De tolve spionnen wurde útstjoerd
1De Heare sei tsjin Mozes: 2Stjoer mannen út om Kanaän, it lân dat Ik de Israeliten jou, te bespionnearjen. Fan elke stam moatte jimme ien man stjoere; mannen fan oansjen moatte it wêze. 3Doe stjoerde Mozes harren út, út ’e woestyn Paran wei, krektsa’t de Heare it him opdroegen hie; it wienen allegearre haden fan ’e Israeliten. 4Dit binne har nammen: Foar de stam Rûben: Sjammûa, de soan fan Sakkûr. 5Foar de stam Simeön: Sjafat, de soan fan Choary. 6Foar de stam Juda: Kaleb, de soan fan Jefûnne. 7Foar de stam Issaskar: Jigal, de soan fan Joazef. 8Foar de stam Efraïm: Hosjéa, de soan fan Nûn. 9Foar de stam Benjamin: Palty, de soan fan Rafû. 10Foar de stam Sebûlon: Gaddiël, de soan fan Sody. 11Foar de stam Joazef, de stam Manasse: Gaddy, de soan fan Sûzy. 12Foar de stam Dan: Ammiël, de soan fan Gemally. 13Foar de stam Azer: Setûr, de soan fan Mikaël. 14Foar de stam Naftaly: Nachby, de soan fan Wofsy. 15Foar de stam Gad: Geûel, de soan fan Maky. 16Dat wienen de nammen fan ’e mannen dy’t Mozes útstjoerde om it lân te bespionnearjen. Oan Hosjéa, de soan fan Nûn, joech Mozes de namme Jozua.
17Doe’t Mozes har útstjoerde om it lân Kanaän te bespionnearjen, joech er har dizze opdracht: Gean earst hjir it Suderlân troch en dan de bergen yn. 18Dan sjogge jimme wol, watfoar lân it is en oft it folk dat dêr wennet sterk is of swak, machtich of minmachtich; 19en oft it lân dêr’t se wenje, goed is of min, en oft it folk dêr yn iepen stêden wennet of yn festings; 20en oft it lân dêr fruchtber is of ûnfruchtber en oft der beammen binne of net. Wês moedich en nim ek wat fan ’e fruchten fan dat lân mei. – It wie doe krekt de tiid fan ’e earste druven. 21Sa setten se derop ta en bespionnearren it lân fan ’e woestyn Sin ôf oant Rechob ta, dêr’t de wei nei Hamat begjint. 22Se trieken it suderlân yn en slaggen oan Hebron ta, dêr’t Achiman, Sjesjai en Talmai wennen, ôfstammelingen fan Enak. Hebron is sân jier earder boud as Soän yn Egypte. 23Doe kamen se yn ’e delling Esjkol – druvedelling – en snienen dêr in wynrank ôf mei ien druvetros dêroan, sa’n gruttenien, dat twa man moasten him oan in draachstok drage. Boppedat namen se wat granaatappels en figen mei. 24Dat plak neame se Delling Esjkol fanwegen de druvetros, dy’t de Israeliten dêr doe ôfsnien hawwe.
De spionnen werom
25Nei ferrin fan fjirtich dagen kamen se fan it bespionnearjen werom. 26Sa’t se fuortgien wienen, sa kamen se ek by Mozes en Aäron en de hiele mienskip fan ’e Israeliten werom yn ’e woestyn Paran te Kadesj. Se dienen him en de hiele mienskip ferslach en lieten harren de frucht fan it lân sjen. 27Hja fertelden him: Wy ha yn dat lân west, dêr’t jo ús hinnestjoerd hawwe, en wier, it rint dêr oer fan molke en hunich; sjoch, dit is de frucht fan dat lân. 28Allinnich: it folk, dat yn it lân wennet, is sterk; en de stêden binne fersterke en tige grut. Wy hawwe dêr sels Enakiten sjoen. 29Yn it Suderlân wennet Amalek; yn ’e bergen wenje de Hetiten, de Jebûsiten en de Amoriten en oan ’e see en by de Jordaan lâns de Kanaäniten. 30Kaleb besocht it folk foar Mozes noch del te bêdzjen mei te sizzen: ‘Wy moatte derop ta en dat lân yn erfbesit nimme, want wy binne se wol treast’ – 31mar de mannen dy’t der mei him op út west hienen, dy seinen: ‘Wy kinne net tsjin dat folk op, it is ús te sterk.’ 32Sa brochten se it lân dat se bespionnearre hienen by de Israeliten op in minne namme mei har sizzen: ‘It lân dêr’t wy trochtein binne om it te bespionnearjen, dat is in lân, dat syn eigen bewenners ferslynt en de minsken dy’t wy dêr sjoen hawwe, binne allegear tige oan ’e langte. 33Wy hawwe dêr sels reuzen sjoen, ôfstammelingen fan Enak út it reuzelaach. By harren fielden wy ús sprinkhoannen gelyk en grif, dat sij ús ek sa seagen.