Johannes de Doper preket by de Jordaan
1Hjir begjint it evangeelje fan Jezus Kristus, [de Soan fan God]. 2Yn it boek fan profeet Jesaja stiet:
Sjoch, Ik stjoer myn boadskipper foar Jo út, (seit God);
dy moat jo reis tariede.
3Der ropt in stim yn ’e woestyn:
Meitsje de wei foar de Heare ree,
meitsje syn paden rjocht!
4Sa begûn Johannes de Doper dan syn wurk yn ’e woestyn. Hy preke, dat se har as teken fan bekearing dope litte moasten: God soe har dan de sûnden ferjaan. 5Hiele Judéa en alle Jeruzalemmers rûnen nei him út, lieten har troch him dope yn de Jordaan en belieden har sûnden. 6Johannes hie klean fan kamielehier oan, in learene gurle om ’e mul en hy iet sprinkhoannen en wylde hunich. 7En wat er ferkundige, wie ditte: Nei my komt Hy dy’t sterker is as ik; ik bin net goed genôch om my foar Him te bûgen en om Him de riem fan ’e sandalen los te meitsjen. 8Ik doop jimme mei wetter, mar Hy sil jimme dope mei hillige Geast.
Jezus troch Johannes doopt
9Yn dy dagen kaam Jezus dêr, út Nazaret yn Galiléa, en waard troch Johannes doopt yn ’e Jordaan. 10Mei’t Er út it wetter opriisde, seach Er de himel iepenskuorren en de Geast as in do op Him delsaaien. 11Doe klonk it út ’e himel wei: Do, Do bist myn Soan, myn ynleave Jonge, Ik bin sa wiis mei Dy!
Jezus wurdt yn ferlieding brocht
12Fuort dêrnei dreau de hillige Geast Him de woestyn yn. 13Fjirtich dagen lang bleau Er dêre; Hy waard troch de satan hifke, libbe tusken de wylde bisten en de ingels stienen foar Him klear.
Begjin fan it wurk yn Galiléa
14Nei’t Johannes oppakt wie, gong Jezus nei Galiléa ta en ferkundige Gods boadskip. 15Hy sei: It is sa fier, it Godsryk is tichteby kommen, bekear jimme en leau it bliid boadskip!
Jezus ropt fjouwer fiskers
16Doe’t Hy ris by de mar fan Galiléa lâns rûn, seach Er Simon en dy syn broer Andréas op ’e mar oan ’t fiskjen. It wienen fiskerlju. 17Jezus sei tsjin harren: Folgje My, Ik sil minskefiskers fan jimme meitsje. 18Fuortendaliks lieten se de netten lizze en gongen mei Him. 19In foech eintsje fierder seach Er Jakobus, in soan fan Sebedéus, en syn broer Johannes, dy’t yn ’e boat de netten neiseagen. 20Daliks rôp Er harren; se lieten har heit Sebedéus yn ’e boat mei syn feinten achter en folgen Him.
De man mei de ûnreine geast
21Hja rûnen nei Kafárnaüm. De earste sabbat al gong Er nei de synagoge en joech ûnderrjocht. 22De minsken hearden dêr nuver fan op, want Hy die dat as in man fan gesach en net as de wetlearaars. 23No wie dêr krekt in man yn har synagoge, dy’t in kweade duvel ynhie; dy begûn te razen: 24Wat hawwe Jo mei ús te krijen, Jezus fan Nazaret? Binne Jo kommen en bring ús yn ’t ferdjer? Ik wit wol, wa’t Jo binne: Gods Hillige! 25Jezus spriek him foars oan en sei: Hâld dy stil en gean út him wei! 26De duvel skuorde de man hinne-en-wer en mei lûd gebear gong er út him wei. 27Se stienen allegearre fersteld en fregen inoar oer-en-wer: Wat hâldt dit yn? Sok learen is nij, it giet mei gesach. Hy kommandearret de duvels en dy jouwe om syn sizzen. 28En de rop fan Him gong as diggelfjoer hiele Galiléa troch.
Mannichien wurdt better makke
29Sa gau’t se út ’e synagoge kamen, gongen se by Simon en Andréas yn ’e hûs. Jakobus en Johannes wienen der ek by. 30Simon syn skoanmem lei mei de koarts op bêd en fuort begûnen se der tsjin Him oer. 31Hy gong derhinne, krige har by de hân beet en holp har oerein. De koarts gong har ôf en se betsjinne harren. 32De jûns, doe’t de sinne ûndergong, brochten de minsken alle siken en besetenen by Him. 33De hiele stêd klofte om ’e doar gear. 34Gâns lju mei alderhanne kwalen makke Er better en ytlike duvels bande Er út, mar Hy liet har net oan ’t wurd, omdat se wisten wa’t Hy wie.
Preekjend it lân troch
35Yn ’e iere moarn – it wie noch aardich tsjuster – kaam Er fan ’t bêd en gong nei bûten; Hy socht in stil plak op en bidde dêr. 36Simon en syn maten sochten om Him. 37Doe’t se Him fûnen, seinen se: Elkenien siket om Jo. 38Mar Hy sei tsjin harren: Lit ús earne oars hinnegean, nei de doarpen hjir tichteby; dan ferkundigje Ik dêr myn boadskip ek. Mei dat doel wie Ik der ommers op útgien. 39En Hy preke yn har synagogen, hiele Galiléa troch, en bande de duvels út.
In lepralijer wurdt better makke
40Der kaam in melaatsken-ien by Him. Dy [foel foar Him op ’e knibbels en] frege help mei de wurden: As Jo wolle, kinne Jo my better meitsje. 41Jezus hie tige mei him te dwaan, stiek de hân út, rekke him oan en sei: Goed, Ik wol it, wurd better! 42Op slach gong de lepra him ôf en hy wie wer better. 43Jezus stjoerde him daliks fuort en lei him hurd op: 44Tink derom en der mei gjinien oer prate, mar lit dy sjen oan ’e pryster en bring as offer foar dyn suvering, wat Mozes foarskreaun hat; dan hawwe se in bewiis. 45Mar de man hie him noch mar amper ôfjûn, of hy begûn der drok oer en die oeral syn ferhaal. Jezus koe dêrom net mear iepenlik de stêd yn. Sadwaande bleau Er bûtenút, op iensume plakken; likegoed kamen de minsken fan alle kanten nei Him ta.