Numeri 25
Israel docht ôfgoaderij mei Baäl-Peör
1Wylst Israel te Sjittim tahâlde, begûnen se mei Moäbityske froulju om te slaan; 2dy hienen it folk útnoege by de offers foar har goaden. It folk iet mei en se bûgden har yn oanbidding foar dy lju har goaden. 3Doe’t Israel him sa mei Baäl-Peör ôfjoech, lôge de grime fan de Heare tsjin Israel op, 4en de Heare sei tsjin Mozes: Gryp de famyljehaden fan it folk en hingje se allegearre op, op ljochtskyndei, foar de Heare, dat de gleone grime fan de Heare him fan Israel ôfkeare mei. 5Doe sei Mozes tsjin ’e rjochters fan Israel: Elk fan jimme moat syn eigen mannen deadzje, foar safier’t se har mei Baäl-Peör ôfjûn hawwe.
6Wylst Mozes en de hiele mienskip fan ’e Israeliten foar de tinte fan ’e moeting sieten te skriemen, seagen se, dat in Israelyt in Midjanitysk frouminske meinaam nei syn heite tinte. 7Mar doe’t Pinechas, de soan fan Eleäzar, de soan fan pryster Aäron dat yn ’e rekken krige, joech er him oerein út ’e mienskip wei en naam in spear, 8gong achter dy Israelyt oan de frouljustinte yn en stiek har beide, de Israelyt en dat frouminske tagelyk troch it liif. Dêrmei hâlde de pleach ûnder de Israeliten op. 9Der wienen lykwols troch de pleach al 24.000 man dearekke.
10Doe sei de Heare tsjin Mozes: 11Pinechas, de soan fan Eleäzar, de soan fan pryster Aäron, hat myn grime tsjin ’e Israeliten bestille, mei’t er yn har fermidden deselde gleone iver betoand hat as Ik. Dat Ik haw de Israeliten net alhielendal útroege. 12Sis it dêrom fierder: Hjirby bied Ik him myn ferbûn fan freonskip oan. 13Dat hâldt foar him en syn neiteam yn: in altydduorjend prysterskip, om’t hy mei baarnende iver foar syn God opkommen is en fersoening foar de Israeliten ta stân brocht hat. 14De Israelyt dy’t tagelyk mei it Midjanityske frommiske deastutsen wie, hiet Simry. It wie in soan fan Salû, haad fan in famylje út Simeön; 15en it Midjanityske frommiske dat deastutsen wie, hiet Kosby. Hja wie in dochter fan Sûr, in stamhaad fan ’e Midjaniten. 16Doe sei de Heare tsjin Mozes: 17Behannelje de Midjaniten as fijannen en ferslaan se, 18want se hawwe jimme as fijannen behannele mei har glûpske streken dy’t se tsjin jim betocht hawwe. Dat hat wol bliken dien by Peör en yn it gefal mei Kosby, dochter fan in Midjanitehaad, in frommiske út har stam, dy’t deastutsen waard by de pleach fanwegen Peör.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap