It suveringswetter
1De Heare sei tsjin Mozes en Aäron: 2Dit is it wat de Heare as wetlik foarskrift jûn hat: Sis tsjin ’e Israeliten, dat se dy in geef, readbûnt rier bringe, dêr’t gjin skeel oan is en dat it jok noch noait droegen hat. 3Dat moatte jimme oan pryster Eleäzar jaan, it moat bûten it legerkamp brocht wurde en dan slachte, dêr’t hy by is. 4Pryster Eleäzar dipt dan de finger yn it bloed fan it rier en snjit dan sân kear dat út nei de foarkant fan ’e tinte fan ’e moeting. 5Dan moatte se it rier foar syn eagen ferbaarne, te sizzen de hûd, it fleis en it bloed, mei terms en al. 6Fierders moat de pryster sederhout, hyzop en karmozyn nimme en smyt dat midden yn it fjoer dêr’t it rier yn ferbaarnd wurdt. 7Dan moat de pryster syn klean waskje, him baaie en dan mei er neitiid wer yn it legerkamp komme, alhoewol hy bliuwt oan ’e jûn ta ûnrein. 8Ek de man, dy’t it rier ferbaarnd hat, moat syn klean waskje en himsels baaie; ek hy is oan ’e jûn ta ûnrein. 9Dan moat ien dy’t rein is, de jiske fan it rier byinoar dwaan en bûten it legerkamp op in rein plak dellizze. Dy jiske moat dan foar de mienskip fan ’e Israeliten bewarre bliuwe foar it meitsjen fan suveringswetter; dat rier wie in sûnde-offer. 10De man dy’t de jiske byinoar dien hat, moat syn klean waskje en is oan ’e jûn ta ûnrein. Dat is foar de Israeliten en ek foar de frjemdling dy’t yn har fermidden tahâldt, in altydduorjende ynsetting.
Hoe’t it suveringswetter brûkt wurde moat
11Wa’t in lyk fan hokker minske ek oanrekket, dy is sân dagen ûnrein. 12Op ’e tredde en op ’e sânde dei moat er himsels mei suveringswetter suverje, dan is er wer rein. Suveret er him op ’e tredde en op ’e sânde dei net, dan is er net rein. 13Elk dy’t oan in deade, it lyk fan in minske, komt en him net suveret, dy makket de Tintwenning fan de Heare ûnrein; sa’n ien moat út Israel útroege wurde. Om’t er net mei suveringswetter besprinkele is, is en bliuwt er ûnrein.
14Sa is de wet: As immen yn in tinte stjert, dan wurdt elk dy’t de tinte yngiet of deryn is, ûnrein, sân dagen lang. 15Alle iepen fetten dêr’t gjin lid op sit om it ôf te sluten, binne ûnrein. 16Elk dy’t yn it iepen fjild oan immen komt, dy’t fermoarde is of dy’t syn eigen dea stoarn is; of dy’t oan minskebonken komt of oan in grêf, dy is ûnrein sân dagen lang. 17Se moatte dan foar de ûnreine wat jiske fan it ferbaarnde rier nimme om him te suverjen en dat yn in fet dwaan en dêr welwetter op jitte; 18in man dy’t rein is, moat dan in hyzoptûke nimme en dy yn dat wetter dippe, dêr de tinte mei besprinkelje en ek al it guod en alle minsken dy’t dêryn west hawwe; datselde moat er ek dwaan mei ien dy’t oan minskebonken west hat, of oan in fermoardenien, in ferstoarne of in grêf. 19De reine moat de ûnreine op ’e tredde en op ’e sânde dei besprinkelje. As er dy dan op ’e sânde dei suvere hat, moat er syn eigen klean waskje en him baaie. De jûns is er dan wer rein. 20Mar elk dy’t ûnrein is en him net suveret, dy sil út ’e gemeente útroege wurde, om’t er it hillichdom fan de Heare ûnrein makket. Hy bliuwt ûnrein, om’t er net mei suveringswetter besprinkele is. 21Dit is foar harren in altydduorjende ynstelling. Wa’t it suveringswetter sprinkelet, dy moat him de klean waskje; wa’t oan it suveringswetter komt, dy is oan ’e jûn ta ûnrein. 22Alles dêr’t dy ûnreine oankomt, dat is ûnrein, en dyjinge dy’t dêr wer oankomt, dy is oan ’e jûn ta ûnrein.