Jezus wurdt foar Pilatus brocht
1De oare moarns namen de hegeprysters en de âldsten fan it folk ienriedich it beslút om Jezus ombringe te litten. 2Se dienen Him de boeiens oan, brochten Him fuort en leveren Him oer oan lânfâd Pilatus. Dy joegen se it yn hannen.
De dea fan Judas
3Doe’t Judas, syn ferrieder, seach dat Hy feroardiele wie, krige er berou en brocht de tritich sulverstikken by de hegeprysters en âldsten werom. 4Ik haw sûndige, sei er, ik haw ûnskuldich bloed ferret. Mar sy seinen: Wat kin ús dat skele, dêr moatsto foar stean. 5Doe smiet er de sulverstikken de timpel yn, makke dat er fuort kaam en ferhong him.
6De hegeprysters krigen it jild op en seinen: Dat meie wy net yn ’e timpelkas dwaan, want it is bloedjild. 7Dêrom namen se it beslút om dêr it pottebakkersfjild foar te keapjen as begraafplak foar frjemden. 8Dêrom hjit dat fjild noch altiten it bloedfjild. 9Sa kaam út wat profeet Jeremia sein hat: En se namen de tritich sulverstikken, de priis dêr’t de soannen fan Israel Him op skatten, doe’t se syn wearde fêststelden, 10en se joegen dy foar it pottebakkersfjild, sa’t de Hear my hjitten hie.
Jezus wurdt troch Pilatus ûnderfrege
11Sa stie Jezus dan foar de lânfâd. Dy frege Him: Binne Jo de kening fan ’e Joaden? Jezus sei: Sa’t Jo sizze. 12Op ’e oanklachten fan ’e hegeprysters en âldsten joech Er hielendal gjin antwurd. 13Doe sei Pilatus tsjin Him: Hearre Jo net, wat se allegearre tsjin Jo ynbringe? 14Mar Jezus joech him alhiel gjin antwurd en dat die de lânfâd tige nij.
Jezus ta de dea feroardiele
15No plichte de lânfâd by feesten in gefangene frij te litten; it folk mocht witte wa. 16Yn dy dagen hienen se krekt in slim ferneamdenien te sitten. Dy hiet Barabbas. 17Omdat it folk no dochs byinoar wie, sei Pilatus tsjin harren: Wa wolle jimme dat ik frijlit, Barabbas of Jezus, dy’t de Kristus neamd wurdt? 18Hy wist wol, dat se Him út grimmitigens oerlevere hienen.
19Wylst er op ’e rjochterstoel siet, stjoerde syn frou him dit boadskip: Hâld dy bûten de saak fan dy ûnskuldige, want troch de dream dy’t ik fannacht hân haw, sit ik tige om Him yn noed.
20Mar de hegeprysters en de âldsten wisten it folk sa te bepraten dat se fregen Barabbas frij te litten en Jezus te feroardieljen. 21De lânfâd naam wer it wurd en sei tsjin harren: Wa fan beiden wolle jimme dat ik frijlit? Barabbas, seinen se. 22Doe sei Pilatus tsjin harren: Wat moat ik dan dwaan mei Jezus, dy’t de Kristus neamd wurdt? Se rôpen allegearre: Oan it krús mei Him. 23Ja mar, frege Pilatus, wat foar ferkeards hat Er dan dien? Se rôpen noch fûlder: Oan it krús mei Him!
24Doe’t Pilatus seach, dat er gjin stap fierder kaam en dat der noch opskuor fan komme soe, liet er wetter bringe, wosk de hannen, dat alleman it seach, en sei: Ik hâld myn hannen skjin fan syn bloed, dêr moatte jimme foar stean. 25Al it folk rôp him ta: Lit syn bloed oer ús en ús bern komme! 26Doe die er har sin en liet Barabbas frij. Mar Jezus liet er giselje en levere er oer om krusige te wurden.
De soldaten stekke Jezus de gek oan
27Doe namen de soldaten fan ’e lânfâd Jezus mei nei it haadgebou. De hiele ploech hellen se dêr byinoar, om Him hinne. 28Se lutsen Him de klean fan ’t liif, dienen Him in poarperen mantel om, 29frisselen in krânse fan stikels en setten Him dy op ’e holle. Yn syn rjochterhân dienen se in stôk. Doe foelen se foar Him op ’e knibbels en begroeten Him gekoanstekkend: Heil Jo, kening fan ’e Joaden. 30Se bespuiden Him en sloegen Him mei de stôk op ’e holle. 31Doe’t se Him genôch de gek oanstutsen hienen, namen se Him de poarperen mantel ôf en dienen Him syn eigen klean wer oan. Doe brochten se Him nei bûten om Him oan it krús te slaan.
De krusiging fan Jezus
32Doe’t se Him fuortbrochten, troffen se in man út Cyréne, dy’t Simon hiet. Hy waard twongen om it krús fan Jezus te dragen. 33Se kamen op it plak dat Gólgota hjit, dat is it plak fan de Hollekrún. 34Dêr joegen se Him wyn te drinken mei galle dêrtroch. Doe’t Er dat preau, woed Er net drinke. 35Nei’t se Him oan it krús slein hienen, ferlotten se syn klean ûnderinoar. 36Doe bleauwen se dêr sitten om de wacht by Him te hâlden. 37Boppe syn holle setten se as opskrift de reden fan it fonnis: Dit is Jezus, de kening fan de Joaden. 38Tagelyk mei Him sloegen se twa rovers oan it krús, ien rjochts en ien links.
39Dy’t foarbykamen, húnden Him. Se skodhollen 40en seinen: Do, dy’t de timpel ôfbrekke soest en yn trije dagen wer opbouwe, rêd dysels no, kom fan it krús ôf, aste de Soan fan God biste. 41Krektgelikens dienen de hegeprysters, de wetgelearden en de âldsten; se laken Him mei-inoar út en seinen: 42Oaren hat er rêden, Himsels rêde kin Er net. Kening fan Israel is Er, lit Him dan fan it krús ôf komme. Dan sille wy yn Him leauwe. 43Op God hat Er fertroud, lit Dy Him no helpe, as Er Him tagedien is. Hy hat ommers sein, dat Er de Soan fan God wie. 44Krektsa húnden Him de beide rovers dy’t tagelyk krusige wienen.
De dea fan Jezus
45Midden op ’e dei waard it tsjuster oer it hiele lân. Dat duorre oan trije oere ta. 46Om trije oere hinne rôp Jezus lûd: Ely, Ely, lema sabachtany? Dat betsjut: Myn God, myn God, wêrom hawwe Jo My ferlitten? 47Inkelden fan dy’t derby stienen, hearden dat en seinen: Hy ropt Elia. 48Ien fan harren helle gau in spûns, dipte dy yn soere wyn, sette ’m op in stôk en woe Him te drinken jaan, 49mar de oaren seinen: Doch dat net, lit ús ris sjen, oft Elía komt om Him te helpen. 50Mar Jezus joech nochris in lûde skreau en stoar.
51En sjoch, doe skuorde it foarkleed fan ’e timpel midstwa, fan boppen nei ûnderen. De grûn skodde. De rotsen spjalten. 52De grêven gongen iepen en fan de fromme minsken dy’t ferstoarn wienen, waard in grut tal wekker út har deasliep. 53Dy binne nei syn ferrizenis út it grêf kommen en de hillige stêd yngien. Mannichien hat harren sjoen.
54Doe’t de offisier en dy’t mei him by Jezus wacht hâlden, de skok fernamen en alles wat him fierder ôfspile, waarden se tige kjel en seinen: Sûnder mis, dy man wie in Soan fan God. 55Der wienen ek gâns froulju by. Fan fierren stienen se dernei te sjen. It wienen froulju dy’t Jezus folge wienen út Galiléa wei en foar Him soargen. 56Under harren wienen Maria fan Magdala, Maria de mem fan Jakobus en Joazef, en de mem fan ’e soannen fan Sebedéus.
De begraffenis fan Jezus
57Doe’t it jûn wurden wie, kaam der in rike man út Arimatéa, dy’t Joazef hiet; hy hearde ek by de learlingen fan Jezus. 58Dy gong nei Pilatus ta en frege om it lichem fan Jezus. Pilatus joech befel om it him te jaan. 59Joazef krige it lichem, bewuolle it yn skjin linnen 60en lei it doe yn syn eigen nij grêf, dat er yn ’e rots úthouwe litten hie. Foar de yngong fan it grêf rôle er in grouwe stien. Doe gong er fuort. 61Maria fan Magdala en de oare Maria wienen derby. Se sieten foar it grêf oer.
De wacht by it grêf
62De oare moarns – it wie de deis nei de tariedingsdei – kamen de hegeprysters en de Fariseeërs mei-inoar by Pilatus 63en seinen: Mynhear, it is ús yn ’t sin kommen, dat dy liger by syn libben sein hat: Mei trije dagen ferriis Ik. 64Jou dus oarder in betroubere wacht by it grêf te setten oan de tredde dei ta. Syn learlingen moatte der net by komme kinne en Him dêr temûk weihelje om dan tsjin it folk te sizzen: Hy is út de dea ferriisd. Sa’n lêste fabel soe noch slimmer wêze as de earste. 65Pilatus sei tsjin harren: Dy wacht krije jim. Meitsje de saak sa feilich as jim kinne. 66Se gongen derhinne en befeiligen it grêf troch de stien te fersegeljen en in wacht út te setten.