It plan om Jezus te fermoardzjen
1Doe’t Jezus al dy útspraken dien hie, sei Er tsjin syn learlingen: 2Jimme witte dat it oaremoarn Peaske wêze sil. Dan wurdt de Minskesoan oerlevere om krusige te wurden. 3Op dat stuit kamen de hegeprysters en de âldsten fan it folk byinoar yn it paleis fan ’e hegepryster, dy’t Kajafas hiet. 4Mei-inoar namen se it beslút om Jezus temûk op te pakken en te fermoardzjen. 5Mar, seinen se, net op it feest. Der moat gjin opskuor fan komme ûnder it folk.
De balseming te Betánië
6Doe’t Jezus yn Betánië wie, yn it hûs fan Simon de Melaatske, 7kaam dêr in frou mei in albasteren flesse tige djoere nardusbalsem. Wylst Er dêr oansiet, geat se Him dy oer de holle. 8Doe’t de learlingen dat seagen, seinen se tsjin inoar: Wat jout no sa’n weismiterij? 9Dat guod hie ommers djoer ferkocht wurde kinnen en it jild oan ’e earmen jûn. 10Dat ûntkaam Jezus net en Hy sei tsjin harren: Wêrom falle jimme oer wat dy frou docht? Se hat My ommers in deugd dien. 11Earmen hawwe jimme altiten by jimme, mar My net altiten. 12Hja hat sa myn lichem al balseme foar myn begraffenis. 13Ja, Ik sis jimme: Oeral wêr’t op ’e wrâld it bliid boadskip brocht wurdt, dêr sil ek, om har te betinken, ferteld wurde, wat hja dien hat.
Judas seit ta, dat er Jezus ferriede sil
14Doe gong ien fan de tolve – Judas Iskariot hiet er – nei de hegeprysters ta 15en sei: Wat wolle jimme my jaan, as Ik Him jimme yn hannen spylje. Se seinen him tritich sulverstikken ta. 16Sûnt dat momint seach er út nei in gelegenheid om Him oer te leverjen.
It peaskemiel mei de learlingen
17Op ’e earste dei fan it feest fan it ûnsuorre brea kamen de learlingen by Jezus en seinen: Wêr wolle Jo dat wy it peaskemiel reemeitsje? 18Hy sei: Gean de stêd yn, nei dy en dy, en sis tsjin him: De Master lit sizze: It is myn tiid hast. By jo wol Ik it peaskemiel hâlde mei myn learlingen. 19De learlingen dienen, sa’t Jezus it har hjitten hie, en makken it peaskemiel ree.
20De jûns siet Er dêr mei de tolve oan. 21Under iten sei Er: Ja, Ik sis jimme: Ien fan jimme sil My ferriede. 22Dat makke harren tige mismoedich en elk foar oar frege Him: Ik dochs net, Hear? 23Hy antwurde: Dy’t mei My de hân yn ’e skûtel dipt hat, sil My ferriede. 24De Minskesoan komt wol oan syn ein, lykas oer Him beskreaun stiet, mar wee dy man troch wa’t Hy ferret wurdt. It hie better foar him west as er noait berne wie, dy man. 25Judas, dy’t Him ferriede woe, naam it wurd en frege: Ik bin it dochs net, Master? Hy sei tsjin him: Dêr seist it.
De ynstelling fan it hillich miel
26Under iten naam Jezus brea, tanke, briek it yn stikken en joech it oan ’e learlingen mei de wurden: Nim en yt, dit is myn lichem. 27Doe naam Er de beker, tanke en joech him oan de learlingen mei de wurden: Drink hjir allegearre út, 28want dit is myn Ferbûnsbloed. It wurdt foar gâns minsken stoart, dat har de sûnden ferjûn wurde. 29Ik sis jimme: Fan no ôf oan sil Ik perfoarst net mear drinke fan wat de wynstok jout, oant dy dei dat Ik mei jimme nije wyn drinke sil yn myn Heite Keninkryk. 30Doe songen se de lofsang en gongen nei de Oliveberch.
Petrus sil Jezus net mear kenne wolle
31Doe sei Jezus tsjin harren: Fannacht sille jimme jim allegearre fan My ôfkeare, want yn’e Skrift stiet:
Ik sil de hoeder slaan
en de keppel skiep sil útinoar jage wurde.
32Nei myn ferrizenis sil Ik jimme lykwols foarút gean nei Galiléa. 33Petrus antwurde: Ek al sille se har allegearre fan Jo ôfkeare, ikke net, noait. 34Jezus sei tsjin him: Wier, Ik sis it dy: Fannacht noch, ear’t de hoanne kraaid hat, silst trije kear sizze, datst My net kenste. 35Petrus antwurde: Al moast ik mei Jo stjerre, ik sil noait sizze, dat ik Jo net ken. En sa praten alle learlingen.
It gebed yn Getsémané
36Doe gong Jezus mei harren nei in stee dat Getsémané hiet. Hy sei tsjin syn learlingen: Bliuw hjir sitten, wylst Ik dêr fierderop bid. 37Petrus en de beide soannen fan Sebedéus naam Er mei. Hy begûn tige ûntdien en mismoedich te wurden. 38Doe sei Er tsjin harren: It hert bejout My suver fan smert. Wachtsje hjir, bliuw mei My wekker. 39Doe gong Er in eintsje fierderop, liet Him plat op ’e grûn falle en bidde: Heit, as it mooglik is, lit dizze lijensbeker oan My foarbygean, mar net sa’t Ik wol, mar sa’t Jo wolle. 40Doe gong Er wer nei syn learlingen ta en seach, dat se sliepten. Tsjin Petrus sei Er: Koest dan net ien oere mei My wekker bliuwe? 41Bliuw wekker en bid, dat jimme net yn gefaar fan sûnde reitsje. De geast wol wol, mar it fleis is swak.
42Foar de twadde kear gong Er doe fierderop en bidde: Heit, as it net mooglik is, dat dizze lijensbeker oan My foarbygiet, sûnder dat Ik him leech drink, lit it dan mar komme sa’t Jo wolle. 43Doe’t Er weromkaam, seach Er, dat se wer yn ’e sliep rekke wienen: de eagen wienen har swier. 44Doe liet Er harren gewurde, gong wer fierderop en bidde foar de tredde kear mei deselde wurden. 45Dêrnei gong Er wer nei syn learlingen ta en sei: Noch altiten mar sliepe en útrêste? Tink derom, de oere is nei-oan, dat de Minskesoan oan sûnders oerlevere wurdt. 46Toe, kom oerein, hy dy’t My ferriede wol, is deunby.
Jezus ferret en meinommen
47Hy wie noch net oan ’e ein fan syn wurden, of dêr wie Judas al, ien fan ’e tolve. Hy hie in binde folk by him mei swurden en kneppels. Dy wienen derop ôfstjoerd troch de hegeprysters en de âldsten fan it folk. 48De ferrieder hie mei harren dit teken ôfpraat: Dy’t ik in tút jou, dy is it; pak Him. 49Fuortendalik rûn er op Jezus ta en sei: Goejûn, Master. Doe joech er Him in tút. 50Jezus sei tsjin him: Freon, doch mar watst dwaan soest. Doe kamen se op Him ta, sloegen de hannen oan Him en lieten Him net wer los. 51Mar ien dy’t by Jezus wie, taaste nei syn swurd, luts it en houde op ’e feint fan ’e hegepryster yn. Hy sloech him in ear ôf. 52Doe sei Jezus tsjin him: Doch dat swurd wer op syn plak, want dy’t it swurd brûke, sille troch it swurd omkomme. 53Of tochtste, dat Ik myn Heit net om help freegje koe? Soe Dy My net op slach mear as tolve legioenen ingels stjoere kinne? 54Mar hoe moatte dan de Skriften útkomme, dy’t sizze dat it sa moat?
55Doe sei Jezus tsjin de binde: Moasten jim om My te pakken te krijen, der no op útgean, as gong it om in rover, mei swurden en kneppels? Mar doe’t Ik dei oan dei yn ’e timpel siet en ûnderrjocht joech, hawwe jimme My net oppakt. 56Mar alles is sa rûn, dat de Skriften fan ’e profeten útkomme koenen. Doe lieten de learlingen Him allegearre yn ’e steek en naaiden út.
Jezus foar de Hege Rie
57De mannen dy’t Jezus oppakt hienen, brochten Him nei it hûs fan ’e hegepryster Kajafas, dêr’t de wetgelearden en de âldsten byinoar wienen. 58Petrus folge Him fan fierren oant yn it foarhôf fan ’e hegepryster syn paleis. Dêr gong er by it tsjinstfolk sitten om te sjen, hoe’t it ôfrinne soe.
59De hegepryster en de hiele Rie besochten falske getugenissen tsjin Jezus los te krijen om Him deadzje te kinnen, 60mar dat slagge har net, hoewol’t der ytlike falske getugen opkamen. Op it lêst kamen der lykwols twa dy’t seinen: 61Dy man hat beweard, dat Er Gods timpel ôfbrekke en yn trije dagen wer opbouwe koe. 62Doe kaam de hegepryster oerein en sei tsjin Jezus: Hawwe Jo neat te sizzen op wat dizze minsken tsjin Jo ynbringe? 63Jezus hâlde Him lykwols stil. Doe sei de hegepryster tsjin Him: Ik beswar Jo by de libbene God: Sis it ús, binne Jo de Kristus, de Soan fan God? 64Jezus antwurde: Sa’t Jo sizze en Ik sis jim derby:
Fan no ôf oan sille jimme de Minskesoan sitten sjen rjochts fan de Almachtige
en kommen sjen op ’e wolken fan ’e himel
65Doe skuorde de hegepryster syn klean stikken en sei: Hy hat God belastere. Wat moatte wy noch mei mear getugen? Jimme hawwe de godslastering sels heard. 66Wat tinkt jimme? Hja antwurden: De dea skuldich. 67Doe spuiden se Him yn ’t gesicht en sloegen Him mei de fûsten, oaren ek mei kneppels; 68en se seinen: Sis ús ris, profeet Kristus, wa is it dy’t Jo slein hat?
Petrus docht as koe er Jezus net
69Petrus siet bûten de seal, yn it foarhôf. In tsjinstfaam kaam op him ta en sei: Jo wienen ek by Jezus, de Galileeër. 70Foar alleman ûntstried er har dat en sei: Ik wit net wêr’t jo it oer hawwe. 71Doe’t er dêrwei nei it poartehôf gong, seach in oar fanke him. Se sei tsjin de lju dy’t dêr wienen: Dy wie by Jezus, de Nazoreeër. 72Wer sei er nee en swarde: Ik ken dy man net. 73In skoftsje letter kamen der mear by te stean. Dy seinen: Sûnder mis, jo binne ek ien fan harren. Ja, men kin it oan jo spraak wol hearre. 74Doe begûn er te flokken en te swarren: Ik ken dy man net. Fuort dêrnei kraaide de hoanne. 75Doe kamen Petrus de wurden yn ’t sin, dy’t Jezus sein hie: Ear’t de hoanne kraait, silsto trije kear sein hawwe, datst My net kenste. Doe rûn er fuort en begûn bitter te skriemen.