1Doe joech de hiele mienskip him op en se setten har lûd út, en dy hiele nacht wie it ien geskriem. 2En alle Israeliten prottelen tsjin Mozes en Aäron en de hiele mienskip sei tsjin harren: ‘Och, wienen wy mar yn Egypte stoarn, of oars hjir mar yn ’e woestyn! 3Wêrom bringt de Heare ús ek nei dat lân ta? Om troch it swurd te fallen? Aanst wurde ús froulju en bern noch bút makke. Soe it de baas net wêze en gean nei Egypte werom?’ 4En hja seinen de iene tsjin ’e oare: ‘Lit ús in oanfierder oer ús oanstelle en nei Egypte weromgean.’ 5Doe lieten Mozes en Aäron foar it each fan de hiele mienskip, de gemeente fan ’e Israeliten, har foaroer falle.
It getugenis fan Jozua en Kaleb; Mozes syn foarspraak
6Mar Jozua, de soan fan Nûn, en Kaleb, de soan fan Jefûnne, dy’t beide by de mannen hearden, dy’t it lân bespionnearre hienen, skuorden harsels de klean stikken 7en seinen tsjin ’e hiele mienskip fan ’e Israeliten: ‘It lân dêr’t wy yn omkrúst hawwe om it te bespionnearjen, dat is in lân út tûzen. 8As de Heare it goed mei ús mient, dan bringt Er ús yn dat lân dat fan molke en hunich oerrint en dan jout Er it ús. 9Mar tink derom, set it net tsjin de Heare yn ’e kant en wês net bang foar it folk dat dêr wennet, want se binne foar ús in hap iten gelyk: skaad, dêr’t se weiskûlje kinne, hawwe se al net mear en de Heare stiet oan ús kant, dat wês net bang.’ 10De hiele mienskip woe har doe wol stiennigje.
Mar doe ferskynde de gloarje fan de Heare by de tinte fan ’e moeting foar al de Israeliten, 11en de Heare sei tsjin Mozes: ‘Hoelang sil dit folk My noch tergje en net yn My leauwe, nettsjinsteande al de tekens dy’t Ik yn har fermidden dien haw? 12Ik sil se slaan mei de pest en har útroegje en dan sil Ik fan dij in folk meitsje, grutter en sterker as ditte.’ 13Doe sei Mozes tsjin de Heare: ‘Mar hoe, as de Egyptners dit hearre? Jo hawwe ommers troch jo grutte krêft dit folk út Egypte helle? 14As se no tsjin ’e bewenners fan dit lân sizze, dat se heard hawwe, dat Jo, Heare, yn it fermidden fan dat folk binne en Josels oan harren iepenbierje, o Heare, en dat jo wolk oer harren stiet en dat Jo yn in wolkkolom foar har útgeane, deis en yn in fjoerkolom by nacht; 15en as Jo dan dit folk yn ien slach deadzje, dan sille de heidenfolken dy’t de rop fan Jo heard hawwe, grif sizze: 16De Heare koe dat folk net yn it lân bringe dat Er harren mei in eed tasein hie, dat dêrom hat Er harren yn ’e woestyn ôfslachte. 17Lit dan no de macht fan de Heare yn al syn gruttens komme te sjen; Jo hawwe ommers sels sein:
18De Heare is lankmoedich en rynsk yn leafde,
sûnde en ûngerjochtichheid ferjout Er,
mar de skuldige komt der by Him net maklik foarwei
en de ûngerjochtichheid fan ’e heiten siket Er thús oan de bern
oant yn it tredde en it fjirde geslacht.
19Wol dochs yn jo grutte genede dit folk syn ûngerjochtichheid ferjaan, sa’t Jo it al-mar-oan ferjeffenis skonken hawwe, fan Egypte ôf, hjir oan ta.
Ferjouwing en straf
20Doe sei de Heare: Ja, Ik ferjou har, sasto my frege hast. 21Mar, sa wier as Ik libje en de hiele ierde fol is fan myn gloarje, 22net ien fan al dy lju dy’t myn hearlike tekens sjoen hawwe dy’t Ik yn Egypte en yn ’e woestyn dien haw, 23sille it lân komme te sjen, dat Ik har foarfaars mei in eed tasein haw. Se hawwe My no al tsien kear hifke en net om myn sizzen jûn. Net ien fan harren dy’t My terge hawwe, sil it lân komme te sjen. 24Allinne myn tsjinner Kaleb siet in oare geast yn. Hy is My trou bleaun. Dêrom sil Ik him yn it lân bringe dêr’t er no yn west hat en syn neigeslacht sil it yn erfbesit nimme. 25De Amelekiten en de Kanaäniten wenje yn ’e flakte, dat gean moarn werom, op ’e nij de woestyn troch, dat út nei de Reidsee.
26Fierders sei de Heare tsjin Mozes en Aäron: 27Hoelang moat ik dat geprottel fan dy ferdoarne minsken noch ferneare? Dat geprottel fan ’e Israeliten tsjin My haw Ik no lang genôch oanhearre moatten. 28Sis tsjin harren: Sa wier as Ik libje – is de godsspraak fan de Heare – wit dit: sa’t Ik jim sizzen heard haw, sa sil Ik jimme dwaan. 29Yn dizze selde woestyn komme de liken te lizzen fan allegearre dy’t by jim ynskreaun stienen fan tweintich jier en âlder en dy’t tsjin My opsprutsen hawwe. 30En jim sille it lân dêr’t Ik de fingers foar yn ’e hichte stutsen haw, dat Ik jim dêr wenplak jaan soe, net ynkomme, behalven dan Kaleb, de soan fan Jefûnne en Jozua, de soan fan Nûn. 31Jimme berntsjes, dêr’t jim fan seinen dat se bút wurde soenen fan frjemd, dy sil Ik deryn bringe en dy sille witte wat foar in lân it is, dat jim ferachte hawwe, 32mar jimme liken komme hjir yn ’e woestyn te lizzen. 33Fjirtich jier lang sille jimme soannen as nomaden yn dizze woestyn omswalkje en de lêst fan jimme ûngerjochtichheden drage oant de lêste man fan jimme omkommen is yn ’e woestyn. 34Fjirtich dagen hawwe jimme it lân bespionnearre, – fjirtich jier sille jimme jim ûngerjochtichheden drage; foar elke dei in jier; en jim sille gewaar wurde wat it sizze wol, My tsjin te hawwen. 35Ik, de Heare haw sprutsen. Ja wier, Ik sil it dwaan oan dizze hiele ferdoarne mienskip dy’t aloan tsjin My gearspant. Yn dizze selde woestyn sille se omkomme en stjerre.’
36De mannen dy’t Mozes útstjoerd hie om it lân te bespionnearjen en dy’t, doe’t se weromkommen wienen, de hiele mienskip tsjin him oan it protteljen makke hienen en it lân op in minne namme brocht, 37dyselde mannen dy’t dat dien hienen, stoaren troch it yngripen fan de Heare mei ien slach. 38Fan dy mannen dy’t hinnegien wienen en it lân bespionnearre hienen, bleauwen allinne Jozua, de soan fan Nûn en Kaleb, de soan fan Jefûnne, yn it libben.
Fergees besykjen
39Mozes brocht de wurden fan de Heare oer oan alle Israeliten en it folk wie djip ferslein. 40Mar de oare moarns ier-en-betiid joegen guon har op en soenen omheech, de bergen yn. ‘Wy binne der klear foar’ seinen se, ‘om nei it plak dat de Heare sein hat. Wy hawwe mis west.’ 41Mar Mozes sei: ‘Wat sille jimme no? Tsjin it befel fan de Heare yngean? Dat sil jim dochs neat jaan. 42Set de bergen net yn, want de Heare is net yn jimme fermidden, jim sille troch jimme fijannen ferslein wurde. 43Want de Amelekiten en de Kanaäniten steane dêr foar jimme oer en jim komme troch it swurd te fallen. Jim hawwe jim no ienris fan de Heare ôfkeard, dat Hy sil jim net helpe.’ 44Mar se woenen it better witte en setten dochs de bergen yn, alhoewol’t de ferbûnsarke fan de Heare en Mozes it kamp net út kamen. 45Doe kamen de Amelekiten en de Kanaäniten dy’t dêr yn it berchlân wennen, del; se fersloegen har finaal en setten har achternei, wol oan Chorma ta.