De feint fan in ofsier wurdt better makke
1Doe’t Jezus hielendal klear wie mei syn taspraken foar it harkjende folk, gong Er Kafárnaüm yn. 2In ofsier dêre hie in feint dêr’t er tige mei op hie. Dy wie slim siik en lei op stjerren. 3Doe’t er fan Jezus hearde, stjoerde er dan ek inkelde âldsten fan ’e Joaden nei Him ta om te freegjen, oft Jezus komme woe en syn feint dertroch helpe. 4Doe’t dy by Jezus kamen, stienen se der tige by Him op oan. Hy is it wol wurdich, dat Jo dat foar him dogge, seinen se, 5want hy is ús folk tige tagedien. Hy hat sels de synagoge foar ús sette litten.
6Jezus gong doe mei harren, mar Hy wie al net fier mear fan it hûs ôf, doe’t de ofsier der inkelde freonen op útstjoerde om Him te sizzen: Master, besparje Jo dy drokte. Ik bin net wurdich, dat Jo by my yn ’e hûs komme. 7Dêrom wie it my ek al wat te bot om sels samar nei Jo ta te gean. Jou mar in befel, dan moat myn feint better wêze. 8Ik bin sels in man dy’t ûnder in oar stiet, mar ik haw ek soldaten ûnder my. Tsjin de iene sis ik: Mars, en dan giet er, tsjin in oarenien: Kom, en dan komt er. En tsjin myn feint: Doch dat en dan docht er it.
9Doe’t Jezus dy wurden hearde, ferwûndere Hy him oer de man. Hy kearde Him nei it folk ta dat meikaam, en sei: Ik sis jimme: Sels yn Israel haw ik sa’n grut leauwen net fûn. 10Doe’t de freonen dy’t derop útstjoerd wienen, wer yn ’e hûs kamen, die it har bliken, dat de feint better wie.
De opwekking fan ’e widdoossoan te Naïn
11Dêrnei wie Er ris op wei nei in stêd dy’t Naïn hiet. Mei Him reizgen syn learlingen en in grutte kloft folk. 12Doe’t se tichte by de stedspoarte kamen, waard dêr krekt in deade opdroegen, de iennichste soan fan in widdo. Gâns minsken út de stêd gongen mei har. 13Doe’t de Hear har seach, krige Er tige mei har te dwaan en sei: Skriem mar net. 14Doe gong Er nei de lykbier ta en rekke dy oan. De dragers bleauwen stean. Hy sei: Jongfeint, Ik sis dy, kom oerein! 15De deade gong oerein sitten en begûn te praten. En Jezus joech him oan syn mem werom.
16Djip ûntsach befong elkenien. Se prizen God en seinen: In grut profeet is ûnder ús ferskynd, en: God hat goedgeunstich delsjoen op syn folk. 17Dat nijs oer Him gong it hiele Joadske lân troch en in wide krite deromhinne.
De boaden fan Johannes de Doper
18En Johannes syn learlingen fertelden har master al dy dingen. Hy rôp in pear fan harren by him 19en stjoerde harren nei Jezus ta mei de fraach: Binne Jo de man dy’t komme soe, of moatte wy op in oarenien tidigje? 20Doe’t se by Jezus kamen, seinen se: Wy binne troch Johannes de Doper nei Jo tastjoerd om te freegjen: Binne Jo de man dy’t komme soe, of moatte wy op in oarenien tidigje? 21Krekt op dat stuit holp Jezus gâns minsken fan sykten, kwalen en kweade geasten ôf, in grut tal blinen joech Er it gesicht. 22Hy antwurde harren: Fertel Johannes mar, wat jimme hjir sjoen en heard hawwe; blinen kinne wer sjen, lammen rinne, melaatsken wurde sûn en suver, doven hearre, deaden wurde ta libben brocht en earmen wurdt it bliid boadskip ferkundige. 23Lokkich is hy dy’t troch My net komt te fallen.
24Doe’t de boaden fan Johannes fuort wienen, begûn Jezus tsjin it folk oer Johannes te praten: Om wat te sjen binne jimme de woestyn yngien? Wie it om in reid te sjen, soeiend op ’e wyn? 25Nee, mar om wat te sjen binne jimme dan kommen? Om in man, klaaid yn side en satyn? Lju mei moaie klean en oare weelderichheden binne yn paleizen te finen.
26Mar om wat te sjen binne jimme dan al kommen? Om in profeet? Jawis, sis Ik jimme, en mear as in profeet. 27Fan him stiet beskreaun: Sjoch, Ik stjoer myn boade foar Jo út, hy sil foar Jo it paad reemeitsje. 28Ik sis jimme: Fan dy’t út froulju berne binne, is gjinien grutter as Johannes. Mar de lytste yn Gods ryk is dochs grutter as hy.
29It folk hat allegearre nei him harke, de tolgarders ek. Se achten Gods bestel goed en lieten har dope mei de doop fan Johannes. 30Mar de Fariseeërs en de wetgelearden hawwe it plan fan God ta har eigen skea ôfwiisd, mei’t se net troch him doopt wurde woenen.
31Wêr moat Ik de minsken fan no mei fergelykje? Oan wa binne se gelyk? 32It is mei harren as mei de bern dy’t op it merkeplein sitte te boartsjen. It iene partoer ropt tsjin it oare:
Wy hawwe foar jimme op ’e brulloftsfluit spile, mar dûnsje dienen jimme net.
Wy hawwe foar jimme in begraffenisliet songen, mar gûle dienen jimme net.
33Johannes de Doper is kommen; hy fêste en brûkte gjin wyn; en dan sizze jimme: Hy is net wiis. 34De Minskesoan is kommen: Hy yt en drinkt wol; en dan sizze jimme: In fretter is it, in sûper, in freon fan tolgarders en sûnders. 35Mar de wiisheid fan God kriget gelyk fan elk dy’t har begeart.
In sûnderes wurde har sûnden ferjûn
36Ien fan ’e Fariseeërs hie Him ris noege te iten. Jezus kaam by him yn ’e hûs en skikte by de tafel. 37In frou dy’t yn ’e stêd op in minne namme lei, kaam te witten, dat Er yn it hûs fan ’e Fariseeër te gast wie. Se krige doe in flesse mei balsem, 38gong achter by syn fuotten stean te skriemen, makke dy wiet mei har triennen, fage se ôf mei har hier, tute se en salve se mei de balsem. 39Doe’t de Fariseeër dy’t Him noege hie, dat seach, tocht er by himsels: As Hy no wier in profeet wie, soed Er grif wol witte, dat de frou dy’t Him oanrekket, in sûnderes is, en hoe’n ien! 40Doe naam Jezus it wurd en sei: Simon, Ik haw jo wat te sizzen. Simon sei: Master, sis it mar. 41In jildsjitter hie twa skuldners. De iene wie him fiifhûndert denaarjes skuldich, de oare fyftich. 42Se koenen net betelje en doe skonk er it harren allebeide. Wa fan harren sil him dan it meast tagedien wêze? 43Simon antwurde: Wa’t er it measte skonken hat, tinkt my. Jezus sei tsjin him: Dat hawwe jo goed sjoen.
44Doe kearde Er him nei de frou ta en sei tsjin Simon: Sjogge jo dizze frou? Ik bin by jo yn ’e hûs kommen. Wetter om te fuotwaskjen hawwe jo My doe net jûn, mar sij makke My de fuotten wiet mei har triennen en fage se mei har hier ôf.
45In tút ta wolkom hawwe jo My net jûn, mar sij hat, sûnt Ik deryn kaam, My oan ien wei de fuotten tute. 46Jo hawwe My de holle net mei olive-oalje salve, mar sij salve My de fuotten mei balsem.
47Dêrom sis Ik jo, binne har de sûnden ferjûn, en dat wienen hiel wat. Oars soe se net sa leafhawwe kinne. Wa’t mar in bytsje ferjûn is, kin net sa leafhawwe. 48Tsjin har sei Er: Jo sûnden binne jo ferjûn.
49Dy’t mei oansieten, begûnen harsels ôf te freegjen: Wa is Hy dochs, dat Er sels sûnden ferjout? 50Tsjin de frou sei Er fierder: Jo leauwen hat jo behâld west. Gean yn frede nei hûs.