Numeri 36
It houlik fan erfdochters
1De stamhaden fan ’e geslachten dy’t ôfstammen fan Gileäd, de soan fan Makir, de soan fan Manasse, ien fan ’e geslachten fan ’e Joazefiten, kamen foar Mozes en foar de lieders, de famyljehaden fan ’e Israeliten. Hja namen it wurd op 2en seinen: De Heare hat mynhear opdracht jûn om troch it lot it lân oan ’e Israeliten yn erfbesit te jaan. Derby hat mynhear fan de Heare opdracht krige, it erfdiel fan Selofchad oan syn dochters te jaan. 3Mar as dy noris trouwe mei guon út de oare stammen fan ’e Israeliten, dan soe har erfskip fan it erfbesit fan ús foarfaars ôfgean en komme by dat fan ’e stam dêr’t se yntrouwe; fangefolgen soe dus it erfskip fan ús stam der safolle lytser op wurde. 4As de Israeliten dan in jubeljier hâlde, dan soe har besit foar altiten komme by dat fan ’e stam dêr’t se yntroud binne, en de stam fan ús foarfaars wie har besit dan foar altiten kwyt.
5Doe kaam Mozes op befel fan de Heare by de Israeliten mei dizze útwizing: Wat de stam fan ’e Joazefiten dêr seit, dêr ha se gelyk oan. 6Dêrom is dit it gebod dat de Heare mei it each op ’e dochters fan Selofchad jout: Hja binne frij om te trouwen mei wa’t se wolle, as it mar ien is út in geslacht fan har heite stam. 7It erfbesit mei net fan ’e iene stam op ’e oare oergean, want de Israeliten moatte allegearre it besit fan ’e stam fan har foarfaars yn wêzen hâlde. 8Elke jongfaam dy’t by de stammen fan Israel erfbesit kriget, moat trouwe mei ien út in geslacht fan har heite stam, dat alle Israeliten it besit fan har foarfaars ervje sille. 9Noait mei in erfbesit fan ’e iene stam op ’e oare oergean, mar de Israeliten moatte allegearre it besit fan ’e stam fan har foarfaars yn wêzen hâlde.
10De dochters fan Selofchad dienen krekt sa’t de Heare Mozes sein hie. 11Machla, Tirza, Chogla, Milka en Noä, de dochters fan Selofchad trouden mei har neven. 12Se binne troud mei guon út ’e geslachten dy’t ôfstammen fan Manasse, de soan fan Joazef; dat sadwaande bleau har erfbesit yn it geslacht fan har heit. 13Dat binne de oarders en rjochtsregels, dy’t de Heare troch de tsjinst fan Mozes de Israeliten oplein hat yn ’e flakten fan Moäb, oan ’e Jordaan foar Jericho oer.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap