Dochters kinne ek ervje
1Doe oppenearren har de dochters fan Selofchad, de soan fan Chefer, de soan fan Gileäd, de soan fan Makir, de soan fan Manasse, ien fan ’e famyljes fan Manasse, de soan fan Joazef. De nammen fan syn dochters wienen: Machla, Noä, Chogla, Milka en Tirza. 2Se ferskynden foar Mozes en pryster Eleäzar, foar de foarmannen en foar de hiele mienskip by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting en seinen: 3Us heit is stoarn yn ’e woestyn. Hy wie net by de binde mannen dy’t it doedestiids mei Koarach hâlden en it tsjin de Heare yn ’e kant setten. Mar hy is fanwegen syn eigen sûnden stoarn en soannen hied er net. 4Moat no ús heit syn namme út syn famylje weiwurde, om’t er gjin soan hie? Dat jou ús no ek famyljegrûn, krektlyk as ús heit syn bruorren!
5Doe brocht Mozes har saak foar de Heare; 6En de Heare sei tsjin Mozes: 7De dochters fan Selofchad hawwe gelyk. Dat do moatst harren in erfdiel yn besit jaan, likegoed as har heit syn bruorren; en dy dochters it erfskip fan har heit oerdrage. 8En tsjin ’e Israeliten moatsto sizze: As immen stjert en hy hat gjin soan, dan moatte jimme syn erfskip oan syn dochter oerdrage. 9Hat er ek gjin dochter, dan moatte jimme syn erfbesit syn bruorren jaan. 10Hat er ek gjin bruorren, dan moatte jimme syn erfbesit oan ’e bruorren fan syn heit jaan. 11Hat syn heit ek gjin bruorren, dan moatte jimme syn erfbesit oan dat lid fan ’e famylje jaan, dat him it neist stiet en dy moat it ervje. Sa’t de Heare it Mozes foarskreaun hat, sa sil it foar de Israeliten in wetlike regeling wêze.
Jozua wurdt as Mozes opfolger oanwiisd
12Doe sei de Heare tsjin Mozes: Gean it geberchte Abarim op en skôgje it lân, dat Ik de Israeliten jûn haw. 13En ast dat sjoen hast, silsto ek mei dyn folk ferienige wurde, krekt as dyn broer Aäron; 14omdat jimme yn ’e woestyn Sin, by de opstân fan de mienskip it tsjin myn wurd yn ’e kant set hawwe en, doe’t it om wetter gong, My foar it folk oer net as de Hillige erkend hawwe. – It hjit dêr no it wetter fan Meribá, by Kadesj yn ’e woestyn Sin. 15Doe sei Mozes tsjin de Heare: 16Mocht de Heare, de God dy’t al wat libbet it wêzen jout, no in man oer de gemeente beskikke; 17ien dy’t foar har útgiet as se fuortgeane en as se wer thúskomme, dy’t har oanfiert as se derop losgeane en as se weromkomme, dat de gemeente fan de Heare net wurde sil as skiep sûnder hoeder.
18Doe sei de Heare tsjin Mozes: Nim dan Jozua, de soan fan Nûn, in man fol fan geast en lis him de hannen op. 19Set him foar pryster Eleäzar en foar de hiele mienskip en jou him yn har bywêzen syn opdracht: 20Draach in part fan dyn eigen weardichheid op him oer, dan sil de hiele mienskip fan ’e Israeliten nei him harkje. 21Hy moat foar pryster Eleäzar stean gean; dy sil foar him de Heare om útslútsel freegje mei de Oerim: sa’t dy útspraak docht, sa moatte se derop útgean en sa’t dy útspraak docht, sa moatte se weromkomme, Jozua sels en mei him alle Israeliten en de hiele mienskip. 22Doe die Mozes wat de Heare him oplein hie; hy naam Jozua en sette him foar pryster Eleäzar en de hiele mienskip. 23Hy lei him de hannen op en joech him syn opdracht, krekt sa’t de Heare it him sein hie.