De reboelje fan Koarach, Datan en Abiram
1Koarach, de soan fan Jishar, de soan fan Kehat, de soan fan Levy en de Rûbeniten Datan en Abiram, soannen fan Eliab, mei On, de soan fan Pêleb, 2kamen tsjin Mozes yn opstân mei noch twahûndertfyftich oare Israeliten; foarmannen út ’e mienskip, ôffurdigen fan ’e fergearring, mannen fan oansjen. 3Se hokken gear tsjin Mozes en Aäron en seinen tsjin har: Jim geane te fier, want de hiele mienskip is man foar man hillich en de Heare is yn har fermidden, dat wêrom sette jim dan jimsels boppe de gemeente fan de Heare? 4Doe’t Mozes dat hearde, liet er him foaroer op ’e grûn falle 5en hy sei tsjin Koarach en syn hiele binde: Moarnier, dan sil de Heare útslútsel jaan, wa’t sines is en wa’t de hillige is, dy’t Er tichte by Him komme lit. Dy’t Hysels útkiest, dy mei tichte by Him komme. 6Dit moatte jimme dwaan, Koarach en al syn mannen: Nim moarn wijreekfetten, 7doch der fjoer yn en lis dêr wijreek by foar de Heare. Dan komt it sà: de man dy’t de Heare útkiest, dat sil de hillige wêze. Jim binne te fier gien, soannen fan Levy! 8Fierders sei Mozes tsjin Koarach: Harkje dochs, soannen fan Levy! 9Is it jim net genôch, dat Israels God jimme út ’e mienskip fan Israel ôfsûndere hat en jim tichteby Him komme lit om it tsjinstwurk by de tintwenning fan de Heare te dwaan en de tsjinst foar de mienskip waar te nimmen? 10No’t Er dij en al dyn mei-Leviten sa tichte by Him komme litten hat, easkje jimme it prysteramt no ek noch op? 11Dêrom, do en dy hiele binde fan dij, it is tsjin de Heare, dat jim gearspanne; want Aäron, wa is dat, dat jim tsjin him opsprekke? 12Mozes liet Datan en Abiram, soannen fan Eliab, roppe, mar dy seinen: Wy komme net. 13It is al moai slim genôch, dat jo ús út in lân dat fan molke en hunich oerrint weihelle hawwe om ús yn ’e woestyn stjerre te litten. Wolle jo no ek noch de baas oer ús spylje? 14Nee, jo hawwe ús wier net yn in lân brocht, dat fan molke en hunich oerrint en ús likemin lân en wynbergen yn erfbesit jûn. Tochten jo soms dat jo ús mannen de eagen tichtsmarre koenen? Nee, wy komme net! 15Dêr wie Mozes tige fergrime om, dat hy sei tsjin de Heare: Jou gjin acht op har moaloffer. Net ien fan harren haw ik ek mar in ezel ûntnadere of yn’t ien of oar te nei west.
16Mozes sei tsjin Koarach: Moarn moatte do en dyn hiele binde foar de Heare ferskine, dosels en sij en Aäron. 17Lit dan elk syn wijreekfet nimme, dêr wijreek by dwaan en dat foar de Heare bringe, twahûndertfyftich mei-inoar; Aäron en do ek. 18Doe naam elk fan har syn wijreekfet, se dienen der fjoer yn, leinen der wijreek by en gongen mei Mozes en Aäron by de yngong fan ’e tinte fan ’e moeting stean. 19Doe’t Koarach de hiele mienskip tsjin harren by de tinte fan ’e moeting byinoar brocht hie, ferskynde harren de gloarje fan de Heare.
20De Heare sei tsjin Mozes en Aäron: 21Gean jim by dy binde wei en Ik sil se op ien stuit ferdylgje. 22Doe lieten se har foaroer op ’e grûn falle en seinen: God, o God, Jo dy’t alle minsken it libben jouwe. Sille Jo, as ien man sûndiget, jo grime op ’e hiele mienskip delkomme litte?
23Doe sei de Heare tsjin Mozes: 24Sis tsjin ’e mienskip: Sjoch dat jim allegearre by de wenten fan Koarach, Datan en Abiram weikomme. 25Doe joech Mozes him op en gong nei Datan en Abiram mei Israels âldsten achter him oan. 26Hy sei tsjin ’e mienskip: Jou jim dochs by de tinten fan dy ferkearde mannen wei en kom net oan wat harres is, oars geane jimme fanwegen har sûnden der ek noch oan. 27Dat sa joegen se har ôf, by de wenten fan Koarach, Datan en Abiram wei. Datan en Abiram wienen nei bûten kommen en stienen by de yngong fan har tinten, hjasels en ek har froulju, har soannen en har lytse bern. 28Doe sei Mozes: Hjir sille jim oan witte, dat de Heare my stjoerd hat om dizze dingen te dwaan en dat ik se net út mysels doch. 29As dy dêr har eigen dea stjerre en harren oerkomt wat alle minsken oerkomt, dan hat de Heare my net stjoerd. 30Mar as de Heare wat nijs skept en as de grûn de mûle iepenskuort en har mei al wat harres is ferslynt en hja libbensliif yn it deaderyk ferdwine, dan sille jimme fergoed witte, dat dy mannen de Heare slim tenei west hawwe. 31Hy hie dy wurden noch mar amper sein, of de grûn ûnder harren spjalte; 32de ierde skuorde de mûle wiid iepen en ferslynde harren mei har húshâldings en mei alle minsken dy’t by Koarach hearden mei al har besit. 33Libbensliif gongen se mei al wat harres wie, del yn it deaderyk, de ierde gong oer har hinne ticht en sa waarden se wei út ’e gemeente. 34Doe’t de Israeliten, dy’t dêr omhinne stienen, har gûlen hearden, makken se allegearre dat se fuort kamen, want, tochten se, aanst ferslynt de ierde ús ek noch! 35Doe kaam der in fjoer fan de Heare en dat fertarde de twahûndertfyftich man dy’t wijreek offeren.