Jezus yn ’e ferlieding brocht mei iten, macht en eare
1Fol fan hillige Geast gong Jezus werom, by de Jordaan wei, en Hy waard troch de Geast yn ’e woestyn brocht, 2dêr’t Er fjirtich dagen troch de duvel hifke waard.
Dy dagen iet Er neat, en doe’t se om wienen, hied Er honger. 3De duvel sei tsjin Him: As Jo Gods Soan binne, hjit dy stien dan ris, dat er yn brea feroaret. 4Jezus joech him ta beskie: Der stiet yn ’e Skrift: Net fan brea allinne sil de minske libje.
5Doe brocht er Jezus op in hichte en liet Him yn in eachwink alle keninkriken fan ’e bewenne wrâld sjen. 6En de duvel sei tsjin Him: Oan Jo sil ik al dy machtige, prachtige riken jaan; se binne my ommers tabetroud en ik jou se oan wa’t ik wol. 7Dat as Jo foar my op ’e knibbels falle, sil dat allegear Jowes wêze. 8Jezus joech him ta beskie: Der stiet skreaun: de Hear, dyn God, moatst oanbidde en Him allinne tsjinstber wêze. 9Doe brocht er Jezus nei Jeruzalem, sette Him op ’e râne fan it timpeldak en sei tsjin Him: As Jo Gods Soan binne, spring hjir dan ris by del. 10Der stiet ommers: syn ingels sil Er hjitte op Jo te passen, en: 11mei de hannen sille dy Jo opheine, dat Jo de fuotten oan gjin stien stjitte. 12Mar Jezus joech him ta beskie: Der is sein: do meist de Hear dyn God net earne op fergje. 13Doe’t de duvel al syn ferliederskeunsten op Him probearre hie, gong er by Him wei en wachte syn tiid ôf.
It begjin fan it wurk yn Galiléa
14Mei de krêft fan de Geast yn Him kaam Jezus werom yn Galiléa. Yn ’e hiele kontrei begûn Er namme te krijen. 15Hy joech ûnderrjocht yn har synagogen en alleman rôp fan Him.
Jezus te Nazaret ôfwiisd
16Hy kaam ek yn Nazaret, dêr’t Er grutbrocht wie. Op sabbat gong Er, lykas Er wend wie, nei de synagoge. Dêr riisde Er oerein om foar te lêzen. 17Hja joegen Him in boekrôle oer fan profeet Jesaja. Doe’t Er dy iepenrôle hie, fûn Er it plak dêr’t te lêzen stie:
18‘De Geast fan de Hear is oer My kommen, want Hy hat My salve, Hy hat My útstjoerd om de earmen it bliid boadskip te bringen, om ûnfrijen de frijheid oan te sizzen en blinen it gesicht, om fersleinen ferromme nei hûs gean te litten, 19en om in genedejier fan de Hear út te roppen.’ 20Nei’t Er de boekrôle wer oprôle hie, joech Er dy wer oan ’e tsjinner en gong sitten. Yn ’e synagoge hie elk de eagen stiif op Him. 21Doe begûn Er harren ta te sprekken: Dy tekst, dy’t jimme noch yn ’e earen sit, is hjoed wierheid wurden. 22Allegearre seinen se, dat Er tige sprutsen hie, en se bearden wakker fan de skoandere wurden dy’t Him út ’e mûle kommen wienen. Se seinen: Is dat net dy soan fan Joazef?
23Hy sei tsjin harren: Jimme sille My grif mei it sprekwurd oankomme: Dokter, meitsje josels better. Doch no ris, hjir yn jo eigen stêd, wat jo, nei’t der sein wurdt, allegear yn Kafarnaüm dien hawwe. 24Mar Hy sei: Dit sis Ik jimme: gjin profeet is wolkom yn syn eigen berteplak. 25Sa is it: yn ’e tiid fan Elía, doe’t de loft yn gjin trije jier en seis moanne wetter joech en it yn it hiele lân slim hongerlijen wie, wienen der yn Israel ferskate widdowen. 26Dochs waard Elía nei gjinien fan harren ta stjoerd, mar allinne nei in widdo te Sarepta yn ’e krite fan Sidon. 27En yn ’e tiid fan profeet Elisa wienen der ferskate melaatsken yn Israel. Dochs waard gjinien fan harren suvere, oars net as Naäman de Syriër.
28Doe’t de minsken dy’t yn ’e synagoge wienen, dat hearden, waarden se allegearre poerlilk; 29se sprongen oerein, jagen Him ta de stêd út en brochten Him nei de oerstekkende râne fan ’e berch dêr’t har stêd op boud wie, mei it doel Him nei ûnderen te smiten. 30Mar Hy rûn gewoan midden tusken har troch en gong syn wegen.
De man mei in kweade geast
31Doe gong Er nei de stêd Kafárnaüm yn Galiléa. Elke sabbat learde Er harren. 32De minsken wienen ferheard oer syn wize fan learen, omdat Er spriek mei gesach.
33No wie der yn ’e synagoge in man dy’t in duvel ynhie en lûd raasde: 34Hui, wat hawwe Jo mei ús te meitsjen, Jezus fan Nazaret? Binne Jo kommen om ús te fergriemen? Ik wit wol, wa’t Jo binne: Gods Hillige. 35Jezus spriek him foars oan en sei: Hâld dy stil en gean út him wei. Doe slingere de duvel him tusken de minsken, en gong út him wei sûnder de man yn it minst te besearen. 36Hja besauden har der allegear oer en seinen tsjininoar: Wat sit der dochs yn dy wurden, dat Er mei sa’n gesach en macht de duvels fuortbant? 37En syn rom rûn as diggelfjoer de hiele kontrei oer.
Gâns minsken wurde better makke
38Doe’t Er út ’e synagoge weikaam, rûn Er by Simon oan. Petrus syn skoanmem hie slim de koarts en se fregen Him om har te helpen. 39Jezus bûgde Him oer har hinne en ferbea de koarts. Dy gong har doe ôf. Fuortynienen kaam se oerein en betsjinne harren.
40Doe’t de sinne ûndergong, brocht elk dy’t in sike hie, dy nei Him ta, watfoar kwaal se ek hienen. Hy lei har ien foar ien de hannen op en makke har better. 41Ut ytliken gongen ek duvels wei, lûd bearend: Jo binne de Soan fan God. Mei foarse wurden ferbea Er harren om deroer te praten, want se hienen begrepen, dat Hy de Kristus wie.
In preektocht
42Doe’t it begûn te daagjen, gong Er fuort en teach nei in iensume oarde. Mar it folk socht om Him en kaam op it plak dêr’t Er wie. Se woenen Him dêr hâlde. Hy mocht net by harren weigean. 43Mar Hy sei tsjin harren: Ek yn ’e oare stêden moat ik it bliid boadskip fan it Godsryk bringe, want dêrfoar bin Ik útstjoerd. 44En Hy preke yn de synagogen fan it Joadske lân.