Taberá
1Op in kear beklage it folk himsels fanwegen it minne libben dat se hienen. Dat koe de Heare net ferneare en sagau’t Er it hearde, lôge syn grime op. In fjoer fan de Heare begûn by har te baarnen en it útein fan it legerkamp oan te fretten. 2Doe rôp it folk oan Mozes. Mozes bidde ta de Heare en it fjoer gong út. 3Sûnt neamden se dat plak Taberá – Fjoerhurd –, mei’t dêr de Heare syn fjoer by harren baarnd hie.
Kibrot-Hattaäwá
4No wie der mank it folk Israel in kloft frjemden, dy’t mei har reizgen; dy waarden oanstutsen fan begearlikens, sa slim, dat ek de Israeliten wer begûnen te skriemen. Se seinen: Wa sil ús oan fleis helpe? 5Wy binne sa ûnwennich fan ’e fisk dy’t yn Egypte suver fergees te krijen wie, fan ’e komkommers en ’e wettermeloenen, fan ’e prei, de sipels en it knyflôk. 6Mar no! Wy droegje ommers út! Der is hjir neat. Der komt ús oars net ûnder eagen as dat manna! 7It manna hie wol wat fan koriandersied en it seach der út as balsemhars. 8It folk gong derop út om it byinoar te sykjen. Se mealden it yn ’e hânmûne of stampten it fyn yn ’e fizel. Dan searen se it yn ’e pôt en makken der koeken fan. It smakke as oaljegebak. 9Tagelyk mei de dauwe foel nachts ek it manna op it legerkamp del.
10Doe’t Mozes it folk sa jammerjen hearde, de iene famylje nei de oare, elk by de yngong fan syn tinte, en de Heare tige lilk wurden wie, doe wie dat Mozes min nei ’t sin 11en hy frege de Heare: Werom dogge Jo jo tsjinstfeint dit oan? Hawwe Jo sa’n bytsje mei my op, dat Jo my de lêst fan dit hiele folk drage litte? 12It liket wol, as haw ik swier west fan dit hiele folk en as haw ik it te wrâld brocht. Hoe kinne Jo dochs tsjin my sizze: Draach it oan dyn hert, lykas ien dy’t in tatebern it boarst jout en bring it nei it lân dat ik har foarfaars mei in eed tasein haw. 13Wêr krij ik fleis wei foar al dit folk? Se steane hjir by my te jammerjen en te skriemen: Jou ús dochs fleis! 14Ik kin de lêst fan dit hiele folk net langer allinne drage; it is my te swier. 15As Jo sà mei my wolle, meitsje my dan leaver dea; dan hoech ik myn eigen ellinde net langer oan te sjen.
16Doe antwurde de Heare Mozes: Sykje My út ’e âldsten fan Israel hjir santich man út, dêrsto fan witst, dat it echt âldsten en lieders fan it folk binne. Bring dy nei de tinte fan ’e moeting en lit se dêr by dy stean gean. 17Dan sil Ik dêr delkomme en mei dy sprekke. Fan ’e geast dy’t op dij is, nim Ik dan in diel en lis dat op harren. Dan sille hja de lêst fan it folk mei dij drage en hoechsto dat net langer allinne te dwaan. 18En tsjin it folk moatsto sizze: Tink derom, dat jim moarn hillich binne, dan krije jimme fleis. Jim binne by de Heare kommen mei jim gejammer: Wa sil ús fleis te iten jaan? Wy hienen it ommers sa skoan yn Egypte? – Wolno dan, de Heare sil jimme fleis jaan en ite sille jimme. 19Nee, net ien of twa dagen, gjin fiif of tsien of tweintich dagen, 20mar in moanne oanien, krekt sa lang, dat it jimme ta de noas útkomt en jimme der fan grize. En dat is omdat jimme de Heare, dy’t yn jim fermidden is, net achte hawwe en tsjin Him jammere hawwe: Wêrom binne wy dochs út Egypte weigien? 21Mar Mozes sei: Inkeld oan dy’t rinne kinne, is dit folk dêr’t ik ûnder ferkear, al 600.000 man machtich en Jo sizze, dat Jo harren fleis jaan sille, genôch foar in hiele moanne? 22Soenen der wol safolle skiep en kij slachte wurde kinne, dat se dêr mei ta koenen? As alle fisk fan ’e see foar harren fongen waard, soenen se dêr mei ta kinne? 23Mar de Heare sei tsjin Mozes: Hat de Heare dêr soms de macht net ta? Nò silsto sjen oft wat Ik sein haw, útkomt, al of net.
24Doe gong Mozes nei bûten en die it folk te witten wat de Heare sein hie. Hy naam santich man fan ’e âldsten fan it folk en stelde dy op om ’e tinte hinne. 25Dêrnei kaam de Heare del yn ’e wolk en spriek mei him. Hy naam in diel fan ’e geast dy’t op Mozes wie en lei dy op dy santich âldsten. Sagau’t de geast op harren wie, begûnen se te sprekken as profeten. Letter lykwols dienen se dat net wer. 26No wienen der twa man yn it legerkamp bleaun, de iene hiet Eldad, de oare Medad. De geast wie ek op harren kommen. Alhoewol’t se oanskreaun wienen, wienen se net nei de tinte kommen. En no profetearren se yn it kamp. 27Fuort fleach in jonge nei Mozes ta en fertelde: Eldad en Medad steane yn it kamp te profetearjen. 28Jozua, de soan fan Nûn, dy’t al fan syn jongfeintejierren ôf Mozes syn tsjinner wie, sei: Mynhear Mozes, jo moatte it har ferbiede. 29Mar Mozes sei: Miensto datsto foar my opkomme moatst? Ik woe wol, dat de Heare syn hiele folk profetearre en dat Hy syn Geast op allegearre lei! 30Doe gong Mozes werom nei it kamp, hy en de âldsten fan Israel.
31En de Heare makke, dat der in wyn opstiek fan ’e kant fan ’e see. Dy fierde kwartels mei en liet se boppe it kamp delkomme. Rûnom om it kamp hinne wjukkelen en dienen se, in foege meter boppe de grûn, wol in deireis fier. 32Dy hiele dei en dy hiele nacht en ek de hiele oare dei noch wie it folk drok dwaande mei it byinoar sykjen fan ’e kwartels. Dy’t navenant in bytsje hie, dy kaam dochs noch tsien chomer ta. Hja leinen se út om it kamp hinne. 33Mar se hienen it fleis noch tusken de tosken en it wie noch net iens goed kôge, doe lôge de grime fan de Heare al tsjin it folk op en Hy rjochte in tige grutte slachting ûnder harren oan. 34Se neamden dat plak Kibrot-Hattaäwa – grêven fanwegen de begearigens –, want dêr waard it folk begroeven dat sa begearich west hie. 35Fan Kibrot-Hattaäwa briek it folk op nei Chazerot.