Mattéus 28
De ferrizenis fan Jezus
1Nei de sabbat, doe’t de earste dei fan ’e wike oanbriek, gongen Maria fan Magdala en de oare Maria derop út om by it grêf te sjen. 2Ynienen begûn de grûn slim te skodzjen en in ingel kaam út ’e himel del by it grêf, rôle de stien foar de yngong wei en gong dêrop sitten. 3Hy seach derút as de wjerljocht en syn klean wienen wyt as snie. 4De wachters waarden sa kjel, dat se skodden deroer, en se waarden sa wyt as in deade. 5Mar de ingel naam it wurd en sei tsjin ’e froulju: Jimme moatte net bang wêze. Ik wit, dat jimme om Jezus sykje, dy’t krusige is. 6Dy is hjir net, want Hy is ferriisd, lykas Er sein hat. Kom, sjoch it plak mar ris, dêr’t Er lein hat. 7Gean mar gau werom en sis tsjin de learlingen: Hy is ferriisd en giet jimme foarút nei Galiléa. Dêr sille jimme Him sjen. Dat hie ik jim te sizzen.
8De froulju wienen hastich by it grêf wei, bang en dochs ek tige bliid en se draafden om it syn learlingen mar gau te fertellen. 9En doe samar ynienen kaam Jezus harren temjitte en sei: Moarn! Hja kamen tichterby, foelen op ’e knibbels en omklammen earbiedich syn fuotten. 10Doe sei Jezus tsjin harren: Wês mar net bang. Bring myn bruorren mar gau it boadskip oer, dat se nei Galiléa gean moatte. Dêr sille se My sjen.
It ferslach fan ’e wacht
11Doe’t de froulju noch ûnderweis wienen, kamen der guon fan ’e wacht yn ’e stêd en fertelden de hegeprysters alles wat him foardien hie. 12Dy kamen gau byinoar mei de âldsten en nei oerlis beaën se de soldaten in grou stik jild. 13Se seinen derby: No moatte jim sizze, dat syn learlingen fannacht kommen binne en dat dy Him temûk meinommen hawwe, doe’t jim sliepten. 14En as de lânfâd hjir wat fan te witten komme soe, sille wy him wol delbêdzje. Wy soargje wol, dat jimme gjin lêst krije. 15Doe namen se it jild oan en dienen, sa’t it harren foarpraat wie. Dat ferhaal giet ûnder de Joaden oan hjoed-de-dei ta.
It útstjoeren fan ’e learlingen
16De alve learlingen gongen nei Galiléa, nei de berch dêr’t Jezus har oansein hie te kommen. 17Doe’t se Him seagen, foelen se earbiedich foar Him del, mar der wienen ek guon, dy hâlden har op in distânsje. 18Jezus kaam tichterby en sei tsjin harren: My is alle macht jûn yn ’e himel en op ’e ierde. 19Gean der dus op út en meitsje alle folken learlingen fan My, doop harren yn ’e namme fan de Heit en fan de Soan en fan de hillige Geast, 20en lear harren alles nei te kommen, wat Ik jimme oplein haw. Sjoch, Ik bin alle dagen by jimme oan ’e ein fan ’e tiden ta.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap