
42Doe waarden de Merariten mei har geslachten en famyljes teld, 43tusken de tritich en de fyftich jier, allegearre dy’t tsjinst dienen by it wurk yn ’e tinte fan ’e moeting. 44Har geslachten wienen mei-inoar 3200 man yn tal. 45By de telling fan ’e geslachten fan ’e Merariten, dy’t Mozes en Aäron hâlden op it befel fan de Heare, dat Mozes oerbrocht hie, wienen dat se. 46Alle telden, dy’t Mozes mei Aäron en de foaroansteanden yn Israel telde, de geslachten en famyljes fan ’e Leviten, 47tusken de tritich en de fyftich jier, allegearre dy’t tsjinst dienen by it wurk en it dragen by de tinte fan ’e moeting, 48dy wienen mei-inoar 8580 man yn tal. 49Op befel fan de Heare waarden se teld en wiisde Mozes har man foar man it tsjinstwurk en wat elk hie te dragen. Sa die er ek mei harren dy’t it tafersjoch deroer hienen, alles gong sa’t de Heare it Mozes opdroegen hie.