De stêden fan ’e Leviten
1De Heare spriek Mozes yn ’e flakten fan Moäb, oan ’e Jordaan by Jericho, mei dizze wurden ta: 2Jou de Israeliten bestel, dat se fan har eigen erfbesit de Leviten stêden jouwe om yn te wenjen. En tagelyk om dy stêden hinne weidlân. 3Dy stêden kinne se yn wenje en dat weidlân is dan foar har fee, foar har keppels en foar al har oare bisten. 4It weidlân om de stêden hinne dat jim de Leviten jaan moatte, moat fan ’e stêdsmuorre ôf (bûtenom yn it rûn) in fjild beslaan fan tûzen jellen. 5Bûten de stêd moatte jimme oan ’e eastkant twa tûzen jellen útmjitte, oan ’e súdkant twa tûzen, oan ’e westkant twa tûzen en oan ’e noardkant twa tûzen mei de stêd sels der midden yn. Dat is dan it weidlân by har stêden. 6Dy stêden dy’t jim de Leviten jaan moatte, binne: de seis frijstêden dy’t jim ôfsûnderje moatte, dat immen dy’t in moard dien hat, dêr in ûntwyk fine kin. Boppedat noch twaënfjirtich oare stêden. 7Mei-inoar moatte jim dus achtenfjirtich stêden oan ’e Leviten ôfstean, de stêden sels en it weidlân derby. 8Wat de stêden oangiet dy’t jim de Leviten jaan moatte út it besit fan ’e Israeliten: fan dy’t gâns hat, fan dy moatte jimme ek gâns nimme en fan dy’t net folle hat, fan dy moatte jim ek net folle nimme; elk sil fan syn stêden oan ’e Leviten jaan, nei’t er besit krige hat.
De frijstêden
9Doe sei de Heare tsjin Mozes: 10Sprek de Israeliten ta en sis tsjin harren: As jimme de Jordaan oergeane nei Kanaän, 11dan moatte jimme in stikmannich stêden útkieze, dy’t jim as frijstêden tsjinje kinne. Dan kin immen dy’t by ûngelok ien deaslein hat, dêr in hinnekommen yn sykje. 12Dy stêden binne jim dan in taflecht foar de bloedwreker, om foar te kommen, dat wa’t in moard dien hat, stjert, ear’t er by de mienskip foar it rjocht west hat. 13Seis stêden moatte jimme as frijstêden ôfstean: 14Trije oan ’e oare kant de Jordaan en trije yn Kanaän sels; dat wurde dan frijstêden. 15Foar de Israeliten, mar ek foar de frjemdlingen en foar dy’t by jimme kommen binne te wenjen, moatte dy seis stêden frijstêden wêze, dêr’t elk dy’t by ûngelok ien deaslein hat, in ûntwyk fine kin.
16Mar as er immen mei in izeren stik ark slein hat en dy is it bestoarn, dan is er in moardner en de moardner moat stjerre. 17Of as er in stien yn ’e hân hat, dêr’t men wol immen mei deaslaan kin en hy slacht dan ien dêrmei sa, dat dy it bestjert, dan is er in moardner en de moardner moat stjerre. 18Of hy hat mei in houten stik ark, dêr’t men wol immen mei deaslaan kin, ien sa slein dat dy it bestjert, dan is er in moardner en de moardner moat stjerre. 19De bloedwreker sels kin de moardner deadzje; dêr’t er him treft mei er him deadzje. 20As immen in oar út haat in dúst jout of hy smyt him mei opsetsin earne mei, dat dy oare it bestjert, 21of hy slacht him fanwegen fijânskip sà mei de fûst dat dy oare it bestjert, dan moat dyjinge dy’t slein hat, deade wurde, hy is in moardner; de bloedwreker mei dy moardner deadzje dêr’t er him treft.
22Mar as er dy oare yn ’e hjitte hei in dúst jûn hat, sûnder dat der fijânskip bestie, of hy hat him mei it ien of oare stik ark smiten sûnder opsetsin, 23of hy hat sûnder dat er it sels seach, in stien dêr’t men wol immen mei dea dwaan kin, op dy oare falle litten dat dy it bestjert, wylst er dochs gjin fijân fan him wie en alhiel gjin kwea mei him yn it sin hie, 24dan moat de mienskip útspraak dwaan tusken de man dy’t slein hat en de bloedwreker neffens dizze rjochtsregel: 25De mienskip sil him dy’t de dea op ’e skuld hat, rêde út ’e macht fan ’e bloedwreker en him weromgean litte nei de frijstêd dêr’t er ûntwyk socht hie. Dêr moat er bliuwe oant de hegepryster, dy’t mei hillige oalje salve is, komt te ferstjerren. 26Mar as hy dy’t de dea op ’e skuld hat, oait bûten de gerjochtichheid fan ’e frijstêd komt, dêr’t er ûntwyk socht hie, 27en de bloedwreker treft him bûten de gerjochtichheid fan dy frijstêd en hy deadet him dan, dan is dy bloedwreker frij fan bloedskuld; 28want dy oare hie yn syn frijstêd bliuwe moatten oan ’e dea fan ’e hegepryster ta; earst nei de dea fan ’e hegepryster mocht er nei syn grûnbesit weromgean. 29Dat binne de wetlike foarskriften dy’t jilde foar jimme en foar alle kommende geslachten, wêr’t jim ek wenje meie.
30Immen dy’t in minske deaslacht, mei allinne op ferklearring fan getugen deade wurde; mar om oer immen it deafonnis út te sprekken, kin it mei ien inkelde getuge net ta. 31Foar it libben fan ’e moardner dy’t wol de dea fertsjinne hat, meie jimme gjin soenjild oannimme; nee, hy moat deade wurde. 32Ek foar ien dy’t de wyk nommen hat nei de frijstêd, meie jimme gjin soenjild oannimme, dat er mar net, ear’t de hegepryster stjert, wer op syn eigen lân wenje kin. 33It lân dêr’t jim yn wenje, meie jimme net ûntwije. Want bloed ûntwijt it lân en as der bloed fergetten is, komt der foar it lân gjin fersoening, oars net as troch it bloed fan him dy’t bloed fergetten hat. 34Untreinigje dan it lân net, dêr’t jim yn komme te wenjen en dêr’t Ik ek wenje. Want Ik, de Heare, wenje mids de Israeliten.