1Doe sei Bileäm tsjin Balak: Bou hjir sân alters en meitsje my hjir sân interbollen en sân rammen klear. 2Balak die sa’t Bileäm sein hie en offere op elk alter in interbolle en in raam. 3Doe sei Bileäm tsjin Balak: Bliuw jo by jo brânoffer stean, wylst ik fierderop gean; wa-wit, komt de Heare my yn ’e mjitte. Wat Er my ek sjen lit, dat sil ik jo te witten dwaan. Sa gong Bileäm nei in keale hichte ta. 4Dêr kaam God Bileäm yn ’e mjitte. Bileäm sei tsjin Him: Sân alters haw ik yn oarder bringe litten en op elk dêrfan haw ik in interbolle en in raam offere. 5Doe lei de Heare Bileäm in wurd yn ’e mûle en Hy sei: Gean nei Balak werom; sa en sa moatsto sprekke. 6Doe’t Bileäm wer by him kaam, seach er Balak noch by syn brânoffer stean mei alle foarsten fan Moäb by him. 7Doe spriek Bileäm syn orakelspreuk en sei:
Ut Aram hat Balak my roppe litten,
fan ’e bergen yn it easten hat de kening fan Moäb my bean:
Kom – sei er – flok my Jakob,
kom, ferwinskje my Israel.
8Mar hoe sil ik flokke, dy’t God net flokt,
hoe ferwinskje, dy’t de Heare net ferwinsket?
9Fan ’e top fan ’e rotsen ôf sjoch ik it folk,
fan ’e hichten ôf kin ik it oersjen;
it is in folk dat apart wennet fan ’e oare folken
en him net lyk rekkenet mei ien fan dyen.
10Wa kin de stofwolk telle, dy’t Jakob is,
ek mar it stof fan Israel besiferje?
Och, mocht ik stjerre sa’t dy rjochtskepenen stjerre
mocht myn útein wêze lykas harres.
11Doe sei Balak tsjin Bileäm: Wat ha jo my no dien? Om myn fijân te ferflokken hie ik jo helle en ynpleats ha jo se segene! 12Bileäm antwurde: Wat de Heare my yn ’e mûle leit, moat ik my dêr net oan hâlde en dat allinne sizze?
Bileäm syn twadde spreuk
13Doe sei Balak tsjin him: Kom dan mei nei in oar plak, dêr’t jo dat folk ek wei sjen kinne; wol net it hiele folk mar dan dochs in útein; sprek dêrwei dan de flok oer harren út. 14Doe naam er him mei nei it wachtersfjild op ’e top fan ’e Pisga; dêr boude er sân alters en offere op elk in interbolle en in raam. 15Doe sei Bileäm tsjin Balak: Bliuw jo hjir by jo brânoffer stean, wylst ik dêrjinsen wachtsje op in nije moeting. 16De Heare kaam Bileäm yn ’e mjitte en lei him in wurd yn ’e mûle en Hy sei tsjin him: Gean werom nei Balak; sa en sa moatsto sprekke. 17Doe’t er wer by Balak kaam, seach er him noch by syn brânoffer stean mei de mannen fan Moäb by him. Balak sei tsjin him: Wat hat de Heare sein? 18Doe spriek er syn orakelspreuk en sei:
Kom oerein, Balak, en harkje,
hâld it ear dernei, soan fan Sippor:
19God is gjin man, dat Er Him net oan syn wurd hâlde soe;
gjin minske, dat it Him muoie soe wat Er sein hat.
Soe Hy wat sizze en it net dwaan,
sprekke en it net folbringe?
20Sjoch, ik haw opdracht krige om te segenjen,
en as Hy segenet, dan kear ik it net.
21Men fernimt gjin ûnheil by Jakob,
men sjocht gjin rampen yn Israel.
Har God, de Heare, stiet har by,
Dy wurdt by harren as kening tajubele.
22God, dy’t har út Egypte helle,
Dy is foar harren as de hoarnen foar de buffel.
23Wier, tsjin Jakob jout gjin tsjoenderij wat,
tsjin Israel gjin wiersizzerij!
It is no de tiid dat Jakob fernimt
en Israel heart wat God dwaan sil.
24Sjoch, hjir is in folk, dat him
oereinjout as in liuwinne,
dat opriist as in liuw:
it jout him net del ear’t it syn bút ferslynd
en it bloed fan syn proai dronken hat.
25Doe sei Balak tsjin Bileäm: As jo dan net ferflokke kinne, segenje dan teminsten net. 26Mar Bileäm antwurde Balak: Ik haw jo ommers foarút al sein: Alles wat de Heare seit, dat sil ik dwaan?
Bileäm syn tredde spreuk
27Doe sei Balak tsjin Bileäm: Wolno, dan nim ik jo mei nei in oar plak. Wa-wit, achtet God dat it rjochte plak, dat jo my dêrwei it folk ferflokke. 28Doe naam Balak Bileäm mei nei de top fan ’e Peör, dy’t útriist boppe de wyldernis. 29Bileäm sei tsjin Balak: Bou my hjir sân alters en meitsje my hjir sân interbollen en sân rammen klear. 30Balak die sa’t Bileäm sein hie en offere op elk alter in interbolle en in raam.