De ferrizenis van Jezus
1Mar de earste deis fan ’e wike gongen se ier en betiid nei it grêf, mei de swietrokige krûden dy’t se klearmakke hienen, by har. 2Se seagen, dat de stien al foar it grêf weirôle wie. 3Se gongen deryn, mar it lichem fan de Heare Jezus fûnen se net. 4Se wisten net wat se deroan hienen. Ynienen stienen der twa mannen yn blinkend wite klean by har. 5Se waarden tige kjel en sloegen de eagen foardel, mar dy twa seinen tsjin har: Wat sykje jimme de libbene by de deaden? 6Hy is hjir net. Hy is ferriisd. Tink oan wat Er jimme sein hat, doe’t Er noch yn Galiléa wie. 7Hy hat sein, dat de Minskesoan oerlevere wurde moast yn ’e hannen fan ’e sûnders, dat Er krusige wurde soe, mar de tredde deis ferrize. 8Doe kamen dy wurden fan Him har wer yn ’t sin.
9En doe’t se fan it grêf werom wienen, fertelden se al dy dingen oan de alve en alle oaren. 10It wienen Maria fan Magdala, Johanna, en Maria, de mem fan Jakobus. Ek de oare froulju dy’t by harren wienen, fertelden de apostels itselde ferhaal. 11Mar dy like dat healwizepraat ta en se woenen har net leauwe. [12Mar Petrus gong oerein en rûn hurd nei it grêf ta. Hy bûgde him foaroer en seach de wynsels en oars neat. Doe gong er fuort, ferwûndere oer wat der bard wie.]
De reis nei Emmaüs
13Mar, wat woe it gefal? Dyselde deis wienen twa fan syn freonen ûnderweis nei in doarp dat goed tsien kilometer fan Jeruzalem ôf lei en Emmaüs hiet. 14Se hienen it tegearre oer alles wat der foarfallen wie. 15Wylst se yn har petear alles noch ris neigongen, kaam Jezus sels derby en rûn mei harren op. 16Mar it waard har eagen ûntkeard Him werom te kennen.
17Hy sei tsjin harren: Wêr hawwe jimme it tegearre sa drok oer ûnderweis? Mismoedich bleauwen se stean. 18Doe sei de iene, Kléopas, tsjin Him: Binne Jo dan de iennichste dy’t frjemd is yn Jeruzalem, dat Jo net witte, wat him dêr de lêste dagen ôfspile hat?
19Hy frege harren: Wat dan? Doe seinen se tsjin Him: No, dat mei Jezus fan Nazaret. Hy wie in profeet, machtich mei wurd en died yn ’e eagen fan God en fan it hiele folk. 20En hoe’t de hegeprysters en ús lieders Him útlevere hawwe ta de deastraf en Him oan it krús slein hawwe. 21En wy tochten fêst, dat Hy it wie, dy’t komme soe om Israel frij te meitsjen. Mar mei dat al is it hjoed al de tredde dei, sûnt dy dingen bard binne. 22Boppedat hawwe inkelde froulju út ús fermidden ús fan ’e wize brocht. Se wienen fan ’e moarn betiid nei it grêf gien 23en doe’t se syn lichem net fine koenen, binne se werom kommen mei in ferhaal dat se in ferskining fan ingels sjoen hienen, dy’t seinen dat Er libbet. 24Doe hawwe guon fan uzen wer nei it grêf ta west. Se troffen alles oan sa’t de froulju sein hienen, mar Himsels seagen se net.
25Doe sei Jezus tsjin harren: O, jimme ûnferstannen! Te sleau om te fertrouwen op alles wat de profeten sein hawwe. 26Moast de Kristus dan net troch dit lijen hinne om yn syn hearlikheid te kommen? 27Doe begûn Er by Mozes, gong alle profeten bylâns en joech harren útlis fan alles wat yn ’e Skriften op Him sloech.
28Wilens wienen se kommen by it doarp dêr’t se hinne soenen, en Jezus die, as soed Er fierderop. 29Mar se hâlden Him tsjin en seinen: Bliuw by ús. It rint al nei de jûn. De dei is om. En Hy gong mei yn ’e hûs en bleau by harren. 30En doe’t Er mei harren by de tafel siet, naam Er it brea, tanke, briek it yn stikken en joech it harren, 31Doe gongen har de eagen iepen en se koenen Him werom. En tagelyk waard Er wei foar har eagen. 32Doe seinen se tsjininoar: Stie ús it hert net yn ’e brân, doe’t Er ûnderweis sa tsjin ús prate en ús de Skriften útlei?
33Mei joegen se har oerein en gongen werom nei Jeruzalem. Se troffen de alve en har meistanners byinoar; 34dy rôpen: De Hear is ferriisd, it is sa, Simon hat Him sjoen. 35Doe fertelden sij ek, wat harren ûnderweis oerkommen wie en hoe’t se Him weromkend hienen oan it brekken fan it brea.
De ferskining oan ’e learlingen
36Hja wienen der noch net oer útpraat, of dêr stie Jezus sels midden tusken har yn. [Hy sei: Frede jimme!] 37Kjel en bang as se waarden, mienden se dat se in geast seagen. 38Mar Hy sei tsjin harren: Wêrom binne jimme sa fan ’e wize en komt der twivel by jim op? 39Sjoch myn hannen en myn fuotten. Ik bin it sels. Betaast My mar en nim My goed op: in geast hat gjin fleis en bien lykas jimme sjogge dat Ik haw. 40Wylst Er dat sei, liet Er har syn hannen en fuotten sjen.
41Doe’t se it lykwols fan blydskip en ferbazing noch net leauwe koenen, sei Er tsjin harren: Hawwe jimme hjir ek wat te iten? 42Se joegen Him in stik brette fisk. 43Hy naam it oan en iet it foar har eagen op.
44Doe sei Er tsjin harren: Mei dizze eigenste wurden haw Ik it jimme sein, doe’t Ik noch by jimme wie: Alles wat oer My beskreaun stiet yn ’e wet fan Mozes, yn ’e profeten en yn ’e psalmen, moat útkomme.
45Doe brocht Er harren ynsjoch by om de Skriften te ferstean. 46Hy sei tsjin harren: Dêr stiet ek, dat de Kristus lije moat en de tredde deis tusken de deaden wei ferrize, 47en dat yn syn namme oan alle folken – te begjinnen yn Jeruzalem – ferkundige wurde moat, dat se har bekeare en dat har sûnden ferjûn wurde. 48Jimme hawwe it allegear meimakke. 49Sjoch, Ik stjoer jimme wat myn Heit tasein hat. Bliuw dêrom yn ’e stêd, oant jimme tarist binne mei krêft fan boppen.
De himelfeart fan Jezus
50Hy brocht harren de stêd út oant by Betanië. Doe stiek Er de hannen omheech en segene harren. 51En wylst Er harren segene, gong Er by harren wei.
52Hja wienen foar Him op ’e knibbels fallen en gongen doe yn grutte blydskip werom nei Jeruzalem 53en se wienen oan-ien-wei yn ’e timpel om God te ferhearlikjen.