Ynlieding
1Dit is it wat Mozes tsjin hiele Israel sprutsen hat, oan ’e oare kant de Jordaan yn ’e woestyn, yn ’e flakte foar Sûf oer, tusken Paran, Tofel, Laban, Chaserot en Dy Sahab. 2It is fan Hoareb nei Kadesj-Barnéa, oer de wei fan it berchlân fan Seïr, in reis fan alve dagen. 3De earste deis fan de alfte moanne fan it fjirtichste jier hat Mozes de Israeliten tasprutsen neffens alles dat de Heare him oer har opdroegen hie. 4It wie neidat hy Sichon, de kening fan ’e Amoriten dy’t te Chesbon wenne en – yn Edreï – Og, de kening fan Bazan, dy te Astarot wenne, ferslein hie. 5Oan ’e oare kant de Jordaan yn it lân fan Moäb, begûn Mozes dizze wet út te lizzen. Hy sei:
6De Heare ús God spriek ta ús by de Hoareb: Al langernôch hawwe jim by dizze berch tahâlden. 7Meitsje jim klear, brek op en gean nei it berchlân fan de Amoriten en nei al har buorlju yn ’e flakte, dy op it berchlân en dy yn it leechlân, dy yn it Suderlân en dy oan ’e kant fan ’e see, it lân fan ’e Kanaäniten en de Libanon oan ’e grutte rivier, de Eufraat, ta. 8Gean no hinne en nim it lân yn besit, dêr’t de Heare jim foarfaars Abraham, Izaäk en Jakob, fan sward hat, dat Er it har en har neiteam jaan soe. Sjoch, Ik haw dit lân oan jimme oerjûn.
Mozes syn helpers
9Doedestiids sei ik tsjin jimme: Ik kin de noed foar jimme net mear allinne drage. 10De Heare jim God hat jimme sa oanwinne litten, dat jimme hjoed-de-dei sa machtich binne as de stjerren oan ’e loft. 11Ik hoopje dat de Heare, de God fan jimme foarfaars, jimme noch tûzen kear sa machtich meitsje mei as jimme no al binne, en dat Er jimme segenje mei, lykas Er jimme tasein hat. 12Hoe soe ik allinne jimme soarch en lêst en jimme skelen drage kinne? 13Wiis dêrom út jimme stammen wize, ferstannige en kundige mannen oan, dan beneam ik dy ta jimme lieders. 14Jim antwurden my doe: It is in goed ding dat jo dêr sein hawwe, dat moasten wy dwaan.
15Doe naam ik jimme stamhaden, wize en kundige mannen en ik stelde har oer jimme oan as oersten fan tûzen, fan hûndert, fan fyftich en fan tsien en as opsichters foar jimme stammen. 16Doedestiids droech ik jimme rjochters op: Hear beide partijen en sprek in rjochtfeardich fonnis út, likegoed oft it om eigen folk giet of dat der in frjemdling by is. 17Yn ’e rjochtspraak meie jim net ien nei de eagen sjen. Jimme moatte likegoed nei de lytse man as nei de grutte harkje. Wês net bang foar in minske, want it rjocht is God sines. Is in saak jimme lykwols te dreech, bring dy dan by my, dan nim ik dêr kennis fan. 18Sa haw ik jimme doedestiids alles opdroegen, wat jimme dwaan moasten.
Mislearre oanfal op Kanaän
19Doe brieken wy op by de Hoareb wei en trieken, lykas de Heare ús God opdroegen hie, troch dizze hiele grutte en skriklike woestyn, dy’t jim sels by ûnderfining kenne, yn ’e rjochting fan it berchlân fan ’e Amoriten en wy kamen te Kadesj-Barnéa oan. 20Ik sei doe tsjin jimme: Jimme binne no kommen by it berchlân fan de Amoriten, dat de Heare ús God ús jout. 21Sjoch, de Heare dyn God hat dij dit lân oerjûn. Tsjoch op, nim it yn besit lykas de Heare de God fan dyn foarfaars dy tasein hat. Wês net bang en tink dy net benaud. 22Jim kamen doe allegearre nei my ta en seinen: Lit ús inkele manlju foarútstjoere, dat dy foar ús it lân opnimme, en ús dan ynljochtsje, hokker wei wy lâns moatte en watfoar stêden wy dêr oantreffe sille.
23Dat like my in goed ding ta, dat ik naam tolve man út jimme fermidden, út elke stamme ien. 24Dy gongen hinne en reizgen it berchlân yn. Hja slaggen oan ’e delling Esjkol ta en namen it dêr op. 25Hja namen wat fan ’e frucht fan it lân mei en brochten dy ús. Doe dienen se ús ferslach en seinen: It lân dat de Heare ús God ús jout, is goed. 26Jim lykwols ha der net hinne wollen en jim kamen yn ferset tsjin wat de Heare jimme God sein hie. 27En jim prottelen yn jim tinten en seinen: Omdat de Heare ús net lije mei, hat Er ús út Egypte helle, dat Er ús yn ’e macht fan ’e Amoriten jaan koe en ús útroegje. 28Wêr moatte wy no hinne? Us bruorren hawwe ús de moed benommen mei har sizzen: It folk is machtiger en langer as wy. De stêden binne grut en himelheech fersterke. En ek hawwe wy dêr Enakiten sjoen.
29Doe sei ik tsjin jimme: Ferblik mar net en wês net bang foar har. 30De Heare, jimme God, giet foar jim út. Hysels sil foar jim stride krekt sa’t Er dat yn Egypte dien hat en jim it foar jim eagen sjoen hawwe. 31en yn ’e woestyn, dêrsto ûnderfûn hast dat de Heare dyn God dy droegen hat, lykas in man syn soan draacht, de hiele wei lâns dy’t jimme gien binne, oant jimme op dit plak oankamen.
32Mar nettsjinsteande dat hawwe jim jim betrouwen net op de Heare jimme God set, 33dy’t foar jimme útgien is op ’e wei om in plak te sykjen, dêr’t jimme legerje koenen, nachts yn it fjoer om jimme de wei te wizen, dêr’t jimme lâns moasten en deis yn in wolk.
34Doe’t de Heare jim dat sizzen hearde, waard Er tige lilk en Hy swarde: 35Gjinien fan dy mannen, fan dit ferdoarne skaai, sil it goede lân sjen, dat Ik har foarfaars mei in eed tasein haw, 36oars net as Kaleb, de soan fan Jefûnne, dy sil it sjen en him en syn bern sil Ik it lân jaan, dêr’t syn fuotstappen lizze, om’t er him oan de Heare hâlden hat.
37Ek waard de Heare om jim lilk op my en Hy sei: Do silst dêr likemin yn komme. 38Jozua, de soan fan Nûn, dy’t yn dyn tsjinst stiet, dy sil dêr komme. Meitsje him dêr foar klear, want hy sil it Israel ervje litte. 39En jim bern, dêr’t jim fan sein hawwe, hja soenen oarlochsbút wurde en jim soannen, dy’t hjoed-de-dei fan goed noch kwea witte, dy sille dêr komme. Oan harren sil Ik it jaan en hja sille it yn besit nimme. 40Mar jimme, kear om en gean op reis nei de woestyn, de kant út nei de Reidsee.
41Doe antwurden jimme my: Wy hawwe tsjin de Heare sûndige. Wy sille der op los en de striid oangean neffens alles wat de Heare ús God ús hjitten hat. Doe die in elk fan jimme syn striidark om en jim soenen samar even op it berchlân ta. 42Mar de Heare sei tsjin my: Sis tsjin har: Gean dêr net op ta en begjin net te striden, want Ik sil net yn jim fermidden wêze. Jim soenen dan ris ferslein wurde kinne troch jim fijannen. 43Doe sei ik dat tsjin jim, mar jim harken net. Jim kamen yn it ferset tsjin wat de Heare sein hie en setten domdryst op it berchlân ta.
44Doe kamen de Amoriten, dy’t yn dat berchlân wennen, jim yn ’e mjitte, en hja sieten jim achternei lykas bijen dat dogge; en hja hawwe yn Seïr op jim ynslein oan Chorma ta. 45Doe’t jimme werom kamen om jim by de Heare út te gûlen, harke de Heare net nei jimme stim en Hy ferhearde jimme net. 46Sa bleauwen jimme in hiel skoft yn Kadesj, hoefolle dagen it ek mar wienen.