1De Israeliten brieken op en legeren har yn ’e flakten fan Moäb oan ’e oare kant de Jordaan, by Jericho.
Balak lit Bileäm roppe
2Balak, de soan fan Sippor, hie alles sjoen wat Israel de Amoriten dien hie. 3Dat yn Moäb waarden se tige bang foar it folk, omdat it sa machtich wie; ja, se waarden stjerrende benaud, doe’t se de Israeliten oankommen seagen. 4Doe seinen de Moäbiten tsjin ’e âldsten fan Midjan: No sil dizze binde alles om ús hinne ôffrette, sa’t in kobist it grien fan it fjild ôffret. – No wie Balak, de soan fan Sippor, yn dy tiid kening fan Moäb. 5Doe stjoerde er boaden nei Bileäm, de soan fan Beör, te Petor, dat oan ’e rivier (de Eufraat) yn it lân fan ’e Ammaviten leit, om him te roppen. Se moasten sizze: Der is in folk út Egypte kommen, dat nimt it hiele lân yn beslach en se hawwe har delset lyk foar my oer. 6No dan, kom dochs en sprek foar my de flok út oer dit folk, want it is my te mânsk. Wa wit, kin ik it dan net ferslaan en it lân útjeie, want ik wit: wa’t jo segenje, dy is segene en wa’t jo ferflokke, dy is ferflokt.
7Doe gongen de âldsten fan Moäb mei dy fan Midjan op ’en paad mei it wiersizzerslean by har. Doe’t se by Bileäm kamen, brochten se him Balak syn wurden oer. 8Bileäm sei tsjin harren: Bliuw hjir de nacht oer, dan sil ik jimme it antwurd sizze, dat de Heare my jout. Dat sa bleauwen de foarsten fan Moäb by Bileäm. 9Doe kaam God by Bileäm en sei: Wat binne dat foar mannen dêr by dy yn ’e hûs? 10Bileäm sei tsjin God: Balak, de soan fan Sippor, de kening fan Moäb, hat my boadskip stjoerd: 11Dêr is in folk út Egypte kommen en dat hat it lân hielendal yn beslach nommen. Kom dan dochs, ferwinskje it foar my, – wa wit, kin ik se dan ha en se it lân útjeie. 12Doe sei God tsjin Bileäm: Do meist net mei dy lju gean, do meist dat folk net ferflokke, want it is segene. 13Doe’t Bileäm der de moarns ôfgien wie, sei er tsjin ’e mannen út Moäb: Gean mar nei jimme lân werom, want de Heare wol net lije dat ik mei jim gean. 14Dat sa joegen de mannen fan Moäb har wer op ’en paad. Se kamen by Balak en seinen: Bileäm woe net mei. 15Doe stjoerde Balak op ’en nij foarsten, mear en heger noch as de earsten. 16Dy kamen by Bileäm en seinen tsjin him: Dit hat Balak, de soan fan Sippor jo te sizzen: Lit neat jo yn ’e wei stean om by my te kommen, 17want ik sil jo rike earbewizen jaan en alles dwaan wat jo mar sizze. As jo dan mar komme en ferwinskje dit folk foar my. 18Doe antwurde Bileäm Balak syn tsjinners: Al joech Balak my syn hûs fol sulver en goud, dan soe ik noch net tsjin it gebod fan de Heare, myn God, yngean noch yn it lyts noch yn it grut. 19Bliuw hjir lykwols de nacht noch oer, dan wurd ik wol gewaar, wat de Heare my noch mear te sizzen hat. 20Doe kaam God de nachts by Bileäm en sei tsjin him: As dy mannen kommen binne om dy te roppen, jou dy dan mei harren op ’en paad, mar do meist allinne dwaan wat Ik dy sis. 21De oare moarns makke Bileäm him klear, hy seale syn ezel en gong mei de mannen fan Moäb.
Bileäm syn reis nei Balak
22Mar Gods grime lôge op, no’t Bileäm dochs meigong. En de ingel fan de Heare gong op ’e wei stean om him te kearen. Wylst Bileäm op syn ezel ried mei twa feinten by him, 23seach de ezel de ingel op ’e wei stean, it útlutsen swurd yn ’e hân. Dat de ezel gong fansiden, fan ’e wei ôf, it fjild yn. Doe sloech Bileäm de ezel, om him wer op ’e wei te krijen. 24Doe gong de ingel op in smel paad stean, tusken de druvehôven yn mei oan wjerskanten in muorke. 25Doe’t de ezel de ingel seach, krong er tsjin ’e muorre oan en beknypte Bileäm syn foet tsjin ’e muorre. Dêrom sloech er him nochris. 26Doe gong de ingel in ein fierder en bleau stean op in plak, sa nau, dat der alhiel gjin ûntwyk wie, rjochts noch links. 27Doe’t de ezel de ingel seach, gong er plat oer de grûn lizzen, ûnder Bileäm. Bileäm waard razend en hy sloech de ezel mei de stôk. 28Doe makke de Heare dat de ezel prate koe en hy sei tsjin Bileäm: Wat haw ik jo misdien, dat jo my no al trije kear slein hawwe? 29Bileäm sei tsjin ’e ezel: Omdatsto de gek mei my hast! Mar goed, dat ik gjin swurd by my haw, oars hie ik dy op slach deamakke! 30Doe sei de ezel tsjin Bileäm: Bin ik jo ezel net, dêr’t jo al jo libbensdagen al op riden hawwe? Haw ik jo oait sa behannele? Hy sei: Nee! 31Doe iepene de Heare Bileäm de eagen, dat er de ingel op ’e wei stean seach mei it útlutsen swurd yn ’e hân. Doe foel Bileäm op ’e knibbels en bûgde him del mei it gesicht nei de grûn. 32En de ingel sei tsjin him: Werom hasto dyn ezel no al trije kear slein? Tink derom, ik bin derop útgien om dy te kearen, want dizze reis tsjin myn wil docht dy de ûndergong. 33Mar de ezel hat my wol sjoen en hy is my trijeris út ’e wei gien. Hie er dat net dien, dan hie ik dij deade, mar him yn it libben litten. 34Doe sei Bileäm tsjin ’e ingel: Ik haw mis west. Ik wist ek net, dat jo foar my oer yn ’e wei stienen. Mar, as jo it net goed fine, dan sil ik wol weromgean. 35De ingel antwurde Bileäm: Gean mar mei dy mannen. Allinne, do silst oars net sprekke as it wurd dat Ik dy sis. Dat sa gong Bileäm mei Balak syn mannen.
Bileäm komt by Balak
36Doe’t Balak hearde dat Bileäm der oan kaam, gong er de stêd út, him yn ’e mjitte oan ’e stêd fan ’e Moäbiten ta, dy’t op ’e râne fan it grinsgebiet fan ’e Arnon leit. 37Balak sei tsjin Bileäm: Ik hie jo dochs al earder boaden stjoerd om jo te roppen? Wêrom binne jo doe net kommen? Tochten jo no wier, dat ik jo net genôch earbewizen jaan koe? 38Mar Bileäm sei tsjin Balak: Sa’t jo sjogge, bin ik der no, mar ik wit net oft ik wol wat sizze kin. De wurden dy’t God my yn ’e mûle lizze sil, dy sil ik sizze. 39Doe gong Bileäm mei Balak en se kamen te Kirjat-Chûzot. 40Dêr slachte Balak skiep en kij en hy stjoerde Bileäm en ek de mannen dy’t by him wienen, der in part fan.
Bileäm syn earste spreuk
41De oare moarns naam Balak Bileäm mei de Baälshichten op. Dêrwei koed er in part fan it folk sjen.