1Doe’t Bileäm ynseach, dat de Heare woe dat er Israel segene, gong er net lykas de beide oare kearen mei beswarrings te wurk, mar hy kearde him mei it gesicht nei de woestyn ta. 2Doe’t Bileäm de eagen opsloech, seach er it folk Israel sa’t dat him dêr legere hie, stam by stam. Doe kaam Gods Geast oer him 3en hy spriek syn orakelspreuk en sei:
Godsspraak fan Bileäm, de soan fan Beör,
godsspraak fan de man dy’t ferburgen dingen sjocht,
4godsspraak fan him, dy’t Gods wurden heart,
dy’t fan de Almachtige fizioenen krijt,
dy’t as er delfalt, de eagen ferljochte wurde.
5Wat binne dyn tinten kostlik, Jakob,
en dyn wenten, o Israel!
6As beekbêdings wreidzje har út,
as hôven oan in rivier,
as aloébeammen dy’t de Heare plante hat
en as seders oan it wetter.
7Syn amers rinne oer,
wat er sieddet hat folop wetter.
Syn kening riist fier boppe Agag út,
syn keninkryk is heech ferheven.
8God, dy’t him út Egypte helle hat,
Dy is foar him as de hoarnen foar de buffel.
Hy sil de naasjes dy’t him tsjin binne, fersline,
Hy gnaut har bonken ôf en brekt har de lea.
9Hy rekt him út en jout him del as in liuw,
as in liuwinne. Gjinien dy’t him opjeie doar.
Wa’t dij segenet, dy is segene,
wa’t dij ferflokt, dy is ferflokt.
10Doe waard Balak slim lilk op Bileäm; hy sloech de hannen yninoar en sei tsjin him: Ik hie jo roppen om myn fijannen te ferflokken, mar jo dogge oars net as har segenje, no al trije kear. 11Jou jo no mar ôf nei jo wenplak. Ik hie tocht, dat ik jo mei grutte earbewizen leanje soe, mar de Heare hat jo dy eare grif ûntkeard. 12Doe sei Bileäm tsjin Balak: Mar ik hie ommers al tsjin jo boaden, dy’t jo nei my tastjoerd hienen, sein: 13Al joech Balak my syn hiele hûs mei sulver en goud, – it gebod fan de Heare kin ik perfoarst net tsjin yngean, noch te’n goeden, noch te’n kweaden, sa’t it eigen hert my opjout; ik kin allinne sizze wat de Heare seit.
Bileäm syn fjirde spreuk
14Goed, ik gean sa dêrmei nei myn folk werom. Ik wol jo lykwols earst noch warskôgje, wat dat folk yn letter dagen jo folk oandwaan sil. 15Dat sa spriek er syn orakelspreuk en sei:
Godsspraak fan Bileäm, de soan fan Beör,
godsspraak fan de man, dy’t ferburgen dingen sjocht,
16godsspraak fan him dy’t Gods wurden heart
en dy’t wittenskip hat fan de Allerheechste;
dy’t fan de Almachtige fizioenen krijt,
dy’t as er delfalt, de eagen ferljochte wurde.
17Ik sjoch him al, mar hy is der noch net;
ik oanskôgje him, mar net fan tichteby.
Der sil in stjer út Jakob opkomme,
in komeet ferrize út Israel;
dy sil Moäb de sliepen ynslaan
en de Sûteeërs de plasse ferpletterje.
18Edom wurdt syn erfbesit
en Seïr – syn fijân – komt dat ek oer;
want Israel lit syn macht jilde,
19út Jakob komt ien dy’t hearsket,
ien dy’t de flechtlingen út ’e stêd ferdylget.
Spreuken oer oare folken
20Doe’t er Amalek seach, spriek er dizze orakelspreuk:
Amalek is de foarst fan ’e heidenfolken,
mar op it lêst rint it mei him op ûndergong út.
21Doe’t er de Keniten seach, spriek er dizze orakelspreuk:
Al binne dyn wenten noch sa hecht,
en hast dyn nêsten yn ’e rotsen boud,
22dochs bisto ornearre om weireage te wurden, folk fan Kajin,
hoe lang noch, en Assyrië nimt dij as gefangene mei?
23Fierder spriek er dizze orakelspreuk út:
Wee dochs, wa sil yn libben bliuwe,
as God syn plannen folbringt?
24Skippen komme fan ’e kusten fan ’e Kittiërs,
dy hâlde Assyrië derûnder, dy hâlde Eber derûnder,
alhoewol, ek mei harren rint it op ûndergong út.
25Doe joech Bileäm him op ’en paad en sette wer nei syn eigen plak. Balak gong ek syn wegen.