De kening fan Arad ferslein
1Doe’t de kening fan Arad – in Kanaänyt dy’t yn it Suderlân wenne – hearde, dat Israel deroan kaam, de wei fan Atarim lâns, gong er de striid mei Israel oan en naam guon fan harren gefangen. 2Doe die Israel de Heare dizze gelofte: ‘As Jo my dit folk yn ’e hannen jouwe, dan sil ik har stêden ûnder de ban lizze.’ 3En de Heare ferhearde Israel en joech har de Kanaäniten yn ’e hannen. Se brochten de ban oer de minsken en har stêden en neamden dat plak Chorma, dat is ban.
De brûnzen slange
4Se brieken op fan ’e berch Hor en gongen dat út nei de Reidsee – want se woenen om Edom hinne –. Mar it folk waard ûngeduldich op dy tocht. 5Se sprieken op tsjin God en tsjin Mozes: Wêrom hawwe jim ús út Egypte helle? Om yn ’e woestyn te stjerren? Hjir is gjin brea, hjir is gjin wetter en dat mjitske iten, wy grize derfan! 6Doe stjoerde God slangen op it folk ôf; dy bieten de Israeliten, dat der stoaren fan it folk wit-hoe-folle. 7Doe kamen se by Mozes en seinen: Wy hawwe mis west mei ús opsprekken tsjin de Heare en tsjin jo. Bid de Heare, dat Er dy slangen by ús weihellet. Doe bidde Mozes foar it folk. 8De Heare sei tsjin Mozes: Meitsje sa’n feninige slange nei en set dy op in stander. Dan sil elk dy’t biten is en dêrnei sjocht, it libben derôf rêde. 9Doe makke Mozes in brûnzen slange en sette dy op in stander. Elk dy’t sûnt troch in slange biten waard en nei de brûnzen slange opseach, dy bleau yn it libben.
Tocht nei Moäb
10De Israeliten brieken op en legeren har te Obot. 11Se brieken op fan Obot en legeren har te Ijje-Abarim, yn ’e woestyn dy’t op it easten foar Moäb oer leit. 12Dêrwei brieken se op en legeren har yn ’e delling fan ’e beek Sêred. 13Dêrwei brieken se op en legeren har oan ’e oare kant de Arnon, dy’t troch de woestyn rint en út it gebied fan ’e Amoriten komt – sa’t men wit is de Arnon de grins tusken Moäb en de Amoriten. 14Dêrom wurdt yn it boek fan ’e oarloggen fan de Heare sein:
Waheb yn Sûfa, de delling fan ’e Arnon,
15ek de skeanten fan ’e beekdelling,
dy’t him bûcht nei de delsetting fan Ar,
dy’t tsjin it gebiet fan Moäb oan leit.
16Dêrwei nei Beër, dat is de welle, dy’t de Heare bedoelde, doe’t Er tsjin Mozes sei: Rop it folk byinoar, dan jou Ik har wetter. 17Doe song Israel dit liet:
Brûs dan op, welle!
Kom, lit ús in barsang op har sjonge.
18Wellen, dy’t foarsten útdold,
dy’t edelen fan it folk groeven hawwe mei skepter en stêf!
Fan ’e woestyn gong it nei Mattana.
19Fan Mattana (gong it) nei Nachaliël, fan Nachaliël nei Bamot. 20En fan Bamot nei de delling yn it fjild fan Moäb, by de top fan ’e Pisga, dy’t oer de wyldernis útsjocht.
Kening Sichon ferslein
21Israel stjoerde boaden nei Sichon, de kening fan ’e Amoriten, mei dit boadskip: 22Jou my dochs it frij om troch jo lân te gean, wy sille net ôfslaan nei boulân of wyngerd, wy sille gjin wetter út ’e wellen drinke; de keninklike wei sille wy hâlde oant wy troch jo gerjochtichheid binne. 23Mar Sichon woe Israel net troch syn gerjochtichheid gean litte, mar brocht al syn folk byinoar en gong op Israel los, de woestyn yn. Hy kaam te Jachas en gong dêr mei Israel yn ’e striid. 24Mar Israel fersloech him mei it skerp fan it swurd en naam syn lân yn besit fan ’e Arnon ôf oan ’e Jabbok ta, oan ’e grins mei de Ammoniten ta, want dy wie fersterke. 25Israel naam alle stêden fan ’e Amoriten yn en sette him dêr nei wenjen, ek yn Chesbon en de plakken dy’t dêrby hearden. 26Want Chesbon wie de residinsje fan kening Sichon fan ’e Amoriten en dat wie de man dy’t tsjin ’e eardere kening fan Moäb fochten en him al syn lân ûntnadere hie, oan ’e Arnon ta. 27Dêrom sizze de dichters:
Kom nei Chesbon,
lit de stêd fan Sichonwer
opboud en fersterke wurde.
28Want der is in fjoer fan Chesbon útgien,
in flam út it bolwurk fan Sichon:
dat hat de residinsje fan Moäb fertard
en de hearskers fan ’e hichten fan ’e Arnon.
29Ungelokkich Moäb!
Ferlern bisto, folk fan Kemosj!
Dyn soannen moasten op ’e flecht slaan,
dyn dochters binne bútmakke
troch Sichon, de kening fan ’e Amoriten.
30Mar doe’t wy ús pylken op har ôfskeaten,
gong alles dêroan, fan Chesbon ôf oan Dibon ta;
oan Nofach ta hawwe wy it lân ferrinnewearre,
de hiele kontrei, oan Medeba ta.
31Sa sette Israel him nei wenjen yn it lân fan ’e Amoriten. 32Neitiid stjoerde Mozes guon út om Jazer te bespionnearjen; se namen de plakken dy’t derby hearden yn en Mozes ferjage de Amoriten dy’t dêr wennen.
Oerwinning op Og
33Doe sloegen se ôf en gongen de wei nei Bazan op. Kening Og fan Bazan sette op harren ta, hy en al syn folk, om by Edreï slach te leverjen. 34Doe sei de Heare tsjin Mozes: Wês net bang foar him, want Ik haw him mei al syn folk en syn lân oan dy oerlevere. Do moatst krektsa mei him dwaan, as mei kening Sichon fan ’e Amoriten, dy te Chesbon wenne. 35Se fersloegen him mei syn soannen en al syn folk oan ’e lêste man ta en namen syn lân yn besit.