Rûben en Gadfreegje om it East-Jordaanlân
1No hienen de Rûbeniten en de Gaditen gâns fee, in machtigen heap. Doe’t de Gaditen en Rûbeniten seagen dat de streek fan Jazer en Gileäd echt in oarde foar fee wie, 2gongen se nei Mozes, nei pryster Eleäzar en de lieders fan ’e mienskip ta en seinen: 3Atarot, Dibon, Jazer, Nimra, Chesbon, Elale, Sebam, Nebo en Beön, 4it lân, dat de Heare foar de eagen fan ’e mienskip fan Israel ferovere hat, dat is echt in lân foar fee, en jo tsjinners hawwe fee. 5Dat wês sa goed, – seinen se – en jou jo tsjinners dat lân yn besit, en lit ús net oer de Jordaan gean. 6Mozes joech de Gaditen en Rûbeniten dit antwurd: Wat? Jim bruorren de striid yngean en jimme hjir bliuwe? 7Wolle jimme de oare Israeliten de moed benimme om de Jordaan oer te stekken nei it lân dat de Heare har jûn hat? 8Dat is no krekt wat jimme heiten dien hawwe, doe’t ik harren fan Kadesj-Barnéa útstjoerde om it lân op te nimmen. 9Se wienen oan ’e delling fan Esjkol ta slagge, se beseagen it lân en doe benamen se de Israeliten de moed om nei it lân te gean dat de Heare har jûn hie. 10Dat dêrom is doe de grime fan de Heare oplôge en hat Er sward: 11Noait sille de mannen fan tweintich jier en âlder dy’t út Egypte gien binne, de grûn sjen dy’t Ik Abraham, Izaäk en Jakob mei in eed tasein haw, want se hawwe My net alhielendal trou west, 12behalven dan de Kenizzyt Kaleb, de soan fan Jefûnne en Jozua, de soan fan Nûn, want dy hawwe de Heare wol trou west, alhielendal. 13Sa lôge doe de grime fan de Heare tsjin Israel op en Hy liet har fjirtich jier lang yn ’e woestyn omswalkje, oant it hiele geslacht weiwurden wie, dat dat dien hie wat de Heare ferkeard achtet. 14En no binne jimme kommen om it plak fan jimme heiten yn te nimmen, as in nije oanwaaks fan sûnders, om sadwaande de gleone grime fan de Heare tsjin Israel noch mear oan te setten. 15As jim jim ôfkeare achter Him wei, dan sille jim dit hiele folk, mei’t Hy it noch langer yn ’e woestyn bliuwe lit, de ûndergong dwaan. 16Doe kamen se neier op him ta en seinen: Nee, sa sit it net. Wy wolle hjir skieppestâlen bouwe foar ús fee en stêden foar de lytse bern; 17mar wysels sille alle war dwaan en ris ús út as in foarhoede foar de Israeliten, oant wy har te plak brocht hawwe. Oant salang sille ús bern yn ’e festingsstêden bliuwe, feilich foar de befolking fan it lân. 18En wy geane net earder nei ús huzen werom, of earst moatte alle Israeliten yn it besit fan har erfskip kommen wêze. 19Want wy hawwe gjin belang by in erfskip by harren oan ’e oare kant de Jordaan en fierderop, as dit hjir oan ’e eastkant fan ’e Jordaan uzes mar wurdt.
20Doe sei Mozes tsjin harren: As jimme sa dogge en jimme jim foar de Heare útrisse ta de striid; 21as elke útriste strider by jimme de Jordaan oergiet foar de Heare en net earder weromgiet as dat de Heare syn fijannen foar Him út ferdreaun hat 22en it lân sines wurden is, dan sille jimme frijút gean foar de Heare en foar Israel. Dan sil dit lân jimmes wêze, in besit foar de eagen fan de Heare. 23Mar as jim dat net dogge, dan moatte jimme goed witte dat jim mis west hawwe foar de Heare en dat de straf foar jimme sûnde jim treffe sil. 24Bou dan mar stêden foar jim bern en skieppestâlen foar jim skiep en doch sa’t jimme sein hawwe.
25De Gaditen en de Rûbeniten antwurden Mozes: Jo tsjinners sille dwaan sa’t mynhear seit. 26Us bern en ús froulju, ús keppels en al ús fee sille hjir, yn ’e stêden fan Gileäd bliuwe. 27Mar jo tsjinners sels sille allegearre de Jordaan oergean, foar it leger útrist, foar de Heare út, de striid yn, sa’t mynhear sein hat. 28Doe joech Mozes syn oarders oangeande harren oan pryster Eleäzar, oan Jozua, de soan fan Nûn en oan ’e famyljehaden fan ’e stammen fan ’e Israeliten. 29En hy sei tsjin harren: As de Gaditen en Rûbeniten mei jimme de Jordaan oergeane, allegearre útrist ta de striid, foar de Heare út, dan moatte jimme, as it lân ienris jimmes wurden is, harren it lân Gileäd as besit jaan. 30Mar geane se net útrist mei jim nei de oare kant, dan moatte se besit hawwe yn Kanaän sels, yn jimme fermidden. 31Doe antwurden de Gaditen en de Rûbeniten: Wat de Heare jo tsjinners sein hat, dat sille wy dwaan. 32Wy sille tarist foar de Heare, nei de oare kant, nei Kanaän, gean, as wy dan mar ús besit oan diskant de Jordaan krije.
33Sa joech Mozes harren – de Gaditen en de Rûbeniten en de heale stam fan Manasse, de soan fan Joazef – it ryk fan Sichon, de kening fan ’e Amoriten en it ryk fan Og, de kening fan Bazan, it lân sa’t se it ferparten mei syn stêden en it gebiet dat derby hearde, de stêden yn it hiele wide lân. 34Doe bouden de Gaditen (wer op): Dibon, Atarot, Aroër, 35Atrot-Sjofan, Jazer, Jogbeha, 36Bet-Nimra en Bet-Haran, allegear festingstêden, en ek de skieppestâlen. 37De Rûbeniten bouden (wer op): Elale, Kirjataïm, 38Nebo, Baäl-Meön, dêr’t se de nammen fan feroaren en Sibma. De stêden dy’t se bouden joegen se oare nammen.
39De soannen fan Makir, de soan fan Manasse, gongen nei Gileäd, namen it yn besit en ferjagen de Amoriten dy’t dêr wennen. 40Sa joech Mozes Gileäd oan Makir, de soan fan Manasse, dat dy sette him dêr nei wenjen. 41Ek Jaïr, de soan fan Manasse, gong derop út, ferovere har tintedoarpen en neamde se doarpen fan Jaïr. 42Ek Nobach gong derop út; hy naam Kenat mei syn ûnderhearrige plakken yn en neamde it nei syn eigen namme Nobach.