Numeri 33
Pleisterplakken op ’e woestynreis
1Dit binne de reizen fan ’e Israeliten, sa’t se dy ûnder Mozes en Aäron makke hawwe nei’t se mei har legerôfdielings út Egypte tein wienen. 2Op befel fan de Heare hat Mozes de pleisterplakken fan har reizen opskreaun. Dit binne de pleisterplakken op har reizen: 3Hja brieken op fan Ramses; op ’e fyftjinde dei fan ’e earste moanne binne de Israeliten ûnder de hoede fan heger hân op reis gien foar de eagen fan hiele Egypte. 4Wilens wienen de Egyptners dwaande al har earstlingssoannen te begraven dy’t de Heare by harren deadlik rekke hie. Ek oer al har goaden hie de Heare rjochtdei hâlden. 5Sa brieken de Israeliten op fan Ramses en legeren har te Sûkkot. 6Hja brieken op fan Sûkkot en legeren har te Etam oan ’e râne fan ’e woestyn. 7Hja brieken op fan Etam en swaaiden op nei Py-Hachirot, dat foar Baäl-Sefon oer leit en legeren har foar Migdol. 8Hja brieken op foar Hachirot (wei) en stieken oer, dwers troch de see hinne nei de woestyn. Hja gongen trije deireizen de woestyn Etam yn en legeren har te Mara.
9Nei’t se fan Mara opbrutsen wienen, kamen se te Elim; yn Elim wienen tolve wetterwellen en santich palmbeammen; dêr sloegen se har kamp op. 10Hja brieken op fan Elim en legeren har oan ’e Reidsee. 11Hja brieken op fan ’e Reidsee en legeren har yn ’e woestyn Sin. 12Hja brieken op út ’e woestyn Sin en legeren har te Dofka. 13Hja brieken op fan Dofka en legeren har te Alûsj. 14Hja brieken op fan Alûsj en legeren har te Refidim; mar dêr wie foar it folk gjin wetter om te drinken. 15Hja brieken op fan Refidim en legeren har yn ’e woestyn Sinai. 16Hja brieken op út ’e woestyn Sinai en legeren har te Kibrot-Hattaäwa. 17Hja brieken op fan Kibrot-Hattaäwa en legeren har te Chazerot. 18Hja brieken op fan Chazerot en legeren har te Ritma. 19Hja brieken op fan Ritma en legeren har te Rimmon-Pêres. 20Hja brieken op fan Rimmon-Pêres en legeren har te Libna. 21Hja brieken op fan Libna en legeren har te Rissa. 22Hja brieken op fan Rissa en legeren har te Kehélata. 23Hja brieken op fan Kehélata en legeren har by de berch Sjêfer. 24Hja brieken op by de berch Sjêfer wei en legeren har te Charada. 25Hja brieken op fan Charada en legeren har te Makhelot. 26Hja brieken op fan Makhelot en legeren har te Tachat. 27Hja brieken op fan Tachat en legeren har te Tarach. 28Hja brieken op fan Tarach en legeren har te Mitka. 29Hja brieken op fan Mitka en legeren har te Chasjmona. 30Hja brieken op fan Chasjmona en legeren har te Moserot. 31Hja brieken op fan Moserot en legeren har te Bene-Jaäkan. 32Hja brieken op fan Bene-Jaäkan en legeren har te Chor-Haggidgad. 33Hja brieken op fan Chor-Haggidgad en legeren har te Jotbata. 34Hja brieken op fan Jotbata en legeren har te Abrona. 35Hja brieken op fan Abrona en legeren har te Esjon-Gêber. 36Hja brieken op fan Esjon-Gêber en legeren har yn ’e woestyn Sin, en wol te Kadesj. 37Hja brieken op fan Kadesj en legeren har by de berch Hor op ’e grins fan Edom.
38Op befel fan de Heare gong pryster Aäron doe de berch Hor op en stoar dêr yn it fjirtichste jier dat Israel út Egypte tein wie, op ’e earste dei fan ’e fyfte moanne. 39Aäron wie hûnderttrijeëntweintich jier âld doe’t er stoar op ’e berch Hor. 40De Kanaäniten, benammen kening Arad, dy’t yn it Suderlân fan Kanaän wenne, hienen al heard, dat de Israeliten dêroan kamen.
41Hja brieken op fan ’e berch Hor en legeren har te Salmona. 42Hja brieken op fan Salmona en legeren har te Pûnon. 43Hja brieken op fan Pûnon en legeren har te Obot. 44Hja brieken op fan Obot en legeren har te Ijje-Haäbarim (Dat binne de púnfallen fan Abarim). 45Hja brieken op fan Ijjim en legeren har te Dibon-Gad. 46Hja brieken op fan Dibon-Gad en legeren har te Almon-Diblataïm. 47Hja brieken op fan Almon-Diblataïm en legeren har yn ’e bergen fan Abarim foar de Nebo oer. 48Hja brieken op út ’e bergen fan Abarim en legeren har yn ’e flakten fan Moäb oan ’e Jordaan by Jericho. 49Hja legeren har by de Jordaan lâns fan Bet-Hasjimot ôf oan Abel-Hasjittim ta yn ’e flakten fan Moäb.
Oanwizings foar it yn besit nimmen fan Kanaän
50De Heare spriek Mozes oan yn ’e flakten fan Moäb oan ’e Jordaan by Jericho en sei: 51Sprek de Israeliten ta en sis tsjin harren: As jim de Jordaan oergeane nei Kanaän, 52dan moatte jimme alle bewenners fan it lân ferdriuwe, al har stiennen en getten bylden ferniele en al har offerhichten ferrinnewearje. 53Jim moatte it lân yn erfbesit nimme en deryn wenje, want Ik jou it jim yn erfbesit. 54Jim moatte inoar it lân troch it lot as erfskip tawize ûnder jimme famyljes. Oan in grutte famylje moatte jimme in grut stik, oan in lytse in lytser stik as erfbesit tameitsje; wêr’t immens lot op falt, dat sil sines wêze, neffens jimme foarfaars stammen moatte jimme inoar it erfbesit tawize. 55Mar as jimme de bewenners net út it lân ferdriuwe, dan sille hja dy’t jimme dêr oerbliuwe litte, jimme wurde as toarnen yn jimme eagen en as stikels yn jimme siden; se sille jim derûnder krije yn it lân dêr’t jim wenje. 56Wat Ik mei harren fan doel wie, dat doch Ik dan mei jimme.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap