Moal- en drankoffers
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Sis tsjin ’e Israeliten: As jimme yn it lân kommen binne, dat Ik jim jaan sil om yn te wenjen, 3en jim wolle dêr in fjoeroffer foar de Heare reemeitsje – in brânoffer of in fleisoffer –, om in gelofte nei te kommen of as in frijwillich offer of by ien fan jimme fêste feestdagen om sa fan jimme kij of skiep de Heare in kostlik rûkoffer te bringen, 4dan moat de man dy’t syn offer oan de Heare bringt, dêr as moaloffer in tsiende fan in efa moal yn dwaan, oanmongen mei in fjirde fan in hyn oalje. 5Op elk laam moatsto boppedat noch in fjirde fan in hyn wyn as drankoffer bringe by dat brân- of slachtoffer. 6As it in raam is, moatsto dêr in moaloffer by dwaan en dat reemeitsje fan twa tsienden fan in efa fyn moal, oanmongen mei in tredden fan in hyn oalje; 7boppedat noch in drankoffer fan in tredden fan in hyn wyn as in kostlik rûkoffer foar de Heare. 8Asto in jonge bolle as brân- of slachtoffer bringe wolst of as in frede-offer om in útsûnderlike gelofte dysto de Heare dien hast nei te kommen, 9dan moatsto by de jonge bolle in moaloffer bringe fan trije tsienden fyn moal, oanmongen mei in heale hyn oalje, 10en as drankoffer in heale hyn wyn, in fjoeroffer mei in kostlike rook foar de Heare. 11Sa moat der dien wurde by elke bolle, by elk raam en by elk jong bist, oft dat no in skiep is of in geit; 12ja, by elk bist, hoefolle jimme der ek fan offerje, moatte jimme sa dwaan.
13Elke Israelyt-fan-hûs-út moat him oan dy foarskriften hâlde, as er in fjoeroffer bringt, in kostlik rûkoffer foar de Heare. 14En wannear’t in frjemdling, no of yn ’e takomst, by jimme tahâldt en hy makket in fjoeroffer ree, in kostlike rook foar de Heare, dan moat er dat krekt sa dwaan as jimme. 15Yn ’e gemeente jildt foar jimme en foar de frjemdling dy’t yn jimme fermidden tahâldt, alle geslachten troch ien-en-itselde foarskrift. Foar de Heare oer binne jimme en de frjemdling fan datoangeande gelyk. 16Foar de frjemdling dy’t by jimme tahâldt en foar jimme jilde dus deselde wet en deselde rjochtsregel.
It earste fan it daai
17De Heare sei tsjin Mozes: 18Sis tsjin ’e Israeliten: As jim yn it lân komme dêr’t Ik jim hinne bring, 19en jim ite it brea fan dat lân, dan moatte jim in part dêrfan oan de Heare tawije. 20Fan it earste daai dat jimme meitsje, moatte jimme in koeke as in wijde jefte apart hâlde, krektlyk as by it earste dat de terskflier jout. 21Fan it earste daai, dat jimme meitsje, moatte jimme troch alle geslachten hinne in wijde jefte foar de Heare apart hâlde.
Offers foar sûnde sûnder euvelmoed
22As jimme no sûnder euvelmoed ien fan dy geboaden dy’t de Heare Mozes jûn hat, net neikomme, 23– alles wat de Heare jim troch de tsjinst fan Mozes oplein hat jildt ommers fan ’e dei ôf dat Er it oplei en fierder troch alle geslachten hinne – 24en it docht bliken, dat it sûnder euvelmoed bard is en dat de mienskip der ek neat fan wist, dan moat de hiele mienskip in jonge bolle klearmeitsje as in brânoffer, in kostlike rook foar de Heare, mei it moal- en drankoffer dat dêrby heart en ek noch in geitebok as sûnde-offer. 25De pryster moat it foar de hiele mienskip fan ’e Israeliten yn oarder meitsje en it sil harren ferjûn wurde, want it wie sûnder euvelmoed bard. En boppedat, se hawwe de Heare har fjoeroffer brocht en har sûnde-offer. 26Sa kriget de hiele mienskip fan ’e Israeliten ferjouwing en ek de frjemdling dy’t by jimme tahâldt, want it hiele folk hie der gjin euvelmoed yn hân.
27Mar as ien inkelde persoan him sûnder dat er der euvelmoed yn hat misgiet, dan moat er in geitebokje fan noch gjin jier offerje. 28De pryster sil foar sa’n ien by de Heare fersoening dwaan foar de sûnde dy’t er sûnder euvelmoed bedreaun hat en sa wurdt dy him ferjûn. 29Sawol foar de Israelyt-fan-hûs-út as foar de frjemdling dy’t by jim tahâldt, jildt foar dyjinge dy’t sûnder euvelmoed ferkeard docht, ien-en-deselde regel. 30Mar as immen – oft er no in Israelyt-fan-hûs-út of in frjemdling is – him mei opset sin misgiet, sa’n ien dy lasteret de Heare en dy persoan moat útroege wurde út syn folk. 31It wurd fan de Heare hat er net achte en syn gebod skeind; sa’n ien moat útroege wurde, dêr is gjin ferwin op.
It skeinen fan ’e sabbat
32Op in kear, doe’t de Israeliten yn ’e woestyn wienen, betrapen se in man derop, dat er op sabbat oan it priksykjen wie. 33Dy’t him dêrop betrapen, brochten him by Mozes en Aäron en by de hiele mienskip. 34Om’t it noch net útmakke wie, wat der mei sa’n ien dien wurde moast, setten se him yn bewar. 35Doe sei de Heare tsjin Mozes: Dy man moat deade wurde, ja wis! Lit de hiele mienskip him stiennigje bûten it kamp. 36Doe brocht de hiele mienskip him bûten it kamp en se stiennigen him dea, sa’t de Heare Mozes opdroegen hie.
Kwasten oan ’e klean
37De Heare sei tsjin Mozes: 38Sis tsjin ’e Israeliten – en dat jildt ek foar har fierdere geslachten – dat se harsels kwasten oan ’e seamen fan ’e klean meitsje moatte. Yn dy kwasten moatte jim in pearse tried dwaan. 39Dy kwasten sille jim in teken wêze; as jim se sjogge, sille al de geboaden fan de Heare jim wer yn’t sin komme en jim sille dy dwaan en net yn ûntrou jim ferkearde wegen gean en op ’e doele brocht wurde troch jim eigen hert en eagen. 40Se sille jimme helpe om oan My te tinken en om al myn geboaden te dwaan en jimme God tawijd te wêzen. 41Ik bin de Heare, jimme God, dy’t jim út Egypte weihelle haw om God foar jimme te wêzen: Ik, de Heare, jimme God.