Jezus wurdt foar Pilatus brocht
1Doe gongen se allegear tagelyk oerein en brochten Him nei Pilatus ta. 2Dêr begûnen se oanklachten tsjin Him yn te bringen en seinen: It is ús dúdlik wurden, dat dizze man ús folk yn ûnstjoer bringt, dat Er dertsjin yngiet, as se de keizer belesting betelje en seit, dat Er de Kristus is, de kening.
3Doe frege Pilatus Him: Binne Jo de kening fan ’e Joaden? Jezus antwurde: Ja, it is sa’t jo sizze. 4Pilatus sei doe tsjin de hegeprysters en it folk: Skuld kin ik yn dizze man net fine. 5Mar se dienen gjin lichten en seinen: Hy stokelt it folk op mei syn gepreek it hiele Joadske lân troch. Dat is al yn Galiléa begûn en begjint hjir no ek al.
Jezus foar Herodes
6Doe’t Pilatus dat hearde, frege er, oft de man in Galileeër wie, 7en sagau’t er fernaam dat Er út Herodes syn gerjochtichheid kaam, stjoerde er Him nei Herodes ta. Dy wie yn dy dagen ek yn Jeruzalem.
8Herodes wie tige bliid, dat er Jezus no ris seach. Hy hie safolle oer Him heard, dat hy seach der al lang nei út Him ris te treffen, en no hope er sels te sjen, dat Er in wûnder die. 9Hy die Him gâns fragen, mar Jezus joech him gjin antwurd. 10De hegeprysters en wetlearaars stienen derby en brochten de iene fûle oanklacht nei de oare tsjin Him yn.
11Herodes en syn liifwacht húnden Him en stutsen Him de gek oan. Hy die Him in blinkend wite mantel om en stjoerde Him sa wer nei Pilatus. 12Dy deis waarden Herodes en Pilatus freonen; foartiid koenen se min mei-inoar.
Jezus ta de dea feroardiele
13Pilatus rôp de hegeprysters, de lieders en it folk byinoar, 14en sei tsjin harren: Jimme hawwe dy man by my brocht, omdat Er it folk yn opstân bringe soe. No haw ik Him yn jimme bywêzen foar it ferhoar hân en neat fûn, dat Him skuldich meitsje soe oan wat jim tsjin Him ynbringe. 15Herodes likemin, want dy hat Him wer nei ús tastjoerd. Nee, Hy hat neat dien, dêr’t Er de dea om fertsjinnet. 16Dat ik sil Him mei in ôfstraffing frijlitte. [ 17]
18Mar doe raasden se mei man en macht: Fuort mei Him, lit Barabbas frij! 19Barabbas wie in man dy’t oppakt wie fanwegen reboelje yn ’e stêd en moard.
20Omdat Pilatus Jezus frijlitte woe, begûn er har op ’e nij ta te sprekken. 21Mar hja rôpen der tsjinyn: Oan it krús, oan it krús mei Him! 22Foar de tredde kear besocht Pilatus it en sei tsjin harren: Wat hat Er dan foar ferkeards dien? Ik haw neat fûn dêr’t Er de dea om fertsjinnet. Dat ik sil Him in ôfstraffing jaan en dan frijlitte.
23Mar mei lûd gerop stienen se derop oan, ja easken se, dat Er krusige wurde soe. En mei har geskreau wûnen se it. 24Pilatus die de útspraak, dat oan har eask foldien wurde moast. 25De man dêr’t se sa om rôpen, liet er frij, al siet dy fêst foar reboelje en moard; mar Jezus levere er oer oan har wil.
De krusiging fan Jezus
26Doe’t se Him fuortbrochten, hâlden se Simon oan, in man fan Cyrene, dy’t fan it lân kaam. Se leinen him it krús op om it achter Jezus oan te dragen.
27In grutte kloft minsken folge Jezus, ek gâns froulju dy’t harsels sloegen en om Him skriemden. 28Jezus kearde Him nei har ta en sei: Froulju fan Jeruzalem, skriem net om My, skriem leaver om jimsels en om jim bern, 29want, tink derom, der komme dagen dat se sizze sille: Lokkich de ûnfruchtbere froulju dy’t noait bern hân hawwe en noait ien it boarst jûn. 30Yn dy dagen sille se derta komme tsjin de bergen te sizzen: Fal op ús del, en tsjin de hichten: Bedobje ús. 31Ommers, as se dit dogge mei it griene hout, hoe moat it dan mei it deade komme?
32Se brochten ek noch twa oaren, twa misdiedigers, fuort om mei Him de deastraf te ûndergean.
33Doe’t se op it plak kommen wienen, dat Hollekrún hjit, sloegen se Him dêr oan it krús, en ek de beide misdiedigers, de iene rjochts, de oare links. 34[En Jezus bidde: Heit, ferjou it harren, want se witte net wat se dogge]. Hja ferlotten syn klean ûnderinoar.
35De minsken stienen derby te sjen. Mar har foarmannen laken Him út en seinen: Oaren hat Er rêden, lit Him no Himsels rêde, as Er dan de Kristus fan God is, de útkarde. 36Ek de soldaten stutsen Him de gek oan, gongen nei Him ta mei soere wyn 37en seinen: As Jo de kening fan ’e Joaden binne, rêd dan Josels. 38Boppe syn holle wie ek in opskrift: Dit is de kening fan ’e Joaden. 39Ien fan ’e beide misdiedigers dy’t oan it krús hongen, sei smeulsk tsjin Him: Binne Jo de Kristus net? Rêd Josels dan en ús derby. 40Mar de oare strafte him ôf mei de wurden: Jousto dan noch neat om God, wylsto dochs itselde fonnis ûndergieste? 41En wy mei rjocht en reden, want wy krije, wat wy fertsjinne hawwe. Mar Hy hat neat gjin ferkeards dien. 42Hy sei ek: Jezus, tink om my, as Jo yn jo keninkryk kommen binne. 43En Jezus sei tsjin him: Wier, Ik sis jo, hjoed sille jo mei My yn it paradys wêze.
Jezus syn dea
44It wie al sawat midden op ’e dei, doe’t it tsjuster waard it hiele lân oer oan trije oere ta. 45De sinne joech gjin ljocht mear. It foarkleed fan de timpel skuorde middentroch. 46En Jezus rôp lûd: Heit, yn Jo hannen betrou Ik myn geast. Nei dy wurden stoar Er.
47Doe’t de offisier seach wat him ôfspile hie, ferhearlike er God en sei: Der is gjin mis op, dy man wie goed. 48En alle lju dy’t derop taset wienen om te sjen, sloegen harsels foar it boarst, doe’t se sjoen hienen, wat him ôfspile hie, en gongen sa wer nei hûs. 49Al syn kunde stie der fan fierren nei te sjen, ek de froulju dy’t mei Him út Galiléa kommen wienen.
De begraffenis fan Jezus
50Doe kaam der in lid fan ’e Hege Rie, Joazef by namme. Hy wie in goed en rjochtfeardich man 51en hie it dêrom ek net iens west mei opset en dwaan fan ’e oare riedsleden. Hy kaam út Arimatéa, in Joadske stêd, en hy ferwachte Gods ryk. 52Dy man dan gong nei Pilatus ta en frege om Jezus syn lichem.
53Doe’t er it fan it krús nommen hie, bewuolle er it yn linnen en lei it yn in grêf, dat yn in rots úthoud wie en dêr’t noch gjinien yn begroeven west hie. 54It wie Tariedingsdei en hast oan ’e sabbat ta. 55De froulju dy’t mei Him út Galiléa kommen wienen, gongen mei. Se seagen it grêf en hoe’t syn lichem dêryn dellein waard. 56Doe’t se werom wienen, makken se swietrokige krûden en salve klear. Wol hâlden se op sabbat rêst, sa’t de wet it foarskriuwt.