Strafekspedysje tsjin ’e Midjaniten
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Nim foar de Israeliten wraak op ’e Midjaniten. Dêrnei silsto mei dyn foarfaars ferienige wurde. 3Doe spriek Mozes it folk sa ta: Lit in part fan ’e mannen út jimme fermidden har tarisse foar de striid, dan kinne dy har tsjin Midjan keare om foar de Heare wraak te dwaan oan Midjan. 4Fan elke stam yn Israel moatte jim tûzen man te fjilde bringe. 5Sa waarden der út ’e geslachten fan Israel tûzen man op elke stam levere, (mei-inoar) tolve tûzen striidbere mannen. 6Mozes brocht se te fjilde, tûzen fan elke stam. Mei harren gong ek Pinechas, de soan fan pryster Eleäzar de striid yn, mei it hillige ark en de alarmtrompetten by him. 7Hja gongen de striid tsjin Midjan oan, sa’t de Heare Mozes oplein hie en hja deaden alle manfolk. 8By dy’t se fersloegen, wienen ek de keningen fan Midjan, Ewy, Rêkem, Sûr, Chûr en Rêba, de fiif keningen fan Midjan: ek Bileäm, de soan fan Beör, deaden se mei it swurd. 9Mar de Israeliten namen de froulju fan Midjan mei har lytse bern as gefangenen mei. Al har fee en have en har hiele fermogen makken se bút. 10Alle stêden yn har kontreien en al har ôffrede tintekampen setten se de brân yn. 11Alles wat se plondere hienen en bút makken oan minsken en bisten, namen se mei 12en se brochten de gefangenen en it guod dat se bút makke hienen by Mozes en pryster Eleäzar en de mienskip fan ’e Israeliten, yn it legerkamp yn ’e flakten fan Moäb oan ’e Jordaan by Jericho.
13Mozes, pryster Eleäzar en alle lieders fan ’e mienskip gongen har yn ’e mjitte bûten it legerkamp.
14Mar Mozes waard tige lilk op ’e oanfierders fan it leger, de kommandanten fan ’e tûzen- en ’e hûndertskippen, dy’t fan út ’e striid weromkamen. 15En hy frege harren: Wat no? Ha jim de froulju yn it libben litten? 16En dy wienen it krekt dy’t op oanrieden fan Bileäm de Israeliten yn ’e ferlieding brocht hawwe om de Heare ûntrou te wurden, doe mei dy saak fan Peör, dy’t makke dat der in pleach oer de gemeente fan de Heare kaam! 17No dan, deadzje al wat manlik is ûnder ’e bern en ek alle froulju dy’t mienskip mei in man hân hawwe, moatte jim deadzje. 18Mar alle fammensbern dy’t noch gjin mienskip mei in man hân hawwe, dy meie jim foar jimsels yn it libben litte. 19En wat jimsels oanbelanget, sân dagen lang moatte jimme bûten it legerkamp bliuwe en elk dy’t ien deade hat of oan in fersleinenien west hat, dy moat himsels de tredde en de sânde dei suverje; dat jildt foar jimsels en foar de gefangenen. 20Ek alle klean, alle learen guod, alles wat fan geitehier makke is en alle houten dingen moatte jimme suverje. 21Pryster Eleäzar sei tsjin ’e mannen dy’t yn ’e striid west hienen en no weromkommen wienen: Dit skriuwt de wet foar, dy’t de Heare Mozes jûn hat: 22-23Tink derom: alles dat oer fjoer kin: goud, sulver, brûns, izer, tin en lead, moatte jim troch it fjoer helje, dan is it rein; it moat dan inkeld noch mei suveringswetter rein makke wurde. Alles dat net oer fjoer kin, moatte jimme troch it wetter helje. 24De sânde deis moatte jimme jim klean waskje, dan binne jim wer rein en meie dus wer yn it legerkamp komme.
De ferdieling fan ’e bút
25De Heare sei tsjin Mozes: 26Mei pryster Eleäzar en de famyljehaden fan ’e mienskip moatsto opnimme hoefolle der oan minsken en bisten gefangen nommen is. 27Ferdiel dan de bút yn twaën: de iene helte foar de mannen dy’t yn ’e striid west hawwe en de oare helte foar de fierdere mienskip. 28Lis de mannen dy’t yn ’e striid west hawwe, in skatting foar de Heare op fan ien op ’e fiifhûndert, sawol fan de minsken as fan de kij, de ezels en it lytsfee. 29Dat moatte jimme fan har part ôfhâlde en oan pryster Eleäzar jaan as skatting foar de Heare. 30Mar út it part foar de Israeliten moatsto ien op ’e fyftich nimme, sawol fan ’e minsken as fan de kij, de ezels en it lytsfee, fan alle bisten en dat oan ’e Leviten jaan dy’t tsjinst dogge by de tintwenning fan de Heare.
31Mozes en pryster Eleäzar dienen krektsa’t de Heare tsjin Mozes sein hie. 32Ofsjoen fan it guod dat it kriichsfolk bútmakke hie, hienen se yn beslach nommen: oan lytsfee 675.000, 33oan kij: 72.000, 34oan ezels: 61.000, 35oan minsken alles mei-inoar 32.000, te witten froulju dy’t noch gjin mienskip mei in man hân hienen. 36De helte – it part dus fan harren dy’t de striid yngien wienen – wie it tal oan skiep 337.500, 37dêrfan as skatting foar de Heare 675; 38oan kij 36.000, dêrfan as skatting foar de Heare 72; 39oan ezels 30.500, dêrfan as skatting foar de Heare 61; 40oan minsken 16.000, dêrfan as skatting foar de Heare 32. 41Doe joech Mozes de skatting dy’t foar de Heare opbrocht wurde moast oan pryster Eleäzar, krektsa’t de Heare tsjin Mozes sein hie. 42De oare helte, dy’t Mozes ornearre hie foar de Israeliten dy’t net mei yn ’e striid west hienen, 43dy helte, dus dy foar de mienskip, wie: oan skiep 337.500, 44oan kij 36.000, 45oan ezels 30.500, 46oan minsken 16.000. 47Fan dy helte foar de Israeliten hold Mozes ien op ’e fyftich, sawol fan ’e minsken as fan ’e bisten; dy joech er – krektsa’t de Heare sein hie – oan ’e Leviten dy’t by de tintwenning tsjinst dienen.
48Doe kamen de legeroanfierders op Mozes ta, de kommandanten oer tûzen- en hûndertskippen 49en se seinen tsjin Mozes: Jo tsjinners hawwe in telling holden fan ’e mannen dy’t ûnder ús stienen; en der mist net ien. 50Dêrom biede wy de Heare as offer oan, elk wat er oan goudguod krige hat: fuotkeattings, earmbannen, segelringen, earringen en halssieraden, as fersoening by de Heare foar ús libben. 51Dat sa krigen Mozes en Eleäzar fan harren it goud, allegear keunstich bewurke guod. 52Alle goud dat de kommandanten oer tûzenskippen en hûndertskippen foar de heffing foar de Heare opbrochten, wie 16.750 sikkel. 53It gewoane kriichsfolk hie oan it plonderjen west, allegearre foar harsels. 54Mozes en pryster Eleäzar namen it goud fan ’e kommandanten fan tûzen- en hûndertskippen oan en brochten it yn ’e tinte fan ’e moeting foar it antlit fan de Heare, ta in oantinken foar de Israeliten.