Israel wurdt foar de twadde kear teld
1Doe’t de pleach oer wie sei de Heare tsjin Mozes en tsjin Eleäzar, de soan fan pryster Aäron: 2Tel de hiele mienskip fan ’e Israeliten, alle striidbere mannen fan Israel fan tweintich jier ôf en dêrboppe, yn har stamhuzen. 3Mozes en pryster Eleäzar sprieken har ta yn ’e flakten fan Moäb by de Jordaan, foar Jericho oer, en seinen: 4Fan tweintich jier ôf en dêrboppe moatte jim teld wurde – sa’t de Heare Mozes opdroegen hie –. Dit wienen de Israeliten dy’t út Egypte tein wienen:
5Rûben, Israel syn âldste soan. Rûbens soannen: fan Chanok de famylje fan ’e Chnokiten; fan Pallû de famylje fan ’e Pallûiten; 6fan Chesron de famylje fan ’e Chesroniten; fan Karmy de famylje fan ’e Karmiten. 7Dat wienen de famyljes fan ’e Rûbeniten. It tal fan har dat ynskreaun waard, wie 43.730. 8De soan fan Pallû: Eliab. 9De soannen fan Eliab: Nemûël, Datan en Abiram. – Dat binne dyselde Datan en Abiram, ôffurdigen fan ’e folksmienskip, dy’t it tsjin Mozes en Aäron yn ’e kant set hawwe by de gearspanning fan Koarach, doe’t se it tsjin de Heare yn ’e kant setten. 10De ierde hat doe de mûle iepenskuord en harren ferslynd, tagelyk mei Koarach, dy’t mei syn oanhing stoar, doe’t it fjoer twahûndertfyftich man fertarde. Sa binne se in teken wurden. 11Mar de soannen fan Koarach stoaren net.
12Simeöns soannen mei har famyljes: fan Nemûël de famylje fan ’e Nemûëliten, fan Jamin de famylje fan ’e Jaminiten, fan Jakin de famylje fan ’e Jakiniten, 13fan Sêrach de famylje fan ’e Sêrachiten, fan Sjaûl de famylje fan ’e Sjaûliten. 14Dat wienen de famyljes fan ’e Simeöniten: 22.200 man.
15De soannen fan Gad mei har famyljes: fan Sjefon de famylje fan ’e Sjefoniten, fan Chagy de famylje fan ’e Chagiten, fan Sjûny de famylje fan ’e Sjûniten, 16fan Ozny de famylje fan ’e Ozniten, fan Eary de famylje fan ’e Eariten, 17fan Arod de famylje fan ’e Aroditen, fan Arely de famylje fan ’e Areliten. 18Dat wienen de famyljes fan ’e soannen fan Gad, sa’t se ynskreaun waarden, 40.500 man.
19De soannen fan Juda: Er en Onan; mar Er en Onan wienen al stoarn yn Kanaän. 20De soannen fan Juda fierder mei har famyljes: fan Sela de famylje fan ’e Selaniten, fan Pêres de famylje fan ’e Pêresiten, fan Sêrach de famyljes fan ’e Sêrachiten. 21De soannen fan Pêres: fan Chesron de famylje fan ’e Chesroniten, fan Chamûl de famylje fan ’e Chamûliten. 22Dat wienen de famyljes fan Juda, sa’t se ynskreaun waarden: 76.500 man. 23De soannen fan Issaskar mei har famyljes: fan Tola de famylje fan ’e Tolaïten, fan Pûwa de famylje fan ’e Pûwaniten, 24fan Jasjûb de famylje fan ’e Jasjûbiten, fan Sjimron de famylje fan ’e Sjimroniten. 25Dat wienen de famyljes fan Issaskar, sa’t se ynskreaun waarden: 64.300 man. 26De soannen fan Sebûlon mei har famyljes: fan Sêred de famylje fan ’e Sêrediten, fan Elon de famylje fan ’e Eloniten, fan Jachleël de famylje fan ’e Jachleëliten. 27Dat wienen de famyljes fan Sebûlon, sa’t se ynskreaun waarden: 60.500 man. 28De soannen fan Joazef mei har famyljes: Manasse en Efraïm.
29De soannen fan Manasse: fan Makir de famylje fan ’e Makiriten. Makir wie de heit fan Gileäd. Fan Gileäd de famylje fan ’e Gileäditen. 30Dit binne de soannen fan Gileäd: fan Iëzer de famylje fan ’e Iëzeriten, fan Chelek de famylje fan ’e Chelekiten, 31fan Asriël de famylje fan ’e Asriëliten, fan Sjêkem de famylje fan ’e Sjêkemiten, 32fan Sjemida de famyljes fan ’e Sjemidaïten, fan Chefer de famylje fan ’e Cheferiten. 33Mar Selofchad, Chefer syn soan, hie gjin soannen, allinne dochters; de nammen fan syn dochters wienen: Machla, Noä, Chogla, Milka en Tirza. 34Dat wienen de famyljes fan Manasse; fan har waarden ynskrean: 52.700 man.
35Dit binne de soannen fan Efraïm mei har famyljes: fan Sjûtêlach de famylje fan ’e Sjûtêlachiten, fan Bêker de famylje fan ’e Bêkeriten, fan Tachan de famylje fan ’e Tachâniten. 36Dit binne de soannen fan Sjûtêlach: fan Earan de famylje fan ’e Earaniten. 37Dat wienen de famyljes fan Efraïm, sa’t se ynskreaun waarden: 32.500 man. Dat wienen de soannen fan Joazef mei har famyljes.
38De soannen fan Benjamin mei har famyljes: fan Bêla de famylje fan ’e Bêlaïten, fan Asjbel de famylje fan ’e Asjbeliten, fan Achiram de famylje fan ’e Achiramiten, 39fan Sjefûfam de famylje fan ’e Sjefûfamiten, fan Chûfam de famylje fan ’e Chûfamiten. 40Bêla syn soannen wienen: Ard en Naäman; (fan Ard) de famylje fan ’e Arditen, fan Naäman de famylje fan ’e Naämiten. 41Dat wienen de soannen fan Benjamin mei har famyljes: der waarden 45.600 man ynskreaun.
42Dit binne de soannen fan Dan mei har famyljes: fan Sjûcham de famylje fan ’e Sjûchamiten. Dat wienen de famyljes fan Dan (mei har famyljes). 43Alle famyljes fan ’e Sjûchamiten sa’t se ynskreaun waarden, wienen 64.400 man. 44De soannen fan Azer mei har famyljes: fan Jimna de famylje Jimna, fan Jismy de famylje Jismy, fan Beria de famylje fan ’e Beriten. 45Fan Beria’s soannen: fan Chêber de famylje fan ’e Chêberiten, fan Malkiël de famylje fan ’e ’e Malkiëliten. 46Azer syn dochter hjitte Sêrach. 47Dat wienen de famyljes fan Azer syn soannen, sa’t se ynskreaun waarden: 53.400 man.
48De soannen fan Naftaly mei har famyljes: fan Jachsiël de famylje fan ’e Jachsiëliten, fan Gûny de famylje fan ’e Gûniten, 49fan Jezer de famylje fan ’e Jezeriten, fan Sjillem de famylje fan ’e Sjillemiten. 50Dat wienen de famyljes fan Naftaly mei har famyljes, der waarden fan har 45.500 man ynskreaun. 51Dat binne dy’t fan ’e Israeliten ynskreaun waarden: 601.730 man.
52Doe sei de Heare tsjin Mozes: 53Dat binne dyjingen dy’t by it ferparten fan it lân in stik grûn yn erfbesit tawiisd wurde moat, al nei’t se machtich binne. 54Wa’t machtich binne, dy moatsto in grutter stik, wa’t minmachtich binne, in lytser stik yn erfbesit jaan; elkenien moat syn erfskip taskikt wurde neffens it tal dat ynskreaun is. 55Mar it lân moat by it lot ferparte wurde: neffens it tal nammen fan har stamhuzen krije se har erfbesit. 56Nei’t it lot útwiist, moat elk syn erfbesit tawiisd krije, neigeraden se machtich of minmachtich binne.
57Dit binne dejingen dy’t fan Levy ynskreaun waarden mei har famyljes: fan Gersjon de famylje fan ’e Gersjoniten, fan Kehat de famylje fan ’e Kehatiten en fan Merary de famylje fan ’e Merariten. 58Dit binne de famyljes fan Levy: dy fan ’e Libniten, de Chebroniten, de Machliten, de Mûsjiten en de Korchiten. Kehat wie de heit fan Amram. 59Amram syn frou hiet Jokebed, dochter fan Levy. Har mem hie har yn Egypte krigen. Jokebed joech oan Amram: Aäron en Mozes en har suster Mirjam. 60Aäron krige Nadab en Abihû, Eleäzar en Itamar. 61Nadab en Abihû lykwols stoaren, doe’t se frjemd fjoer op it alter fan de Heare brochten. 62Fan ’e Leviten waarden 23.000 man ynskreaun, allegearre fan it manlik geslacht, fan in moanne en âlder. Mar se waarden net by de oare Israeliten rekkene, om’t harren gjin grûn as erfskip tawiisd waard lykas de oare Israeliten.
63Dat binne dyjingen dy’t troch Mozes en Eleäzar ynskreaun waarden. Dy skreauwen de Israeliten yn yn ’e flakten fan Moäb by Jericho oan ’e Jordaan. 64Mar dêr wie gjinien mear by fan dyjinge dy’t Mozes en pryster Aäron ynskreaun hienen, doe’t dy de Israeliten destiids yn ’e woestyn Sinai ynskreauwen. 65Want de Heare hie harren oansein, dat se yn ’e woestyn stjerre soenen. Der wie fan harren dan ek gjinien mear yn wêzen, oars net as Kaleb, de soan fan Jefûnne en Jozua, de soan fan Nûn.