Numeri 34
De grinzen fan Kanaän fêststeld
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Jou de Israeliten bestel en sis tsjin har: As jimme aanst yn Kanaän komme, dan sille de grinzen fan it lân de grinzen wêze fan wat jimme as besit tafalt. 3De súdkant sil rinne fan ’e woestyn Sin ôf by Edom lâns; dy súdgrins begjint dus yn it easten by de fierste punt fan ’e Sâltsee, 4rint dan mei in bocht súdlik om de Skorpioenepas hinne, rint troch nei Sin en komt dan út súdlik fan Kades-Barnéa, giet dan nei Chazar-Adar en rint troch nei Asmon. 5Fan Asmon bûcht de grins om nei de beek fan Egypte en rint dan út op ’e see. 6Wat jimme westergrins oanbelanget, dy foarmet de grutte See mei syn kuststripe; dat is dus de westergrins. 7De noardergrins rint sa: fan ’e grutte See ôf moatte jimme in streek lûke nei de berch Hor; 8fan ’e Hor ien nei de yngong fan Hamat; dy grins komt út by Sedad, 9rint dan nei Sifron en komt út by Chazar-Enan; dat is jimme noardergrins. 10Dan moatte jimme de eastergrins útsette fan Chazar-Enan nei Sjefam. 11Fan Sjefam rint de grins del nei Ribla, eastlik fan Aïn, en rint dan deun deun by de eastlike wâl fan ’e mar Kinêret lâns, 12giet dan del nei de Jordaan en komt by de Sâltsee út. Wat binnen dy grinzen leit, wolno, dat wurdt jimme lân.
Mannen oansteld dy’t it lân ferpartsje moatte
13Doe joech Mozes de Israeliten bestel: Dat is no it lân dat jimme troch it lot ferpartsje moatte en dat op befel fan de Heare oan de njoggen-en-in-heale stam jûn wurde moat. 14Want de famyljes fan ’e stam fan ’e Rûbeniten en dy fan ’e Gaditen hawwe har part al krige; ek de helte fan ’e stam Manasse hat syn part al. 15Dy twa-en-in-heale stam hawwe har part oan ’e oare kant de Jordaan by Jericho, de kant nei it easten op, dêr’t de sinne opgiet.
16Doe sei de Heare tsjin Mozes: 17Dit binne de nammen fan ’e mannen dy’t it lân ûnder jimme ferpartsje moatte: pryster Eleäzar en Jozua, de soan fan Nûn. 18Boppedat moatte jimme út elke stam immen oanwize dy’t by it ferpartsjen fan it lân de lieding hat. 19No komme de nammen fan dy mannen; foar de stam fan Juda: Kaleb, de soan fan Jefûnne; 20foar de stam fan ’e Simeöniten: Sjemûel, de soan fan Ammihûd; 21foar de stam fan Benjamin: Elidad, de soan fan Kislon; 22foar de stam fan ’e Daniten: Bûkky, de soan fan Jogly; 23foar de Joazefiten: as lieder foar de stam fan ’e Manassiten: Channïel, de soan fan Efod; 24as lieder fan ’e stam fan ’e Efraïmiten: Kemûel, de soan fan Sjiftan; 25as lieder fan ’e stam fan ’e Sebûloniten: Elisafan, de soan fan Parnak; 26as lieder fan ’e stam fan ’e Issaskariten: Paltiël, de soan fan Azzan; 27as lieder fan ’e stam fan ’e Azeriten: Achihûd, de soan fan Sjelomy; 28as lieder fan ’e stam fan ’e Naftaliten: Pedaël, de soan fan Ammihûd. 29Dat binne de mannen oan wa’t de Heare opdracht jûn hat om it lân Kanaän ûnder de Israeliten te ferpartsjen.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap