f. It nijjiersfeest
1Op ’e earste dei fan ’e sânde moanne moatte jimme in hillige gearkomste hâlde; dan meie jim alhiel net arbeidzje. Mei it blazen fan ’e hoarn moat dy dei fierd wurde. 2Jimme moatte dan in brânoffer bringe, in kostlike rook foar de Heare: ien jonge interbolle, ien raam en sân lammen fan in jier, allegearre sûnder skeel. 3It moaloffer derby sil wêze: blom fan moal mei oalje oanmongen: trije tsienden by dy interbolle, twa tsienden by dy raam 4en iderkear ien tsiende by elk fan dy sân lammen, 5mei ien geitebok as sûnde-offer om fersoening foar jimme te dwaan; 6(dat moatte jimme opdrage) boppe it brânoffer fan ’e nije moanne mei it moaloffer en it gewoane brânoffer dat dêrby heart; sa’t dy foarskreaun binne (moatte jimme dy klearmeitsje) as in kostlike rook, in fjoeroffer foar de Heare.
g. De grutte fersoendei
7De tsiende dei fan ’e sânde moanne moatte jimme in hillige gearkomste hâlde. Dan moatte jimme jimsels dingen ûntsizze en meie jim alhiel net arbeidzje. 8Dan moatte jim in brânoffer bringe, in kostlike rook foar de Heare: ien jonge interbolle, ien raam en sân lammen fan in jier, allegearre sûnder skeel, 9mei it spiisoffer dêrby: blom fan moal mei oalje oanmongen; trije tsienden op dy interbolle, twa tsienden op dy raam 10en iderkear ien tsiende by elk fan ’e sân lammen, 11mei ien geitebok as sûnde-offer; (dat allegearre moatte jimme opdrage) boppe it sûnde-offer foar de fersoening en it gewoane brânoffer mei it spiisoffer en it drankoffer dy’t dêrby hearre.
h. It huttefeest
12De fyftjinde deis fan ’e sânde moanne moatte jimme in hillige gearkomste hâlde; dan meie jim alhiel net arbeidzje, mar moatte jimme feest hâlde foar de Heare, sân dagen oanien. 13Jim moatte dan as brânoffer bringe – in fjoeroffer fan kostlike rook foar de Heare –: trettjin jonge interbollen, twa rammen en fjirtjin lammen fan in jier, sûnder skeel, 14mei de moaloffers dy’t dêrby hearre: blom fan moal mei oalje oanmongen: trije tsienden op elk fan ’e trettjin interbollen, twa tsienden op elk fan ’e twa rammen 15en iderkear ien tsiende op elk fan ’e fjirtjin lammen, 16mei ien geitebok as sûnde-offer; dat allegearre boppe it gewoane brânoffer mei it moaloffer en drankoffer dat dêrby heart.
17De twadde deis: tolve jonge interbollen, twa rammen en fjirtjin lammen fan in jier, sûnder skeel, 18mei de moal- en drankoffers dy’t dêr neffens foarskrift by hearre nei it tal bollen, rammen en lammen, 19mei ien geitebok as sûnde-offer, dat allegearre boppe it gewoane brânoffer mei it moal- en drankoffer dêrby.
20De tredde deis: alve jonge interbollen, twa rammen en fjirtjin lammen fan in jier, sûnder skeel, 21mei de moaloffers en drankoffers, dy’t dêr neffens foarskrift byhearre nei it tal bollen, rammen en lammen, 22mei ien geitebok as sûnde-offer; dat allegearre boppe it gewoane brânoffer mei it moaloffer en drankoffer dêrby.
23De fjirde deis: tsien jonge interbollen, twa rammen en fjirtjin lammen fan in jier, sûnder skeel, 24mei de moal- en drankoffers dy’t dêr neffens foarskrift by hearre nei it tal bollen, rammen en lammen, 25mei ien geitebok as sûnde-offer; dat allegearre boppe it gewoane brânoffer mei it moal- en drankoffer derby.
26De fyfte deis: njoggen jonge interbollen, twa rammen en fjirtjin lammen fan in jier, sûnder skeel, 27mei de moal- en drankoffers dy’t dêr neffens foarskrift by hearre nei it tal bollen, rammen en lammen, 28mei ien geitebok as sûnde-offer; dat allegearre boppe it gewoane brânoffer mei it moal- en drankoffer dêrby.
29De sechste dei: acht jonge interbollen, twa rammen en fjirtjin lammen fan in jier, sûnder skeel, 30mei de moal- en drankoffers dy’t der neffens foarskrift by hearre nei it tal bollen, rammen en lammen, 31mei ien geitebok as sûnde-offer; dat allegearre boppe it gewoane brânoffer mei it moal- en drankoffer dêrby.
32De sânde deis: sân jonge interbollen, twa rammen en fjirtjin lammen fan in jier, sûnder skeel, 33mei de moal- en drankoffers dy’t dêr neffens foarskrift by hearre nei it tal bollen, rammen en lammen, 34mei ien geitebok as sûnde-offer; dat allegearre boppe it gewoane brânoffer mei it spiis- en drankoffer dêrby.
35De achtste deis moatte jimme in einfeest hâlde; dan meie jim alhiel net arbeidzje. 36Dan moatte jimme in brânoffer bringe, in fjoeroffer fan kostlike rook foar de Heare: ien interbolle, ien raam en sân lammen fan in jier, sûnder skeel, 37mei de moal- en drankoffers dy’t dêr neffens foarskrift by hearre nei it tal fan bolle, raam en lammen, 38mei ien bok as sûnde-offer; dat allegearre boppe it gewoane brânoffer mei it moal- en drankoffer dêrby. 39Al dy offers moatte jimme de Heare bringe op jim stelde heechtijdagen, en dat boppe jimme brânoffers, moaloffers, drankoffers en tankoffers dy’t jim fanwegen in gelofte of as frijwillige jeften bringe.