Wurk en ynkommen fan prysters en Leviten
1De Heare sei tsjin Aäron: Do en dyn soannen en dyn famylje, jimme drage de ferantwurdelikheid foar wat ferkeard giet by it hillichdom. Do en dyn soannen, jimme drage allinne de ferantwurdelikheid foar it prysteramt; 2Mar lit ek dyn bruorren, de stam Levy, jimme heite stam, mei dy nei foaren komme, dat se har by dy jouwe en dy bysteane, wylsto sels mei dyn soannen tsjinst dochst by de tinte mei de ferbûnsakte. 3Hja hawwe har te hâlden oan it wurk by de tinte datsto har opleist, mar lit har it hillige gerei en it alter net benei komme, dat soe har dea wurde en jimmes derby. 4Se moatte har by dy jaan en it wurk by de tinte fan ’e moeting dwaan, al nei’t de tsjinst by de tinte dat freget. Ien dy’t dêr it foech net ta hat, dy mei dêr net samar by jim komme. 5It wurk by it hillichdom en it alter moatte jimme sels dwaan, dat Gods grime net oer de Israeliten komt. 6Sa sûnderje Ik jimme bruorren, de Leviten, fan ’e oare Israeliten ôf. Se binne oan de Heare jûn foar it tsjinstwurk by de tinte fan ’e moeting en binne sa ta jimme foldwaan. 7Mar foar dij en dyn soannen, foar jimme komt alle prysterwurk op, alles wat oan it alter en achter it foarkleed dien wurde moat. Dat is jimme wurk: as in geskink dat jimme opdroegen is, sa jou Ik jimme it prysteramt. Ien dy’t lykwols samar nei foaren komt, dy moat stjerre.
8De Heare sei tsjin Aäron: De soarch foar alle hillige jeften dy’t de Israeliten foar My opbringe moatte, betrou Ik dij ta; Ik jou se dij en dyn soannen as in altydduorjend rjocht as teken fan jimme salving. 9Fan de heechhillige wijjeften, foarsafier’t se net ferbaarnd wurde, binne dizzen foar dij: de moaloffers, de sûnde-offers en de skuldoffers dy’t se My weromjouwe; as heechhillich komme se dij en dyn soannen ta. 10Op in tige hillich plak moatte jimme se ite; al wat man is by de prysters mei derfan ite: it sil jimme hillich wêze. 11Dit is dines ek noch: fan alle jeften dy’t de Israeliten as beweechoffer bringe, jou Ik dij in fêst diel; dat is in altydduorjend rjocht foar dyn soannen en dochters. Al dyn húsgenoaten meie derfan ite, as se foar de wet mar rein binne. 12It bêste fan ’e oalje en it bêste fan it druvesop en it nôt, it earste dêrfan, wat se de Heare jouwe, dat jou Ik jimme. 13It earste fan alles dat har lân jout, is foar dij; al dyn húsgenoaten meie derfan ite, as se foar de wet mar rein binne. 14Alles dat yn Israel ûnder de ban leit, is foar dij. 15Alles dat de memmeskurte foar it earste ta ûntsluting bringt, fan alle skepsel dat de Heare oanbean wurdt, sawol fan ’e minsken as fan ’e bisten, dat is foar dij. Allinne, de earstlingssoannen fan minsken moatsto loskeapje litte; ek by de ûnreine bisten moatst dat dwaan. 16Sa gau’t it bern in moanne âld is, moatsto it loskeapje litte foar in bedrach fan fiif sikkel sulver, yn sikkels fan it hillichdom, dat makket tweintich geara. 17Mar it earste keal fan in ko of it earste laam fan in skiep of in geit, dy moatsto net loskeapje litte, dy binne hillich; har bloed moatsto op it alter sprinkelje en har fet yn reek opgean litte as in kostlike rook foar de Heare. 18It fleis fan dy bisten is foar dij, krektas it boarststik dat by in beweechoffer brocht wurdt en it rjochterskouder ek. 19Fan alle hillige jeften dy’t de Israeliten oan de Heare opdrage, jou Ik dij, dyn soannen en dyn dochters in fêst diel as in altydduorjend rjocht. Dat jildt by de Heare as in altydduorjend, mei sâlt bekrêftige ferbûn mei dij en ek mei dyn neigeslacht.
20De Heare sei tsjin Aäron: Do silst yn dat lân gjin erfbesit krije noch in diel derfan yn besit hawwe lykas sij. Ik bin dyn diel en dyn erfskip by de Israeliten. 21Hjirby jou Ik de Leviten alwat yn Israel oan tsienden opbrocht wurdt yn besit, as fergoeding foar de tsjinsten dy’t se waarnimme, de tsjinst by de tinte fan ’e moeting. 22De Israeliten sels meie ommers de tinte fan ’e moeting net mear benei komme, dan soenen se skuld oer har helje en stjerre. 23Allinne de Leviten nimme no de tsjinst by de tinte fan ’e moeting waar en dy binne ferantwurdlik foar wat se ferkeard dogge. Dat is in altydduorjend foarskrift foar al jim fierdere geslachten. By de Israeliten sille hja gjin grûn yn erfbesit krije. 24Wat de Israeliten foar de Heare oan tsienden opbringe, dat jou Ik de Leviten as har erfbesit; dat dêrom haw Ik sein dat sij gjin grûn yn erfbesit hawwe sille yn it fermidden fan ’e oare Israeliten.
25De Heare sei tsjin Mozes: 26Sis tsjin de Leviten: Bywannear’t jim fan ’e Israeliten de tsienden ynbarre dy’t Ik jim as jimme erfskip takend haw, dan moatte jim dêr in offer foar de Heare fan opbringe: it tsiendepart fan dy tsienden. 27Wat jimme sa opbringe, sil dan foar jimme rekkene wurde krekt as wienen it de tsienden fan it nôt fan ’e terskflier en de tsienden fan de ynhâld fan ’e parskûpe. 28Sa moatte ek jimme fan alles wat jim oan tsienden ynbarre fan ’e Israeliten, jimme diel foar de Heare opbringe. Dat diel foar de Heare moatte jimme pryster Aäron jaan. 29Fan ’e bêste stikken dy’t jim jûn wurde, moatte jimme in fêst diel as hillige jefte oan de Heare opbringe. 30Sis tsjin ’e Leviten: wannear’t jimme de bêste stikken as offer opdrage, dan sil dat lyk rekkene wurde mei it bêste dat de terskflier en de parskûpe opbringe. 31Jim meie dy tsienden oeral ite, jimme en jim húshâldingen, it is jimme lean foar jimme wurk by de tinte fan ’e moeting. 32As jimme it bêste dêrfan mar as offer opdrage, dan geane jimme frij-út; jim ûnthilligje dan de wijde jeften fan ’e Israeliten net en hoege net te stjerren.