1En Mozes brocht alles oan ’e Israeliten oer, krekt sa’t de Heare it him opdroegen hie.
Jildichheid fan geloften fan froulju
2Mozes sei tsjin ’e stamhaden fan ’e Israeliten: Dit is wat de Heare foarskreaun hat: 3Wannear’t in manspersoan de Heare in gelofte docht of in eed swart, dêr’t er himsels mei ferplichtet him earne fan te ûnthâlden, dan mei er syn wurd net brekke: krektsa’t it him oer de lippen kommen is, krektsa moat er dwaan. 4Mar as in frouspersoan de Heare in gelofte docht of harsels ferplichtet har earne fan te ûnthâlden, wylst se noch as jongfaam by har heit yn ’e hûs is, 5en har heit heart de gelofte en de ferplichting dy’t se oangien is, mar hy oppenearret him net, dan bliuwe har geloften en elke ferplichting ta ûnthâlding dy’t se oangien is, jildich. 6Mar as har heit, sa gau’t er der fan heart, it har ferbiedt, dan bliuwt gjin inkelde gelofte of ferplichting ta ûnthâlding dy’t se oangien is, jildich. De Hear sil it har net oanrekkenje, om’t har heit it har ferbean hie.
7As hja lykwols in man kriget en se is by har trouwen bûn troch geloften dy’t se dien hat of in ferplichting ta ûnthâlding dy’t se der samar hinne sein hat, 8en har man heart derfan, mar hy oppenearret him net as er derfan heart, dan bliuwe har geloften jildich en de ferplichtings ta ûnthâlding dy’t se oangien is, bliuwe jildich. 9Mar hie dy man, sa gau’t er derfan hearde, it har ferbean, dan ferklearret er de gelofte dêr’t se troch bûn is of dêr’t se harsels troch der samar wat hinne te sizzen ta ferplichte hie, foar ûnjildich en de Heare sil it har net oanrekkenje.
10Wat de gelofte fan in widdo oanbelanget, of fan in frou dy’t by de man wei is, – alles dêr’t se har ta ferplichte hat, bliuwt jildich. 11Hat sa’n frou in gelofte dien, doe’t se noch by har man yn ’e hûs wie, of harsels mei in eed ta ûnthâlding ferplichte, 12en har man hie derfan heard mar him net oppenearre, – hy hie it har net ferbean – dan bliuwe al har geloften jildich en elke ferplichting ta ûnthâlding dy’t se oangien wie, bliuwt jildich. 13Mar hie har man, doe’t er derfan hearde, dy dingen mei klam ûnjildich ferklearre, dan bliuwt der neat jildich fan wat har oer de lippen kommen wie, nòch fan har gelofte nòch fan de ferplichting ta ûnthâlding dy’t se oangien wie; har man hat se ûnjildich ferklearre en de Heare sil it har net oanrekkenje. 14Alle gelofte en eed fan ferplichting ta persoanlike ûnthâlding – har man kin dy jildich meitsje of ûnjildich ferklearje. 15As har man him dei-út-dei-yn net oppenearret, dan lit er dêrmei al har geloften jildich bliuwe en elke ferplichting ta ûnthâlding dy’t se oangien is. Hy lit se dêrmei jildich bliuwe, mei’t er, sa gau’t er derfan hearde, him net oppenearre hat. 16Ferklearret hy se letter dochs noch ûnjildich, dan is hy ferantwurdlik foar har sûnde. 17Dat binne de foarskriften dy’t de Heare Mozes jûn hat oer de ferhâlding tusken man en frou en tusken in heit en syn dochter, dy’t as jongfaam by him yn ’e hûs is.