Mirjam stjert
1Yn ’e earste moanne kaam de hiele mienskip fan ’e Israeliten yn ’e woestyn Sin. Wylst it folk te Kadesj tahâlde, kaam Mirjam te ferstjerren. Hja waard dêr ek begroeven.
Wetter út ’e rots. Meribá
2Op in kear hie de mienskip gjin wetter. Hja hokken doe gear tsjin Mozes en Aäron 3en it folk begûn Mozes ferwiten te dwaan en se seinen: Och, wienen wy mar omkommen, tagelyk mei ús bruorren foar it antlit fan de Heare. 4Hawwe jimme dizze gemeente fan de Heare faaks nei dizze woestyn brocht om dêr te stjerren, wy en ús fee? 5En wêrom hawwe jimme ús út Egypte helle en yn dizze ellindige oarde brocht, dêr’t gjin nôt is en gjin figen, gjin druvebeammen en gjin granaatappels en net ienris wetter om te drinken? 6Doe gongen Mozes en Aäron by de gemeente wei nei de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting en lieten har dêr oer de grûn falle. Doe ferskynde de Heare har yn al syn gloarje.
7De Heare sei tsjin Mozes: 8Krij de stêf en rop de mienskip byinoar, do en dyn broer Aäron en sprek dêr’t sy by binne, tsjin de rots, dat dy it wetter jout dat er hat. Sa moatsto foar harren wetter út dy rots komme litte en de hiele mienskip en har bisten drinken jaan. 9Doe naam Mozes de stêf út it hillichdom fan de Heare, sa’t him sein wie. 10Nei ’t hy en Aäron de gemeente byinoar roppen hienen foar de rots, sei Mozes tsjin harren: Harkje dochs, rebellen dat jim binne; moatte wy jimme wetter út ’e rots komme litte? 11Doe die Mozes de hân yn ’e hichte en sloech mei de stêf op ’e rots, twa kear. Der kaam folop wetter út, dat de mienskip koe mar tadrinke, de minsken en de bisten.
12Mar de Heare sei tsjin Mozes en Aäron: Jimme fertrouwen op My hat sa grut net west, dat jim foar de Israeliten myn hillichheid sjen litten hawwe. Dêrom sille jimme dizze gemeente net yn it lân bringe, dat Ik harren jou.
13Dat wetter is it wetter fan Meribá, dêr’t de Israeliten de Heare ferwiten dienen en Hy lykwols syn hillichheid oan harren iepenbiere.
Fersyk oan Edom om trochtocht
14Ut Kadesj wei stjoerde Mozes boaden nei de kening fan Edom (mei dit fersyk): Dit freget jo broer Israel: Jo witte hoe’n lijen wy hân hawwe: 15ús foarâlden wienen nei Egypte tein en hawwe dêr lange jierren wenne. Mar de Egyptners hawwe ús en ús foarâlden min behannele. 16Mar doe’t wy oan de Heare rôpen, woe Er nei ús harkje. Hy hat in ingel stjoerd en ús út Egypte helle. Wy binne no yn Kadesj, in stêd oan ’e grins fan jo gerjochtichheid. 17Dat jou ús it frij om troch jo lân te gean. Wy sille net troch jo boulân en jo wyngerds gean en net út jo wetterwellen drinke, mar wy sille de keninklike wei hâlde en dêr rjochts noch links fan ôfslaan oant wy troch jo gerjochtichheid hinne binne. 18Mar Edom sei tsjin Israel: Jo krije gjin frij om troch myn lân, oars kom ik jo mei it swurd temjitte. 19Doe seinen de Israeliten tsjin him: Wy sille de grutte wei hâlde. En as wy fan jo wetter drinke, wysels en ús fee, dan sille wy dat betelje. Wy freegje oars net as dat wy geandefoet troch jo lân meie. 20Mar Edom sei: Jim komme der net troch – en teach Israel yn ’e mjitte mei in machtich leger, swier bewapene. 21Doe’t Edom Israel gjin frij jaan woe om troch syn gerjochtichheid te gean, sloech Israel fansiden foar Edom ôf.
Aäron stjert
22Doe briek de hiele mienskip fan ’e Israeliten fan Kadesj op en se kamen by de berch Hor. 23By de berch Hor oan ’e grins fan Edom, sei de Heare tsjin Mozes en Aäron: 24Aäron sil no mei syn foargeslacht ferienige wurde, want hy sil net yn it lân komme dat Ik de Israeliten jûn haw, omdat jimme by it wetter fan Meribá tsjin myn befel yngien binne. 25Dat nim no Aäron en syn soan Eleäzar en gean mei harren de berch op. 26Doch dêr Aäron de amtsklean út en lit syn soan Eleäzar dy oanlûke, want Aäron sil dêr stjerre en mei syn foargeslacht ferienige wurde. 27Mozes die sa’t de Heare sein hie. Wylst de hiele mienskip it seach, gongen se de berch Hor op. 28Mozes die Aäron de klean út en die se syn soan Eleäzar oan. En doe, dêr boppe op ’e berch, stoar Aäron. Doe’t Mozes en Eleäzar by de berch delkamen, 29begriep de hiele mienskip dat Aäron rêst wie. It hiele folk Israel beskriemde Aäron tritich dagen lang.