Jezus ropt de earste learlingen
1Jezus stie ris op ’e wâl fan ’e mar fan Gennézaret, wylst it folk op Him oankrong om it godlik boadskip te hearren. 2Hy seach twa boatsjes oan ’e wâl lizzen. De fiskers wienen derút stapt en spielden de netten. 3Hy stapte yn ien fan dy boatsjes, Simon sines, en frege him, oft er in eintsje út ’e wâl farre woe. Sittendewei joech Er doe út it boatsje it folk ûnderrjocht.
4Doe’t Er dêr klear mei wie, sei Er tsjin Simon: Hâld ris op it djippe oan en bring jimme netten út foar it fangen. 5Simon antwurde: Master, de hiele nacht hawwe wy yn ’t spier west en neat fongen, mar as Jo it sizze, bring ik de netten út. 6Doe’t se dat dien hienen, fongen se sa’n soad fisk, dat de netten skuorden suver. 7Doe wonken se har maten yn ’e oare boat om te kommen en mei oan te pakken. Dy kamen en se laden beide boaten sa fol, dat se sonken omtrint.
8Doe’t Simon Petrus dat seach, foel er foar Jezus op ’e knibbels en sei: Gean by my wei, Hear, want ik bin in ferkeardenien. 9Ja, hy en syn maten wienen alhiel ferbjustere om de haal dy’t se mei it fiskjen dien hienen. 10En sa wie it ek mei Jakobus en Johannes, de soannen fan Sebedéus, dy’t mei Simon yn ’e mande dienen. Jezus sei tsjin Simon: Wês net bang, fan no ôf oan silste minsken fange. 11Doe setten se de boaten op ’e wâl, lieten de hiele boel dêr lizze en folgen Him.
De suvering fan in lepralijer
12Doe’t Er yn ien fan ’e stêden wie, trof Er in man dy’t ûnder de lepraplakken siet. Sa gau’t dy Jezus seach, liet er himsels foaroer falle en smeekte Him: Hear, as Jo it wolle, kinne Jo my sûn en suver krije. 13Jezus stiek de hân út, rekke him oan en sei: Goed, Ik wol it, wurd suver. Op slach gong de melaatskens him ôf. 14Jezus sei, hy mocht der mei gjinien oer prate. Mar lit jo, sei Er, oan ’e pryster sjen, en offerje fanwegen jo suvering, wat Mozes foarskreaun hat. Dan hawwe se in bewiis.
15Mar nammerstemear gong syn rop troch it lân en kloften folk kamen opsetten om Him te hearren en fan har kwalen ôfholpen te wurden. 16Mar Hy socht ûntwyk yn iensume oarden om dêr te bidden.
In lammenien wurdt better makke
17Op in kear dat Jezus it folk oan it learen wie, sieten der ek Fariseeërs en wetlearaars by. Ut alle plakken fan Galiléa en Judéa en út Jeruzalem wienen dy wei kommen. Hy hie de krêft fan de Hear om minsken better te meitsjen.
18Krekt kamen der inkelde manlju oansetten mei in man op in draachbêd, dy’t ferlamme wie. Se woenen dy man deryn bringe en foar Jezus dellizze. 19Mar doe’t se der fanwegen al it folk net yn koenen, gongen se it dak op en lieten him dêrtrochhinne mei bêd en al midden tusken it folk foar Jezus syn fuotten delsakje. 20Doe’t Jezus seach hoe’t se leauden, sei Er: Freon, jo sûnden wurde jo ferjûn.
21De learaars en Fariseeërs begûnen dêroer te redendielen en seinen: Wat is dit foar ien, dat Er God sa lasteret? Wa kin sûnden ferjaan as God allinne? 22Jezus seach wol troch har riddenaasjes hinne en antwurde harren: Wat beriddenearje jimme by jimsels? 23Wat is makliker te sizzen: jo sûnden wurde jo ferjûn, of te sizzen: gean oerein en rin? 24Mar dat jimme witte meie, dat de Minskesoan de macht hat om op ierde sûnden te ferjaan ..., Hy kearde Him nei de lamme ta en sei: Ik sis jo, kom oerein, nim jo bêd op en rin nei hûs.
25Op slach, wylst alleman it seach, kaam er oerein, krige it bêd dêr’t er op lein hie, fan ’e grûn en rûn, God ferhearlikjende, nei hûs. 26Ferbjustering kaam oer har allegearre, se ferhearliken God en fol ûntsach seinen se: Wûnderbaarlike dingen hawwe wy hjoed sjoen.
Jezus ropt Levy
27Dêrnei gong Er it hûs út en seach in tolgarder by syn tolhûs sitten. Levy wie syn namme. Jezus sei tsjin him: Gean mei My. 28De man liet alles achter, gong oerein en folge Him. 29By him thús hâlde Levy in grut gastmiel foar Him. Dêr wienen hiel wat tolgarders en oaren mei har oan tafel. 30De Fariseeërs en har learaars seinen prottelich tsjin syn learlingen: Wêrom ite en drinke jimme mei tolgarders en sûnders?
31Jezus antwurde: Sûne minsken hawwe gjin ferlet fan in dokter, mar siken al. 32Ik bin net kommen om deugdsume minsken ta bekearing op te roppen, mar sûnders.
De fraach oer it fêstjen
33Doe seinen se tsjin Him: De learlingen fan Johannes fêstje faak en dogge gebedens, dy fan de Fariseeërs krektsa, mar Jowes ite en drinke mar ta. 34Jezus sei tsjin harren: Brullofters kin men dochs net fêstje litte, wol, salang as de breugeman by harren is? 35De tiid giet lykwols syn gong, en as ienkear de breugeman by harren weinommen is, dan, yn dy tiid, sille se fêstje.
36Hy fertelde harren noch in gelikenis: Nimmen skuort in lape út in nij stik klean en set dy op in âld: want it nije stik skuort it âlde út en boppedat past de nije lape net by it âlde guod. 37Nimmen docht ek jonge wyn yn âlde sekken: oars makket de jonge wyn in skuor yn ’e sekken en dan rint de wyn fuort en de sekken binne wei. 38Nee, jonge wyn heart yn nije sekken. 39Gjinien dy’t wend is âlde te drinken, wol fan jonge witte, want – it sizzen is altyd – de âlde giet dermei.