In lammenien wurdt better makke
1Doe’t Jezus in deimannich neitiid yn Kafarnaüm weromkaam en de lju hearden, dat Er thúskommen wie, 2kamen der safolle minsken byinoar, dat der wie om ’e doar gjin romte mear. En Hy ferkundige harren it evangeelje. 3Doe woenen fjouwer man dy’t in lammenien droegen, nei Him ta. 4Mar omdat se fanwegen al dat folk net oan Him ta komme koenen mei de lamme, makken se boppe it plak, dêr’t Hy stie, in gat yn it dak; dêr lieten se it bêd mei de lamme trochhinne sakje. 5Doe’t Jezus har fertrouwen seach, sei Er tsjin de lamme: Bêste freon, dyn sûnden wurde ferjûn. 6No sieten der in pear wetlearaars by en dy fregen harsels ôf: 7Wat docht dy man sa te praten? It is godslasterlik, wat Er seit. Wa oars kin sûnden ferjaan as God allinne? 8Jezus fernaam op slach, dat se soks yn har omgean lieten, en sei: Wêrom sitte jimme dêr ûnderinoar sa oer te praten? 9Wat is makliker, tsjin de lamme te sizzen: De sûnden wurde dy ferjûn of te sizzen: Kom oerein, krij dyn bêd op en gean dyn wegen? 10Mar om jim sjen te litten, dat de Minskesoan op ierde de macht hat sûnden te ferjaan ...! Dêrom sei Er tsjin de lamme: 11Ik sis dy: Kom oerein, krij dyn bêd op en gean nei hûs! 12De man kaam oerein, krige syn bêd op en wylst alleman it seach, gong er fuort. Dat elkenien stie fersteld, ferhearlike God en sei: Soks ha wy noch noait earder sjoen.
Jezus ropt Levy
13Doe’t Er wer ris by de mar lâns rûn, kaam alle folk nei Him ta en Hy learde harren. 14Yn it foarbygean seach Er Levy, de soan fan Alféus, by syn tolhús sitten en Hy sei tsjin Him: Folgje My!En hy folge Him. 15Doe’t Jezus by Levy oan hûs wie, leinen ek frijwat tolgarders en oar min folk mei Jezus en syn learlingen oan tafel. Der wienen al gâns minsken dy’t Him folgen. 16Doe’t de wetlearaars dy’t by de Fariseeërs hearden, seagen, dat Hy mei sûnders en tolgarders iet, seinen se tsjin syn learlingen: Wat! Yt Hy mei sûnders en tolgarders? 17Jezus hearde dat en sei tsjin harren: Sûne minsken hawwe gjin ferlet fan in dokter, siken wol; Ik bin net kommen om deugdsume minsken te roppen, mar sûnders.
Festje of net?
18De learlingen fan Johannes en fan ’e Fariseeërs holden ris festeldei. Se kamen by Him en seinen: Wêrom festje de learlingen fan Johannes en dy fan ’e Fariseeërs al, en Jowes net? 19Jezus antwurde harren: Kinne brulloftsgasten faaks festje, sa lang as de breugeman yn har fermidden is? Sa lang’t de breugeman by har is, kinne se gjin festeldei hâlde. 20Mar der komme dagen dat de breugeman by harren weinommen is, en dan, dy deis, sille se festje. 21Gjinien set in nije wollen lape yn in âlde wollen mantel; dan skuort it nij ynsette stik by it krimpen los fan it âlde, en dêr komt noch slimmer skuor fan. 22Gjinien docht nije wyn yn âlde sekken; dan skuorre de sekken troch de wyn útinoar, en dan binne èn wyn èn sekken wei. Nee, nije wyn moat yn nije sekken.
Ierteppe op sabbat
23Doe’t Hy ris op in sabbat troch de nôtfjilden rûn, begûnen syn learlingen ûnderweis ieren ôf te teppen. 24De Fariseeërs seinen tsjin Him: Sjoch noris, wat dogge se dêr? Dat mei net op sabbat. 25Hy sei tsjin harren: Hawwe jimme dan noait lêzen, wat David die, doe’t dy der slim foar siet en hy mei syn maten honger hie? 26Hoe’t er doe, yn ’e tiid fan hegepryster Abjatar, it hillichdom yngong, de toanbreaën opiet, dêr’t allinne de prysters fan ite meie, en hoe’t er ek dy’t by him wienen dêrfan joech? 27En Hy sei ek noch tsjin harren: De sabbat is der kommen om ’e minske en de minske net om ’e sabbat. 28Dêrom hat de Minskesoan it ek oer de sabbat te sizzen.