De Leviten. De soannen fan Aäron
1Doe’t de Heare op ’e berch Sinai mei Aäron en Mozes spriek, wie dit har neigeslacht: 2De nammen fan Aäron syn soannen wienen: Nadab, de earstlingssoan, dan Abihû, Eleäzar en Itamar. 3Sa hieten de soannen fan Aäron, de salve prysters, dy’t hy oansteld hie om it prysteramt te betsjinjen. 4Mar de Heare hie Nadab en Abihû stjerre litten, doe’t se yn ’e woestyn Sinai mei frjemd fjoer foar Him kamen. Mei’t se gjin soannen hienen, betsjinnen Eleäzar en Itamar tenei it prysteramt ûnder tafersjoch fan har heit Aäron.
It wurk fan ’e Leviten
5De Heare sei tsjin Mozes: 6Lit de stam Levy foarkomme en stel dy yn tsjinst fan Aäron, de pryster. 7Ut namme fan him en fan de hiele mienskip moatte se by de tinte fan ’e moeting it wurk dwaan dat him oplein is, mei’t se de tsjinst by de tintwenning waarnimme. 8Hja moatte soargje foar alle guod dat yn ’e tinte fan ’e moeting is, en sa út namme fan ’e Israeliten de tsjinst by de tintwenning waarnimme. 9Do silst Aäron en syn soannen oer de Leviten beskikke litte; út alle Israeliten binne dat de lju dêr’t Aäron frij oer beskikke kin. 10Mar Aäron sels en syn soannen moatsto oanstelle om it eigentlike prysteramt te betsjinjen; wa’t dat docht sûnder dat er it foech dêrta hat, dy moat stjerre.
De Leviten foar de earstlingssoannen yn it plak
11De Heare sei tsjin Mozes: 12Hjirmei sûnderje Iksels út it fermidden fan ’e Israeliten de Leviten ôf om yn it plak te stean fan alle earstlingssoannen, fan al wat yn Israel de memmeskurte ûntslút; dat no binne de Leviten mines. 13Want My komme alle earstlingssoannen ta. De deis dat Ik yn Egypte alle earstlingssoannen deasloech, haw Ik alles wat yn Israel earstlingssoan is, by minske en bist, as hillich foar Mysels ferklearre. Mines binne se, Ik bin de Heare.
Mozes telt de Leviten
14De Heare sei tsjin Mozes yn ’e woestyn Sinai: 15Tel de Leviten yn har famyljes en geslachten, alle manlike persoanen fan ien moanne ôf moatsto telle. 16Op befel fan de Heare telde Mozes har, krektsa’t him hjitten wie. 17Dit binne de nammen fan ’e soannen fan Levy: Gersjon, Kehat en Merary.
18Dit binne de nammen fan ’e geslachten fan ’e Gersjoniten: Libny en Sjimy. 19De geslachten fan ’e Kehatiten binne: Amram, Jishar, Chebron en Oezziël. 20De geslachten fan ’e Merariten binne: Machly en Mûsjy. Dat binne de stamhuzen fan ’e geslachten fan Levy. 21By Gersjon hearre de geslachten fan ’e Libniten en de Sjimiten; dat wienen de geslachten fan ’e Gersjoniten. 22Hja waarden teld neffens it tal manlike persoanen fan ien moanne ôf; mei-inoar wienen der 7500 man. 23De famyljes fan ’e Gersjoniten leinen achter de tintwenning, op it westen. 24Lieder fan it stamhûs fan ’e Gersjoniten wie Eljasaf, de soan fan Lael. 25Wat de Gersjoniten by de tinte fan ’e moeting op ’e noed hienen, dat wienen de dekkleden, sawol dat fan ’e tinte as dat fan ’e tintwenning en it kleed by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting; 26fierders de kleden om it foarhôf hinne, it kleed by de yngong fan it foarhôf dat om ’e tintwenning en it alter hinne lei en de koarden dy’t derby brûkt waarden.
27By Kehat hearde it geslacht fan ’e Amramiten, fan ’e Jishariten, fan ’e Chebroniten en fan ’e Oezziëliten. 28It tal manlike persoanen fan ien moanne ôf wie mei-inoar 8600 man. Dy moasten foar it hillichdom soargje. 29De geslachten fan ’e Kehatiten leinen oan ’e súdlike lange side fan ’e tintwenning. 30Lieder fan it stamhûs fan ’e geslachten fan ’e Kehatiten wie Elisafan, de soan fan Oezziël. 31Hja hienen de soarch foar de arke, de tafel, de ljochter, de alters, it hillige ark dat derby brûkt waard, en it foarkleed mei alles wat derby hearde. 32De heechste lieder fan de Leviten wie pryster Eleäzar, de soan fan Aäron. Hy stie oer de mannen dy’t de soarch foar it hillichdom hienen.
33By Merary hearde it geslacht fan Machly en it geslacht fan Mûsjy; dat wienen de geslachten fan Merary. 34Hja waarden teld neffens it tal manlike persoanen fan ien moanne ôf: mei-inoar wienen der 6200 man. 35Lieder fan it stamhûs fan ’e geslachten fan Merary wie Sûriël, de soan fan Abichaïl; hja leinen oan ’e noardlike lange side fan ’e tintwenning. 36De Merariten hienen it tafersjoch op de planken fan ’e tintwenning, de bynten, de pylders en de fuotstikken, fierders op al it ark en oer alles wat der mar by brûkt waard. 37Boppedat op ’e pylders fan it foarhôf dêromhinne, mei de fuotstikken, pinnen en koarden. 38Oan ’e eastkant fan ’e tintwenning, foar de tinte fan ’e moeting oer, oan ’e kant dêr’t de sinne opgiet, leinen Mozes en Aäron mei Aäron syn soannen. Dy hienen út namme fan ’e Israeliten de soarch foar de tsjinst yn it hillichdom. Wa’t dêr tichteby kaam, sûnder dat er it foech dêr ta hie, dy moast stjerre.
39It hiele tal fan ’e Leviten, alle manlike persoanen fan ien moanne ôf, dy’t Mozes en Aäron op befel fan de Heare mei har geslachten teld hienen, wie mei-inoar 22.000 man.
Mozes telt de earstlingssoannen
40De Heare sei tsjin Mozes: Tel alle manlike earstlingen by de Israeliten fan in moanne ôf, nim har tal krekt op. 41Dan moatsto foar My – Ik bin de Heare – de Leviten nimme foar alle earstlingssoannen fan Israel yn it plak en it fee fan ’e Leviten foar al it earstberne fan it fee fan ’e Israeliten yn it plak. 42Sa telde Mozes alle earstlingssoannen fan ’e Israeliten, krektsa’t de Heare him opdroegen hie. 43De earstlingssoannen fan in moanne ôf dy’t teld waarden, wienen mei-inoar 22.273 man.
De earstlingssoannen dy’t der tefolle binne, wurde loskocht
44De Heare sei tsjin Mozes: 45Nim de Leviten foar alle earstlingssoannen fan de Israeliten yn it plak en it fee fan ’e Leviten foar har fee yn it plak. De Leviten binne mines: Ik bin de Heare. 46Foar de 273 earstlingssoannen by de Israeliten dy’t der mear binne as it tal Leviten 47moatsto hieltyd fiif sikkel de man as lospriis nimme, yn sikkels fan it hillichdom; tweintich geara’s makket in sikkel. 48Dat jild moatsto Aäron en syn soannen jaan as lospriis foar dy’t der by harren mear binne as it tal Leviten dêr’t oer beskikt wurde kin. 49Mozes barde it losjild yn foar dyjingen dy’t der mear wienen as it tal fan harren dy’t troch de Leviten loskocht wienen. 50Dat jild barde er fan ’e earstlingssoannen fan ’e Israeliten: 1365 sikkels, yn sikkels fan it hillichdom. 51Op befel fan de Heare joech Mozes dat losjild oan Aäron en syn soannen, krektsa’t de Heare him opdroegen hie.