Ieren ôflûke op sabbat
1Op in sabbat rûn Er troch de nôtfjilden. Syn learlingen plôken ûnderweis ieren ôf, wreauwen de kerlen der op ’e hân út en ieten dy op. 2Inkelde Fariseeërs seinen: Wat dogge jim dêr? Dat mei net op sabbat. 3Jezus antwurde harren: Mar hawwe jimme dan net yn ’e Skrift lêzen, wat David die, doe’t hy en syn mannen honger hienen? 4Hoe’t er it hillichdom yn gong, de toanbreaën naam en dêrfan iet, en hoe’t er syn mannen dêr ek noch fan joech, wylst allinne de prysters dêr mar fan ite meie? 5En Hy sei tsjin harren: De Minskesoan hat it ek oer de sabbat te sizzen.
De man mei de ferskronfele hân
6Op in oare sabbat kaam Er de synagoge yn en begûn it folk te learen. Doe siet dêr in man mei in ferskronfele rjochterhân. 7De learaars en Fariseeërs loerden op Him, oft Er ek op sabbat ien better meitsje soe; dan hienen se wat om Him oan te bringen.
8Mar Hy wist wat se fan doel wienen, en sei tsjin de man mei de ferskronfele hân: Gean stean en kom hjir yn ’e midden. De man kaam oerein en gong dêr stean. 9Doe sei Jezus tsjin harren: No moatte jimme My ris sizze: Wat mei men op sabbat earder dwaan, goed of kwea, in libben rêde of it ferlern gean litte?
10Doe seach Er it hiele hear oer en sei tsjin de man: Stek jo hân ris út. Dat die er en de hân wie wer better. 11Se waarden lykwols poerrazend en leinen mei-inoar oer, wat se Jezus dwaan soenen.
It útkiezen fan de tolve
12Yn dy dagen teach Er nei it berchlân om te bidden en de hiele nacht troch bidde Er dêr ta God. 13Doe’t it ljocht wurden wie, rôp Er syn learlingen by Him en keas der tolve út, dy’t Er apostels neamde, 14te witten Simon, dy’t Er de namme Petrus joech, en syn broer Andréas, Jakobus en Johannes, Filippus en Bartoloméus, 15Mattéus en Tomas, Jakobus Alféus’ soan, Simon, dy’t de frijheidsstrider neamd waard, 16Judas Jakobus’ soan en Judas Iskariot, dy’t syn ferrieder wurden is.
De soarch foar in grutte mannichte
17Hy gong mei harren de berch ôf en op in flakte bleau Er stean. In grut tal fan syn learlingen wie dêre en in macht folk út it hiele Joadske lân, út Jeruzalem en út Tyrus en Sidon oan ’e seekant. 18Se wienen kommen om Him te hearren en fan har kwalen ôfholpen te wurden. Dy’t lêst hienen fan kweageasten waarden ek sûn makke. 19Al dat folk besocht Him oan te reitsjen, omdat der in krêft fan Him útgong, dy’t alle siken sûn makke.
Lok en wee
20Jezus seach syn learlingen oan en sei:
Lokkich, jimme dy’t earm binne,
want Gods ryk is jimmes.
21Lokkich, jimme dy’t no hongerlije,
want jimme sille sêd krije.
Lokkich, jimme dy’t no skrieme,
want jimme sille laitsje.
22Lokkich binne jimme, wannear’t de minsken jimme haatsje, útbanne
en útskelle, en wannear’t se jimme as min folk út ’e mienskip stjitte
om jim leauwen yn ’e Minskesoan.
23Dy deis moatte jim dûnsje fan blydskip, want jimme lean by God is grut; har foarâlden hawwe mei de profeten krekt itselde dien.
24Mar wee jimme, riken, want jimme hawwe jim treast al krige.
25Wee jimme dy’t no sêd binne, want honger sille jim lije.
Wee jimme dy’t no laitsje, want jim sille rouje en skrieme.
26Wee jimme, as alleman lof fan jimme sprekt; har foarâlden hawwe mei de sabeare-profeten krekt itselde dien.
Haw jim fijannen leaf
27Tsjin jimme, dy’t nei my harkje, sis Ik: Haw jim fijannen leaf, doch de lju dy’t jimme haatsje goed, 28segenje dy’t jimme ferflokke, bid foar dy’t jimme tenei komme. 29Kear him dy’t jo op it iene wang slacht, ek it oare ta. As ien jo de mantel ôfpakt, moatte jo him de oare klean net wegerje. 30Jou oan elk dy’t jo om wat freget. As ien jo wat ôfpakt, easkje dat net werom.
31Lykas jimme wolle, dat de minsken jim behannelje, sa moatte jimme har ek behannelje. 32As jimme leafhawwe, dy’t ek fan jimme hâlde, hokker tank kinne jimme dêrfoar ferwachtsje? Want ek de sûnders hawwe leaf, dy’t fan har hâlde. 33En as jimme de lju goeddogge dy’t jim goeddogge, hokker tank kinne jimme dêrfoar ferwachtsje? De sûnders dogge dat likegoed. 34En as jimme liene oan minsken dêr’t jimme wat fan hoopje werom te krijen, hokker tank kinne jimme dêrfoar ferwachtsje? Ek sûnders liene oan sûnders mei it doel om likefolle werom te krijen.
35Nee, haw jimme fijannen leaf, doch harren goed en lien út sûnder wat werom te ferwachtsjen. Dan sil jimme lean grut wêze en jimme sille bern wêze fan de Allerheechste, dy’t ommers ek goed is foar de ûntankberen en minnen. 36Wês barmhertich lykas jimme Heit dat is.
Oer oaren oardielje
37Oardielje net, dan sil God ek net oer jimme oardielje. Feroardielje net, dan sille jimme ek net troch God feroardiele wurde. Sprek frij, dan sille jimme frijsprutsen wurde. 38Jou, dan sil jimme jûn wurde. In skoandere mjitte wurdt jimme dan tapart, ien dy’t oanstampt is en skodde, ien dy’t oerrinnende fol is, want nei de mjitte dy’t jimme jouwe, sil jimme tametten wurde.
39Hy hâlde harren ek dit byld foar: Kin de iene bline altemets de oare it paad wize? Sille se allebeide net yn ’e kûle falle? 40Learlingen steane net boppe de master. As se troch it learen hinne binne, dan pas sille se syn gelikens wêze.
41Wêrom sjogge jo nei de splinter yn oarmans each en fernimme jo de balke net, dy’t yn jo eigen each sit? 42Hoe kinne jo dochs tsjin in oar sizze: Freon, lit my by dij dy splinter ris út it each helje, as jo de balke yn jo eigen each net fernimme? Komeedzjespylder, helje earst de balke út jo eigen each wei. Dan pas kinne jo de splinter yn oarmans each sitten sjen en dy derút helje.
In beam wurdt kend oan syn fruchten
43Der is gjin goede beam dy’t minne fruchten jout, mar ek gjin minne beam mei goede frucht. 44Elke beam ken men oan syn frucht. Fan stikelhagen plôket men ommers gjin figen en fan in toarnbeipôle gjin druven. 45Goede minsken helje út ’e skatkeamer fan har goed hert it goede foar ’t ljocht, de minnen út har min hert it minne. Want dêr’t it hert fol fan is, dêr sprekt de mûle fan.
De twa fûneminten
46Wat dogge jimme My allegeduerigen Hear, Hear te neamen, as jimme dochs net dogge, wat Ik sis? 47Elkenien dy’t by My komt, nei myn wurden harket en dêrneffens docht, Ik sil jim ris sizze wêr’t sa’n ien op liket. 48Hy liket op ien dy’t by it bouwen fan in hûs hakket en dolt en de fûneminten op ’e rotsgrûn leit. As dan it hege wetter delkomt, batst it tsjin dat hûs oan, mar der is gjin ferwrikken oan, omdat it goed boud is. 49Mar as ien al nei myn wurden harket, mar der net neffens docht, sa’n man liket op ien dy’t in hûs samar op ’e grûn set sûnder fûneminten. It wetter batst der tsjinoan en it stoart op slach yn. It wurdt ien grutte púnfal.