De offers op dei, wike, moanne en op ’e feesten
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Jou de Israeliten bestel en sis tsjin harren: Jimme moatte der tige om tinke en bring My op ’e stelde tiid myn offers, myn spize foar de fjoeroffers mei de rook dy’t Ik kostlik achtsje.
a. It deistich offer
3En sis tsjin harren: Dit is it fjoeroffer dat jim de Heare bringe sille: deis twa geve lammen fan in jier as in fêst brânoffer. 4It iene laam moatsto moarns klearmeitsje, it oare yn ’e skimerjûn. 5Dêr komt dan as moaloffer by in tsiende efa blom fan moal, oanmongen mei in fjirde fan in hyn útparse oalje. 6Dat is it fêste brânoffer, sa’t it op ’e berch Sinai ynsteld is, in kostlike rook, in fjoeroffer foar de Heare. 7By elk laam heart in drankoffer fan in fjirde hyn. Dat drankoffer fan drank moatsto yn it hillichdom foar de Heare útjitte. 8It twadde laam moatsto yn ’e skimerjûn klearmeitsje mei krekt sa’n moaloffer as de moarns en mei it drankoffer dat dêrby heart: in fjoeroffer mei in kostlike rook foar de Heare.
b. It offer op sabbat
9Op ’e sabbatdei twa geve lammen fan in jier mei twa tsienden fan in efa blom fan moal as moaloffer, oanmongen mei oalje en mei it drankoffer dat dêrby heart. 10Dat is it sabbatsbrânoffer dat elke sabbat brocht wurde moat, oer it fêste brânoffer mei it drankoffer dat dêrby heart, hinne.
c. It offer op nijmoannedei
11By it begjin fan elke moanne moatte jimme as brânoffer foar de Heare bringe: twa interbollen, in raam en sân geve lammen fan noch gjin jier, 12en trije tsienden fan in efa blom fan moal as moaloffer, oanmongen mei oalje foar elke bolle en twa tsienden blom fan moal as moaloffer, oanmongen mei oalje foar dy raam, 13en ien tsiende blom fan moal as moaloffer mei oalje oanmongen by elk laam. Dat is in brânoffer mei in kostlike rook, in fjoeroffer foar de Heare. 14As drankoffer moat dêrby in heale hyn op in interbolle en in tredde hyn op in raam en in fjirde fan in hyn op in laam. Dat is it brânoffer fan de nije moanne, dat alle nije moannen weroan, it hiele jier lâns, brocht wurdt. 15Fierder moat der foar de Heare noch in geitebok klearmakke wurde as sûnde-offer. Dat moat allegearre offere wurde boppe it gewoane brânoffer mei it drankoffer dat dêrby heart.
d. De ûnsuorre breaën
16Op ’e fjirtjinde dei fan ’e earste moanne is it Peaske foar de Heare; 17en op ’e fyftjinde fan dy moanne is it feest: sân dagen lang moat der ûnsuorre brea iten wurde. 18De earste deis sil der in hillige gearkomste wêze, dy deis mei der perfoarst net arbeide wurde. 19Jimme moatte dan in fjoeroffer bringe, in brânoffer foar de Heare: twa jonge interbollen, ien raam, sân lammen fan noch gjin jier; allegear bisten sûnder skeel. 20It moaloffer dêrby moat wêze: blom fan moal, mei oalje oanmongen: trije tsienden op in interbolle en twa tsienden op dy raam moatte jimme klearmeitsje; 21Op elk fan ’e sân lammen moatsto iderkear in tsienden klearmeitsje; 22fierder as sûnde-offer ien geitebok om fersoening foar jimme te dwaan. 23Boppe it moarnsoffer – dat in gewoan brânoffer is – moatte jim dat allegear klearmeitsje. 24Sa sille jim dei oan dei, sân dagen lang klearmeitsje wat nedich is foar it fjoeroffer, in kostlike rook foar de Heare. Boppe it gewoane brânoffer moat it klearmakke wurde, mei it drankoffer dat dêrby heart. 25De sânde deis moatte jimme in hillige gearkomste hâlde; dan mei der perfoarst net arbeide wurde.
e. It feest fan ’e wiken
26De deis fan ’e earstelingen, as jim de Heare in nij moaloffer bringe op jimme ‘Feest fan ’e wiken’, moatte jimme in hillige gearkomste hâlde; dan mei der perfoarst net arbeide wurde. 27Jimme moatte dan as brânoffer bringe, in kostlike rook foar de Heare: twa jonge interbollen, ien raam en sân lammen fan in jier. 28En as moaloffer derby: blom fan moal, mei oalje oanmongen: trije tsienden op in interbolle, twa tsienden op dy raam 29en ien tsiende iderkear op elk fan ’e sân lammen; 30mei in geitebok om fersoening foar jimme te dwaan. 31Boppe it gewoane brânoffer en it spiisoffer dêrby en de drankoffers dy’t dêrby hearre, moatte jimme dat klearmeitsje; allegear bisten sûnder skeel.