1De Heare sei tsjin Mozes: 2Sis tsjin pryster Eleäzar, de soan fan Aäron, dat er de wijreekfetten út it fjoer hellet en it fjoer derút docht, want dy wijreekfetten binne no hillich. 3Dy mannen hawwe sûndige en dat hawwe se mei de dea bekeapje moatten. Meitsje no fan har wijreekfetten platsleine platen om it alter dêrmei te beslaan. No’t dy foar de Heare brocht binne, binne se hillich wurden en tenei binne se in warskôging foar de Israeliten. 4Doe naam pryster Eleäzar de brûnzen wijreekfetten dy’t de slachtoffers fan it fjoer brûkt hienen: se sloegen dy plat om dêrmei it alter te beslaan. 5Sa waarden dy foar de Israeliten in warskôging, dat ien dy’t der gjin foech ta hie – immen dy’t net fan Aäron ôfstamme – net samar tichteby komme mocht om de Heare in rûkoffer te bringen. It soe him fergean as Koarach-en-dy, dy’t de Heare troch (de tsjinst fan) Mozes it oardiel oansein hie.
6Mar de oare deis wrokke de hiele mienskip fan ’e Israeliten tsjin Mozes en Aäron en se seinen: Jim hawwe de Heare syn folk stjerre litten. 7Mar doe’t de hiele mienskip tsjin Mozes en Aäron gearhokke en dat útteach nei de tinte fan ’e moeting, doe seagen se de wolk derboppe hingjen en dat de gloarje fan de Heare ferskynde. 8Doe gongen Mozes en Aäron nei de tinte fan ’e moeting. 9De Heare sei tsjin Mozes: 10Sjoch dat jim fuortkomme, út it fermidden fan dy mienskip wei, dan sil Ik se op ien stuit ferneatigje. Mar se lieten har foaroer op ’e grûn falle 11en Mozes sei tsjin Aäron: Nim dyn wijreekfet en doch der fjoer fan it alter yn, lis dêr wijreek by en gean sa hurd as’t kin nei it folk en doch foar harren fersoening, want de grime fan de Heare is losbarsten en de pleach is al begûn. 12Doe kaam Aäron mei hasten – sa’t Mozes him sein hie – mei syn wijreekfet, gong dêrmei mids de gemeente en wier, de pleach wie al begûn ûnder it folk. Hy die der wijreek by en bewurke fersoening foar it folk. 13Hy gong tusken de deaden en de libbenen stean; doe hâlde de pleach op. 14Der stoaren oan dy pleach 14.700 man, bûten dyjingen dy’t fanwegen de saak fan Koarach stoarn wienen. 15Doe kaam Aäron wer by Mozes by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting: de pleach wie ophâlden.
Aäron syn stêf bloeit
16De Heare sei tsjin Mozes: 17Sprek tsjin ’e Israeliten en freegje fan ’e foarmannen fan elke stam in stêf, tolve stêven mei-inoar en skriuw dan elk syn namme op syn stêf. 18Op dy fan Levy moatsto Aäron syn namme skriuwe, want foar elk stamhaad moat der in eigen stêf wêze. 19Dy stêven no moatst yn ’e tinte fan ’e moeting dellizze foar de ferbûnsakte, op it plak dêr’t Ik mei jimme gearkom. 20Dan sil de stêf fan ’e man dy’t Ik útkies, yn ’e bloei rinne en sa sil Ik oan it geprottel fan ’e Israeliten, dêr’t se jimme mei lestich falle, in ein meitsje, dat Ik it net mear hear. 21Mozes ferprate it mei de Israeliten en sa brocht elk fan har foarmannen in stêf by him, elk foar syn stam, tolve stêven mei-inoar: Aäron sines wie der ek by. 22Doe lei Mozes dy stêven foar it antlit fan de Heare yn ’e tinte fan ’e moeting. 23De oare deis, doe’t Mozes yn ’e tinte fan ’e moeting kaam, seach er, dat de stêf fan Aäron – dy fan it hûs Levy – yn ’e bloei stie: hy wie útrûn, droech blossem en der sieten ripe mangels oan. 24Doe helle Mozes alle stêven foar de Heare wei en brocht se nei bûten ta, nei de Israeliten. Nei’t dy it sjoen hienen, krige elk syn stêf werom.
25De Heare sei tsjin Mozes: Bring de stêf fan Aäron wer foar de ferbûnsakte. Dat wurdt tenei syn plak as in warskôging foar dat rebelleskaai, dat der foargoed in ein komt oan har geprottel tsjin My en sij net hoege te stjerren. 26Mozes die sa’t de Heare him oplein hie, 27en de Israeliten seinen tsjin Mozes: Wy geane deroan, wy komme om, ja wier, wy allegearre! 28Elkenien dy’t te ticht by de tintwenning fan de Heare komt, dy moat stjerre. Moatte wy dan allegearre omkomme?