Numeri 12
Mirjam en Aäron tsjin Mozes
1Wylst se te Chazerot wienen, bepraten Mirjam en Aäron Mozes, fanwegen de Etiopyske frou dêr’t er mei troud wie – Mozes hie nammentlik in Etiopyske frou nommen –. 2Hja seinen: Is Mozes faaks de iennichste dêr’t de Heare mei sprutsen hat? Hat Er ek net mei ús sprutsen? Dat hearde de Heare. 3No wie Mozes och sa’n beskieden man, fan allegearre de needrichste op ierde. 4Doe, ynienen, sei de Heare tsjin Mozes, Aäron en Mirjam: Gean mei jim trijen nei de tinte fan ’e moeting. Dat dienen se. 5En de Heare kaam del yn wolkkolom en gong by de yngong fan ’e tinte stean en rôp Aäron en Mirjam, dy’t beide nei foaren kamen. 6Doe sei Er:
Harkje nei wat Ik jim te sizzen haw.
As der by jimme in profeet fan de Heare is,
meitsje Ik My oan him bekend troch fizioenen
en sprek Ik mei him yn dreamen.
7Mar mei myn tsjinner Mozes doch Ik sa net:
dy is myn fertrouweling, yn myn hiele hûs.
8Mei hìm praat Ik fan man ta man,
dúdlik en klear en net yn riedsels.
Hy krijt it stal fan de Heare te sjen.
Hoe doare jim dan myn tsjinner Mozes te bepraten?
9Sa lôge de grime fan de Heare tsjin har op en Hy gong fuort.
10De wolk wie noch mar amper boppe de tinte weigien of Mirjam siet ûnder de útslach, it like wol snie. Doe’t Aäron him nei Mirjam takearde, stie dêr in melaatske. 11Doe sei er tsjin Mozes: Och mynhear, straf ús dochs net foar de sûnde dy’t wy yn ús dwazens dien hawwe. 12Lit Mirjam dochs net wêze as in deaberne berntsje, dat healfergien út ’e memmeskurte komt. 13Doe rôp Mozes de Heare oan en sei: O God, meitsje har dochs wer better! 14De Heare antwurde Mozes: As har heit har yn it gesicht spuid hie, soe se har dan net sân dagen skamje moatte? Wolno, set har sân dagen apart bûten it kamp. Dêrnei mei se wer yn it leger opnommen wurde. 15Sa kaam Mirjam sân dagen apart bûten it kamp. It folk briek net op foardat Mirjam der wer by wie. 16Dêrnei briek it folk op fan Chazerot en se legeren har yn ’e woestyn Paran.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap